Keukenrôt

Publisearre op 3 februari 2014

Achte hear Van der Snoek,

Rioelsjoernalistyk! Wat sille jim raar guod spuid ha doe’t jim dit ferhaal liezen op de site fan Liwwadders.nl, oer jim útfanhuzerij op Lauswolt. Wylst it bedriuw dat jo liede moatte der alderberoerdst foar stiet. Aldergelokst waard jim ferwar der noch wol by set: dat dit foar jim it bêste plak is omdat de keuken hjir wat langer iepen is. Puer praktysk, dus. Da’s nommel. Mar dochs: it byld dat mei sa’n ferhaal ûntstiet, is negatyf.

En jo wienen krekt sa lekker op stoom. De sanering rint goed, it tempo fan ûntslaggen leit moai heech. De yntegraasje tusken alle redaksjes smyt flink wat efficiency op. It bedriuw wurdt yn rap tempo slanker en fleksibeler makke, klear foar de takomst. En jim ha de boel blykber goed yn de macht, want net in LC-ferslachjouwer doarste it oan en skriuw oer jim tahâlden yn it djoerste resort fan de provinsje.

En dan komt sa’n rôt fan Liwwadders samar eefkes snuffeljen en set jim hiele ferhaal yn in kweade rook. Maklik skoare, sis. Je soenen sa’n scumbag in proses oanspanne moatte, fanwege smaad en laster.

No meitsje ik út jim eigen site op dat jo net folle ûnderfining ha mei mediabedriuwen, dus miskien kin ik jo in advys jaan: hjir moatte jim gau in posityf ferhaal tsjinoer stelle. Fertel hoe moai jim bedriuw noch altyd is, troch al dy stoarmen hinne. Oer dy jonge talinten dy’t sa passyfol mei harren krantefak oan’e gong binne, ek al ha se gjin foarútsjoch mear op in kreas arbeidskontrakt. Jim ha der fan’t jier in soad útskopt, mar der sil fêst noch wol ien te finen wêze dy’t as startend ZZP-er foar in pûde fiterdrop noch altyd foar de krante skriuwt.

Of oer it belang fan dy sjoernalistike mastodonten yn de maatskippij, lykas Asing Walthaus (Ja, moaie namme hè. Dat is dy man mei dy koarte kroltsjes en dat briltsje, en soms in huodsje), Jantien de Boer (Ja wier, in frou! Skriuwt geregeld yndringende ferhalen oer de achterkant fan dy wrâld dêr’t súksesfolle sakelju jûns wolris klant binne. Oppasse dus!) of Pieter de Groot (Dat is dy man mei dy snor dy’t yn de freedsbylage yn dat nuvere taaltsje skriuwt). Harren emailadressen stean faak ûnder de columns, dus dy moatte jim wol fine kinne.

Stik foar stik goeie sjoernalisten, en jim ha der noch folle mear yn hûs. Earlik wier. Serieuze, betûfte ferslachjouwers, dy’t net allinnich wat parseberjochten copy-paste, mar kritysk sjogge yn de keuken fan in bedriuw, yn de keuken fan de polityk, it bestjoer, de sport, de kultuer. En dêr wurde dy keukens better fan, as se witte dat se troch kundige minsken kontrolearre wurde. En as de keuken goed is krijt ús maatskippij better iten optsjinne. Wurde we dus allegear better fan. Moai businessmodel, liket my.

Mar jim eigen keuken, hoe liket it dêrmei? Der binne hieltyd minder klanten dy’t jim iten hoege. Dat kin oan it iten lizze, of oan de priis, of omdat de smaak fan minsken feroaret, of omdat it tiid wurdt foar kompleet nije konsepten. Knap lestige fragen. Allinnich topkoks hawwe hjir miskien in antwurd op. Betûfte, kreative, fisjonêre lju dy’t dei en nacht fjochtsje foar har saak. Dy’t net allinnich dom sanearje, mar alle war dogge om in klimaat te skeppen dêr’t de bêste nije ideeën yn ûntstean kinne en dy’t alle ekspertize fan eigen fakminsken oanboarje en ynsette.

Dat soenen jim ek dwaan kinne. Miskien ha jo wolris sjoen dat jim op de earste ferdjipping sa’n grutte seal mei bureaus ha, dêr’t safolle FTE’s omspane. Se rinne der miskien wat snústerich by en binne wat minder opportunistysk (of sa’t jim sels altyd sizze: optimistysk) as jim slach, mar it binne gjin ferkearde minsken. En se ha hert foar de saak. Wurkje faak ta de nacht út. Sjoch mar nei al dy pizzadoazen yn it jiskefet. Sa ite sy. Goedkeap, tusken it wurk troch.

Mar jim sitte dus leaver yn de keuken fan Lauswolt. Ik kin it mis ha, mar neffens my hat immen dy’t himsels by in oar folfret yn syn eigen keuken gjin honger mear. Dy sil noait mei de bêste ideeën komme om de boel foarút te helpen. Dan wurdt it bedriuw fretten foar de keukenrôten. En wurdt it by Liwwadders.nl noch makliker skoaren.

Bart Kingma

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]