Koen Eekma bepleitet gearwurking foar it Frysk: ‘Wy moatte ôf fan de terpestruktuer’

Publisearre op 24 juni 2016

BERT DE JONG –

 

It Frysk is no folle mear fan de minsken
It fundamint foar it Frysk hat nea earder sa goed west as no. “It Frysk is minder elitêr”, seit Koen Eekma, direkteur fan de Afûk. It is oan de Friezen sels om it te ferstean, te praten, te lêzen en ek te skriuwen. Syn Afûk wol helpe by de fierdere emansipaasje.

De Fryske taal moat net allinnich sprutsen wurde, ek it lêzen en skriuwen yn it Frysk binne essinsjeel, sa is optekene yn it nije beliedsplan fan de Afûk foar 2016 oant en mei 2020. “Ast gjin literatuer hast, wat hast dan noch?”, freget direkteur Koen Eekma (64). “In deade taal. Neat om in taal status te jaan, neat om in stik kultuer troch te jaan oan in folgjende generaasje.”

 

“De ekonomyske needsaak is der net, dat is it ferlechje.”

 

De missy fan de Afûk, it stipepunt foar meartaligens en útjouwer fan Fryske learmiddels en boeken mei tritich wurknimmers, is foar de kommende tiid: ferbine en diele. Ek mei it each op Kulturele Haadstêd 2018 giet it Eekma dêrom om kennis en ûnderfiningen te dielen en de ekspertize op it mêd fan meartaligens te fergrutsjen. “It projekt ‘Lân fan Taal’ is it middel by útstek om Fryslân te ferbinen mei de wrâld en de wrâld mei Fryslân.”

De man dy’t 25 jier direkteur is fan de Afûk, sjocht lykwols de beheiningen fan it Frysk yn Fryslân yn fergeliking mei de posysje fan it Katalaansk yn Spanje. “Kataloanië is folle grutter, hat mei Barcelona en oare stêden ek ekonomysk in sterke posysje yn it lân.” Yn de gearwurking sjocht er perspektyf. “Wy wolle taal en meartaligens mear sichtber meitsje.”

 

Trochjaan fan kultuer
It is it trochjaan fan de Fryske taal en kultuer. “Dêryn sit de wichtichste motivaasje foar âlders om mei harren bern Frysk te praten’’, seit Koen Eekma. Hy wit fan de foarbylden fan bern dy’t letter harren heit en mem freegje wêrom oft se net dat stik fan de eigen kultuer meikrigen ha. Hy begrypt it foar in part: “De ekonomyske needsaak is der net, dat is it ferlechje. Dersûnder kinne je je ek goed rêde.”

Eekma wit hoe’t it giet en wit ek hoe’t in oar de Friezen op dy wearden wize kin. Syn soan hat him út Fryslân wei wenjen set yn Utert. Mei in Nederlânsktalige freondinne. Hja prate tsjininoar gjin Frysk, soks is te begripen. As sy tegearre wiene prate er gjin Frysk tsjin harren soantsje, as hy allinnich mei him wie wol. It wie ta fernuvering fan mem. No prate se oan tafel beide talen trochinoar. Hy Frysk, sy Nederlânsk.

 

“Taal yn it ûnderwiis hat de prioriteit dy’t de mienskip der sels oan jout.”

 

“De kwaliteit fan it libben sit ek yn datst it wichtich fynst om dyn eigen taal te brûken”, fynt Eekma. “It is net allinnich dat rekkenjen en de talen Nederlânsk en Ingelsk wichtich binne. Sjochst de feroaring. Der mei wer sjoen wurde nei de ferbining mei de eigen taal en kultuer. Wy wolle yn de breedte wurkje, ek mei kultueredukaasje.”

Der is krityk op it ûnderwiis, it is ek Eekma net ûntgien. Fansels, der binne basisskoallen dy’t de ferplichting fan it jaan fan it Frysk beheine ta in heal oere skoaltelevyzje. Mar der binne ek safolle oare skoallen dy’t gebrûk meitsje fan de moderne learmiddels fan de Afûk. “Wy ha hjir grutte stappen foarútset. Mei it nije digitale lesmateriaal kinne bern op harren eigen nivo wurkje. De kwaliteit is folle heger, it is útnûgjend. It learmiddel helpt de learkrêft, ek dyjinge dy’t it Frysk net goed behearsket.”

“Taal yn it ûnderwiis hat de prioriteit dy’t de mienskip der sels oan jout”, seit Eekma. It binne de minsken dy’t it dwaan moatte. De Afûk-direkteur neamt it fuortset ûnderwiis, dêr’t no troch hiel Fryslân sa’n fjouwertûzen bern Frysk krije. Op it plattelân sawol as yn de stêden. “It wurket troch yn it ûnderwiis, no’t bedriuwen yn ús provinsje konstatearje dat it in mearwearde hat dat harren meiwurkers ek Frysk ferstean en prate kinne.”

