Kieviten en Plevieren, Ljippen en Wilsters

Publisearre op 22 maart 2013

NYNKE VAN DER ZEE –  Grutte ferhalen oer lytse fûgeltsjes

Mei it ferskinen fan de earste ljippen op in sinnige maitiidsdei is dêr ek syn nije boek. Skriuwer Sake Pieter Roodbergen fan Akkrum hie’t him net moaier winskje kinnen. Wylst de earste eksimplaren parmantich troch de Fryske greide stappe, leit op ‘e keukentafel syn eigen briedsel, wêr’t er hast twa jier oan wurke hat. ‘Kieviten en Plevieren, Ljippen en Wilsters’, krige it boek as titel mei. Gjin ensyklopedy mei sifers of anatomy fan elk eksimplaar, mar in ‘beleefboek’ mei grutte ferhalen fol passy oer somtiden aldermachtichst lytse fûgeltsjes.

It eigenwize tûfke, dy lange tinne poatsjes en syn prachtige kaprioalen yn ‘e loft. Sake strielt as er oer de ljip fertelt. “It is de earste greidefûgel dy’t nei de winter wer yn ús lân komt. De heraut fan it foarjier, dy’t de maitiid meinimt út it suden wei. Mar it moaiste oan de ljip fyn ik syn gedrach yn ‘e loft, it momint wannear’t er oer de wjuk tûmelt. Dan begjint it by my ek te kribeljen. Hup, learzens oan, pet op en de lannen yn.” Hjir sit in fûgelman yn ieren en sinen. In fanatyk aaisiker boppedat, dy’t him 25 jier by it Bûn foar Fryske Fûgelwachten ynset hat foar it behâld fan dizze tradysje. In tradysje dy’t de lêste tiid bot ûnder fjoer leit.

 

“Dit kear ha wy de slach om it aaisykjen wer wûn, mar de oarloch hâldt grif net op”

 

De slach om it aaisykjen
De Floara- en faunawet is sa makke dat ek dit jier de rjochter der oan te pas komme moast om útspraak te dwaan of’t der wol of net aaisocht wurde mocht. De argumentaasje fan tsjinstanners as de Partij voor de Dieren, de bistebeskerming en de Faunabeskerming is Sake in stikel yn ‘e foet. “Litte wy earlik wêze: dy pear aaien dy’t meinaam wurde, dêr krijt sa’n fûgelsoart wier gjin knoei fan. Ynternasjonaal – oant achter de Oeral – telt de populaasje tusken de 5,4 en 8,1 mijoen pearkes neffens de meast resinte sifers. Krekter wit men it net.”

Fansels sjocht Sake ek de sifers, dy’t oanjouwe dat de populaasje yn ús lân stadichoan ôfnimt. “Mar dat komt trochdat de biotoop minder oantreklik wurdt”, fynt er. “Dan giet it om saken as de oanlis fan yndustrygebieten, wenwiken en diken. Net te ferjitten de yntensive lânbou en de tanimmende predaasje troch foksen, mûzebiters en ielreagers. Júst troch de neisoarch fan Fryske aaisikers hawwe wy hjir noch sa’n soad greidefûgels. Elk jier moatte wy opnij fjochtsje foar it rjocht om te aaisykjen. Dit kear ha wy de slach wer wûn, mar de oarloch hâldt grif net op.”

Blik op de folgjende generaasje
Grutsk lit Sake in foto sjen fan ‘e trije pakesizzers, dy’t op kop en earen boppe in ljippenêst hingje. Nijsgjirrich sjogge se nei dat lytse aaike mei syn skutkleuren, dat prachtich ferstoppe yn ‘e greide leit. “Sjoch, hjir giet it my om”, leit Sake út. “Natoerbelibbing by de folgjende generaasje. Om de greidefûgelpopulaasje yn stân te hâlden, moatte wy de jeugd belûke by it libben yn ‘e natoer. Se moatte mei ús op paad, de lannen yn. Sjen en hearre hokker bisten der binne, wat foar soarten planten der groeie. Wannear’t wy bern it aaisykjen net leare, dan smite wy ús eigen glêzen yn. Dat is it ein fan it beskermingsbelied sa’t wy dat yn de rin fan de jierren opset ha. Net it aaisykjen sels, mar it ferbod dêr op koe wolris de strop foar de greidefûgels wurde.”

 

“Net it aaisykjen sels, mar it ferbod koe wolris de strop foar de greidefûgels wurde”

 

Aaisykje mei pake Sake
De foto fan de pakesizzers om  it ljippenêst hinne is fan foarige maitiid. Sake wit noch krekt hoe’t it dy dei gong. “Ik stie by ús dochter op it balkon en koe moai útsjen oer de lannen by It Pikmar. Samar ynienen seach ik dat der in ljip yn in stikje lân in aaike lein hie. Dit is myn kâns, tocht ik. Kinne de bern tegearre mei pake in echt ljipaai fine.” Dus de lytskes de learskes oan en de pet op. Undertusken de sitsjes yn ‘e auto. It duorre efkes, mar doe koenen pake en beppe mei it jongfolk op paad.

