Kola

SJOUKJE DE BOER – 

In stevige frou mei in grutte boezem. Tsjinoer har sit in meagere man mei tin hier en holle eagen. Sy nimt it wurd as de servearster freget wat it wêze mei. Sy praat ek foar him. As wied er dat ferleard. Har stim is skel en klinkt troch de romte. Him hearst net. De foarken krasse oer it board as it iten brocht is.

Ik bin út iten mei in freon. Wy sjogge om ús hinne. Steltsjes, troud, tinke wy. It praat tusken de grutte boezem en de holle eagen liket oer. Ferfeeld stoarje se foar harren út. De foarspelberheid dript fan it tafreel. Der is gjin ûntkommen mear oan. ‘De prik is út’e kola.’

In skrikbyld. ‘Freeslik’, sizze wy. Nee, dan leaver frij, en wy nimme noch ien en proaste op ús sels. Want sjoch ús no. Elk wykein leit iepen. Nimmen dy’t seurt of freget hoe let at wy thús komme en dan mei de eagen rôlet as it antwurd net oanstiet. Wy laitsje om ús sels en soms, al pratend, litte wy ús blik glydzje nei de tafel links fan ús.

Dêr, oan dy tafel, dêr’t de iennige fraach dy’t steld wurdt, giet oer it sâlt – oft der wol sâlt oer de ierpels sit. De man mei de holle eagen wol antwurdzje, mar it sâlt wurdt al royaal oer it board struid. Lykas yn de iepen wûne, want sy hat ek neat oan him, galmet it troch de saak.

Hy laket wat, lûkt wat mei de skouders. Pakt har hân en sy bedarret. Hy is it wend, sa liket it. As in sêne, al sa faak repeteard. Hy ken syn rol. En sy ek.

Nei in lêste bierke stappe wy op. Wy splitte de rekken en gean elk in kant op. De nacht yn. Ik rin de trep op fan myn wenning. Doch de ljochten oan. De kachel is út en de kjeld bekrûpt my. Ik lûk de kuolkast iepen. De leechte komt my temjitte.

Ik pak myn mobyl en scan de faakbrûkte nûmers. App mei J. Oft hy ek yn de stêd is. As lêste berjochtsje ik A. En it bliuwt oan alle kanten stil.

De tol fan lekker frij. Ik lit my op ’e bank falle. Ik lis myn hân op ’e leuning, mar nimmen dy’t ’m pakt. De jûn werhellet him en de grap oer de kola sûnderprik priuwt wrang. De stilte is net om oan te hearren. Ik soe der alles foar oerhawwe. No, op dit momint – in goed glês kola, sûnder prik.

 

 

Dizze kollum is earder ferskynd yn ‘de Moanne’ nûmer 1, 2019

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.