Kettingreaksje: Jan Ros

Publisearre op 18 maart 2015

TRYATER – 

Meiwurkers fan Tryater stelle inoar fragen oer wurksumheden by Tryater. Dizze kear beantwurdet Jan Ros in fraach fan An de Wrede. Sy frege: ‘Jan, do hast De IIsfoarstin foarmjûn, no bouwe wy oan dyn ûntwerp foar Brekber yn Keramiekmuseum Princessehof. It binne yn myn eagen twa útersten kwa foarmjouwing. Is dêr in parallel oan te wizen?’

De IIsfoarstin en Brekber lykje in earste ynstânsje twa utersten kwa foarmjouwing. De IIsfoarstin is grut,in protte, monumintaal. Brekber is lyts, yntym, ienfâldich. Dochs binne der wat my oanbelanget ek in protte oerienkomsten. Yn beide gefallen is der in dúdlik útgongspunt kwa lokaasje(s). Dizze lokaasjes binne yn beide gefallen (fansels tegearre mei de ynhâld fan it stik) bepalend foar de foarmjouwing. Yn tsjinstelling ta In Leafde dy’t ik tusken dizze twa produksjes foarmjûn ha en wêr’t it stik just op in protte plakken spile waard. Dit freget ek om in oare oanpak.

De IIsfoarsin en Brekber hoege net te reizgjen en jouwe my de mooglikheid om hiel spesifyk in ûntwerp te meitsjen foar de lokaasjes. By de IIsfoarstin makken alle plakken diel út fan it totaalbyld en joegen de sênes in eigen sfear mei. In plein mei it museum, it park mei it wetter, de tsjerke as simmerpaleis, de Harmonie as it paleis fan de IIsfoarstin. Grutte lokaasjes dêr’t it publyk mei klam in hiel oar plak hie yn it gehiel en der ek diel fan út makke, al wie it mar troch it kuieren fan plak nei plak.

Brekber is ek in spesifyk úntwerp foar de souderseal fan Keramiekmuseum Princessehof. De souder hat sels al in yntyme, hast hûslike sfear. De foarm fan de haadopstelling is lang en folgt de foarm fan de romte. It publyk sit er yn 1 rige hielendal omhinne en sit letterlik hiel ticht op ‘e foarstelling. It publyk makket hjir einliks diel út fan de foarstelling en dat jout in yntyme sfear dy’t kloppet mei de ynhâld fan de foarstelling. Koartom, de uterlike foarm fan beide produksjes is hiel ferskillend, mar der bin ek dúdlike parallellen.

 

Yn de folgjende kettingreaksje beantwurdet Rixt Bottema dizze fraach fan Jan Ros: ‘By in protte dingen dy’t by in teaterbedriuw as Tryater barre stiest net stil, mar se binne wol hiel belangryk. Kinsto my útlizze wat it plannen fan in toernee ynhâldt en wêr’t de útdagings/swierrichheden lizze? En hoe belangryk is it foar dy datst belutsen bist by de foarsteling wêr’st dit foar dochst?’

Dit artikel is skreaun ta eare fan it 50 jierich jubileum fan Tryater en komt út de spesjale útjefte fan de Moanne: Tryater 50 jierde Moanne sjocht nei Tryater fan hjoed-de-dei. Hoe wurdt it selsskip skerp holden? Wat binne de driuwen en oanfiterjende dreamen dy’t binnen dit selsskip libje? Dizze Tryater-special is ferstjoerd nei alle abonnees fan de Moanne en de Freonen fan Tryater.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]