“Oankaam by it stikje lân seach ik dat der al in aaisiker yn in kampke fierderop rûn”, fertelt Sake. “En de ongeschreven regel is dat jo net yn itselde stikje lân sykje. Mar gelokkich wist ik noch presys wêr’t it nêst lei, dus wy gau mei it hiele spul oer de hikke. Al stroffeljend oer de greppels yn it lân binne wy dy kant opset. ‘Jongens, no moatte jim al goed sjen’, sei ik tsjin de bern doe’t wy der omtrint wienen. En ja hear dêr lei dat iene aaike. Wat wienen se grutsk dat se it sels fûn hienen. En wy net minder.”

 

“De ljip is sa stadichoan it byldmerk fan Fryslân wurden. Mar der binne sa folle mear prachtige eksimplaren út dizze famylje.”

 


In boek fol emoasje
Wylst Sake oan it wurd is, spat de passy der ôf. Presys dy leafde hat er besocht te fangen yn syn nijste boek ‘Kieviten en Plevieren, Ljippen en Wilsters’. Charadriidae is de deftige Latynske namme foar de fûgelfamylje fan ‘plevierachtigen’. It bekindst yn Fryslân is de ljip, mar ek de wilster is hjir yn ‘e neisimmer en hjerst te sjen. “De ljip is sa stadichoan it byldmerk fan Fryslân wurden. Mar der binne sa folle mear prachtige eksimplaren út dizze famylje. Dy woe ik graach beskriuwe yn in boek. En dan giet it my net om hoe grut se binne of hoe’t de aaikes der útsjogge. Nee, myn doel wie om fan elke soart yn de wrâld – 69 yn totaal – in ferhaal fan in leafhawwer te sammeljen, dy’t yn syn eigen wurden de pracht en de emoasje by it sjen fan dat iene fûgeltsje op papier sette woe.”

Geande wei krige Sake yndrukwekkende ferhalen binnen fan leafhawwers, dy’t op de gekste plakken harren dreamfûgel opsochten. Sa skreau Harvey van Dyk oer syn klim nei fjouwertûzen meter hichte yn it Andesgeberchte om dêr de diadeemplevier te sjen. “Harvey kin prachtich skriuwe oer de reis dy’t er tegearre mei syn oansteande frou makke hat yn Sily. It wie ôfgryslik waar, sa skriuwt er, en krekt doe’t er de moed opjûn hie, sei de gids: “Here it is”. Harvey rûn nei in streamke en seach dêr seis fan dy bistjes. ‘Toen ik ze eindelijk zag, heb ik een kreet geslaakt die tot in Nederland te horen moet zijn geweest’.  Wat in skitterjend ferhaal net?”, laket Sake.

 

“Ljippen, lân en leafde. Miskien hat it wol wat te meitsjen mei romantyk ofsa.”

 

Of wittenskipper Albert Beintema dy’t op it eilân St. Helena op syk gong nei ‘the wirebird’. It fûgeltsje dat syn namme tanket oan syn lange tinne poatsjes. “Albert hat in geweldich ferhaal skreaun oer dit aldermachtigst ûnnoazel lytse fûgeltsje. Begryp my net ferkeard, it is in skattich dinkje hjer. Mar krekt nei sokke leafhawwers wie ik dus op syk. Minsken dy’t der alles foar oer ha om dat iene fûgeltsje te finen. Neam bygelyks ek fotograaf Jan van de Kam út Limboarch, fan wa’t wy in soad foto’s brûke mochten. Sûnder de help fan al dizze meiwurkers fan ferskaat pluimage hie’k it nea opred.”

Ljippen, lân en leafde
It boek oer de fûgelfamylje fan de ljip en de wilster is lykwols net it earste boek wêr’t Sake oan wurke hat. Sa kamen der fan syn hân al tal fan boeken oer greidefûgels en it aaisykjen. Syn lêste publikaasje is it fûgeldetermineerboekje ‘Fûgels’, en yn it ferlingde in Frysktalige gids oer libelles yn Nederlân. “Mar,” seit de skriuwer mei klam, “dit boek oer ljippen en wilsters is oars. Dit wurk is ûntstean út leafde. Jo ferbûn fiele mei it lânskip en de bisten deryn. Ljippen, lân en leafde. Miskien hat it wol wat te meitsjen mei romantyk ofsa”, knypeaget er.

 

Kieviten en Plevieren, Ljippen en Wilsters, Wijdemeer 2013, ISBN 978 90 8185 217 3, €25,00

Oer it boek
It boek 
Kieviten en Plevieren, Ljippen en Wilsters fertelt de ferhalen fan in grut oantal fûgelleafhawwers – amateurs en professionals – dy’t oer de hiele wrâld reizgen, op syk nei ien of mear fan de hast santich soarten ljippen en wilsters dy’t op dizze ierde libje. As it efkes koe, makken hja sels de foto’s. It resultaat is in samling fan avontoerlike, persoanlike, entûsjaste én ynformative ferhalen oant de fierste úthoeken fan de wrâld.

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels