Kettingreaksje: Rixt Bottema

RIXT BOTTEMA – 

Meiwurkers fan Tryater stelle inoar fragen oer wurksumheden by Tryater. Dizze kear beantwurdet Rixt Bottema in fraach fan Jan Ros.

Jan Ros stelde de folgjende fraach oan Rixt Bottema: ‘By in protte dingen dy’t by in teaterbedriuw as Tryater barre stiest net stil, mar se binne wol hiel belangryk. Kinsto my útlizze wat it plannen fan in toernee ynhâldt en wêr’t de útdagings/swierrichheden lizze? En hoe wichtich is it foar dy datst belutsen bist by de foarstelling dêr’st dit foar dochst?’

By it plannen fan in toernee moatst mei in oantal saken rekken hâlde. Dit binne bygelyks: it soart foarstelling, de sprieding troch de provinsje, de potinsjele publykskapasiteit en de winsken fan de seal dy’t de foarstelling oanfrege hat.

Wy wolle graach op sa folle mooglik plakken yn Fryslân spylje mar somtiden lizze dy plakken wol ticht by elkoar. By de planning moatst der dan rekken mei hâlde dat der bygelyks yn de plakken ticht by elkoar net yn deselde wike spile wurdt mar dat dêr in pear wike tusken sit. It kin ek wêze dat der net genôch potinsjeel publyk is om yn beide plakken te spyljen en dat we kieze om it iene seizoen yn it iene plak en it oare seizoen yn it oare plak te spyljen.

Fierder binne der yn de doarpsealen faak in protte oare aktiviteiten dêr’t rekken mei hâlden wurde moat yn de planning, lykas útfieringen fan it doarpstoaniel, merke en oare kulturele aktiviteiten.

Uteinliks is it doel in spyllist te krijen fan sa ‘n 10 wiken, mei eltse wike fjouwer of fiif foarstellingen, mei in goede sprieding en dêrby sa folle mooglik rekken hâldend mei de data dy’t troch de teaters en doarpssealen oanfrege binne! In hiele puzzel dus.

Fansels is it dêrby wichtich om belutsen te wêzen by de foarstelling dêr’st de planning foar dochst. Wêr giet de foarstelling oer en wat foar soart foarstelling is it? Hoe mear ast der sels fan witst, hoe better ast dit oerbringe kinst oan de organisaasjes fan de skouboargen en doarpssealen.

Yn de folgjende kettingreaksje beantwurdet Tineke Fopma dizze fraach fan Rixt Bottema: ‘Tryater hat yn de 50 jier fan har bestean in hiele protte foarstellingen makke. Do wurkest al 33 jier by Tryater en hast dus al in hiele protte foarstellingen meimakke. Hokker foarstelling springt der foar dy út en wêrom?’

 

 

Dit artikel is skreaun ta eare fan it 50 jierich jubileum fan Tryater en komt út de spesjale útjefte fan de Moanne: Tryater 50 jierde Moanne sjocht nei Tryater fan hjoed-de-dei. Hoe wurdt it selsskip skerp holden? Wat binne de driuwen en oanfiterjende dreamen dy’t binnen dit selsskip libje? Dizze Tryater-special is ferstjoerd nei alle abonnees fan de Moanne en de Freonen fan Tryater.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.