 

Douwe Kalma
It Frysk hat as taal in wichtige posysje foar dy eigen kultuer en identiteit. Soks hie Douwe Kalma ek foar eagen, doe’t er him njoggentich jier ferlyn sterk makke foar de oprjochting fan de Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje. Hy hat him bot ynset om it Frysk ûnder de oandacht te bringen troch ek sels in protte yn de Fryske taal te skriuwen. It is mei oan him te tankjen dat der noch altyd safolle Frysk praat en skreaun wurdt.

 

“It Frysk fan de Afûk stie eartiids foar djipfrysk. Dat is no net mear sa.”

 

Mar soe er tefreden wêze oer de risseltaten? Ek foar Eekma in fraach om op te stinnen. “Wy ha it Frysk minder elitêr makke”, is syn oardiel. De taal is folle mear fan de minsken wurden. “It Frysk fan de Afûk stie eartiids foar djipfrysk. Dat is no net mear sa. Der wurdt no ek folle minder yn kampen tocht. It is gjin striid foar of tsjin it Frysk. Yn de emansipaasje fan it Frysk binne grutte stappen set.”

 

Undersyk
Dochs hinget der tonger en wjerljocht boppe it Frysk. De ûndersiker Geert Driessen fan de Universiteit fan Nijmegen hat min nijs oer it brûken fan it Frysk, benammen ûnder de bern. Op it skoalplein en thús oan de keukentafel wurdt troch harren minder Frysk sprutsen as tweintich jier ferlyn. De sifers fan Driessen sprekke: yn 1994 betsjinne 58 prosint fan de heiten en memmen him fan it Frysk, yn 2014 noch mar 35 prosint. It tal bern dat yn’e hûs it Frysk brûkt is sakke fan 48 nei 32 prosint. Bûten de doar fan 44 nei 22 prosint.

“Yn absolute sin giet it Frysk hielendal net sa efterút”, fynt Eekma. Hy siket syn hâldfêst yn de minsken dy’t it Frysk machtich binne en der ek linich mei omgeane. Minsken dy’t it Frysk sprekke, mar ek dyjingen dy’t it lêze en skriuwe. Oars as in heale iuw ferlyn is der op basisskoallen en yn it fuortset ûnderwiis romte foar Frysk yn it ûnderwiis.

 

Op terpen
De needgjalp oer it Frysk makket hiel wat diskusje los. It bringt Eekma tichter by syn doel om de wittenskip noch mear te ferbinen mei de praktyk. “Yn ien of oare sin sitte wy hjir op terpen. Dat kin oars mei in mienskiplik programma foar it Frysk mei de haadrolspilers Fryske Akademy, Afûk, Treseor, Omrop Fryslân en de hegeskoallen foar oplieding fan ûnderwizers. Dêr bin ik in grut foarstanner fan. De provinsje kin dat stjoere troch jild te jaan oan sa’n programma. Wy ha ús wol ferplichte om better gear te wurkjen, mar it is net ôf te twingen. Ik sjoch de ferbettering yn de ôfrûne jierren, mar mei de aparte finansiering fan al dy ynstituten hâldst de terpesktruktuer yn stân.”

 

“Wat wy graach wolle is dat wittenskiplik ûndersyk mear foar de praktyk opsmyt. Dat past by wat yn ús nije beliedsplan stiet: ferbine en diele.”

 

“Eins soest mear ynvestearje moatte yn kwalitatyf ûndersyk”, bepleitet Eekma. Soks soe de Afûk bygelyks mear stjoering jaan yn wat oanbean wurde kin of moat oan learmiddels. “Wy hannelje no op grûn fan wat wy tinke en wat wy beprate en wat wy fernimme yn de praktyk. Wy wolle ús primaat graach staavje mei hurdere gegevens, dat misse wy no.”

It wittenskiplik ûndersyk is foaral rjochte op kwantitatyf, is de bemerking fan Eekma. En ek minder op de taalsociologyske kant. “Ik wit, it is in kwestje fan budzjet, mar ik wol graach witte wat de ynfloed fan it skoalplein is, bygelyks. En at minsken sizze dat it Frysk brûke, hoe dan? En wannear?” It is ek in opdracht oan de Afûk. “It leit ek by ús hear, wy moatte oanjaan wêr’t wy ferlet fan hawwe. De falorisaasje nei de mienskip leit ek by ús.”

It wittenskiplik ûndersyk fan de Fryske Akademy en ek it ûndersyk fan de provinsje nei de steat fan it Frysk wize út dat it mei it Frysk wol minder wurdt, mar net dramatysk. Soks is ek oars as Driessen konkludearret yn syn ûndersyk nei de streektalen en dialekten yn Nederlân. “Al dy ûndersiken ha ús ynsjoch jûn oer it gebrûk fan it Frysk, mar net oer watfoar effekt bygelyks it lesmateriaal hat op it gebrûk fan it Frysk” seit Eekma. “Wat wy graach wolle is dat wittenskiplik ûndersyk mear foar de praktyk opsmyt. Dat past by wat yn ús nij beliedsplan stiet: ferbine en diele.”

 

Sjoch hjir foar it Afûk beliedsplan 2016 – 2020.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels