Keukenprins

KAREN BIES – 

Om M. hoecht it net. Hy is de keukenprins, makket alle dagen it iten klear en seit dat it yn in nije keuken écht net lekkerder wurdt. Mar ik ha myn nocht fan it âlde lytse oanrjochtje fol smoarge boarden. Wy binne de lêste minsken yn Nederlân dy’t noch mei de hân ôfwaskje. No litte wy dat meastal troch ús bern dwaan, ûnder it mom fan ’tiid foar in goed gesprek’, mar dêr traapje se net mear yn. Dus moat der in ôfwaskmasine komme. En ek in nije wazemkap, want it rûkt by ús altyd nei Yndysk, Italiaansk, bakte sipels, rjappels en fisk. Hearlik toch, sizze jo. Ja, dat sei ik earst ek, mar ik bin no fjirtjin jier fierder en ik wol dus in nije keuken.

 

De keukenman hie it oer funksjonaliteit, harmony en ‘de kracht van een keuken’.

 

Omdat M. ek de beroerdste net is, gongen wy mei syn twaën nei in keukenwinkel yn Grins. Ta ynspiraasje, hie’k sein. Wy rûnen lâns grutte, glêde kasten mei skjinne oanrjochten. Hjir en dêr stie in skaal mei kokosnuten, hong in plankje mei tsien flessen oliifoalje. Fierders wie it stil, leech en dea, earder deprimearjend as ynspirearjend. Ien kear tocht ik: ‘Ja, dát fyn ik leuk!’ Der stiene pannen op it fjoer en blomde kofjekopkes klear. Mar nee, dat wie de personielskeuken, fertelde de ferkeaper dy’t ús der hastich útjage. Doe krigen we kofje fansels. En sieten we samar ‘geheel vrijblijvend’ mei in stik papier en in liniaal oan tafel.

De keukenman hie it oer funksjonaliteit, harmony en ‘de kracht van een keuken’. Ik doarde M. net oan te sjen, ommers by ús thús ‘de kracht fan de keuken’. Dy sei noch hyltyd neat. Ik begûn mar gau oer de wazemkap en de ôfwaskmasine. Dat wist ik teminsten seker, foar de rest wist ik noch niks. Wie dit eins wol sa’n goed idee? Soe in nije keuken my lokkich meitsje, of soe yndie alles gewoan itselde smeitsje?

Yntusken hie ik allang sjoen dat wy foar de priis fan sa’n keuken de kommende fjirtjin jier alle wiken út iten koene. Doe’t de man op ‘e nij kofje foar ús helle flústere ik tsjin M.: ‘Sis do no aanst ek ris wat! Dy man kin wol tinke datst der net by hearst.’ De ferkeaper sette ‘m wer oan ‘e tafel en tekene frijbliuwend fierder. Oer de ekstra brede oven sei M.: ‘Handig, daar kunnen dus wel vijf diepvriespizza’s tegelijk in!’ Oer de planning: ‘Hoe lang zitten we eigenlijk in de rommel, denkt u?’ En doe’t we de kofje op hiene: ‘Hebben jullie hier ook een toilet?’ De keukenman seach om him hinne, as soe er ús serieus nei de sanitêr-ôfdieling stjoere.

Ynspiraasje hat by my altyd in soad tiid nedich, earst dus mar wer nei hûs. Ik struts yn it foarbygean mei myn hân oer it sêfte blêd fan sa’n superkeuken mei ergonomyske komfortzônes – en ik skrok even. Dêr, yn de blinkende spielbak, siet in spin. Sa’n grutte brunen-ien, mei knûkelige poaten. Aaklik en fertroud, krekt as thús, ast fan fakânsje weromkomst.

Comments
Ien reaksje oan “Keukenprins”
  1. yj schreef:

    Ien ding is wis; oer de ynstallaasje perikelen fan in nije keuken kinst nog moannen skriuwe, derby falle de kosten folslein yn it wetter.

    Moai stikje!
    Groetnis, ymte.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.