• 5 november 2014

    FROUKJE SIJTSMA -  Film ‘Heit’ yn premjêre op NFF In jier hat Piter Hettinga (1989) dwaande west mei it meitsjen fan in dokumintêre oer syn ferneamde heit, de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga. It wie in dreech en emosjoneel ôfstudearprojekt, dat him tagelikertiid bot helpt mei de rouferwurking fan syn beide âlden. Freed 7 novimber giet de dokumintêre ‘Heit’, oer de syktocht nei syn heit Tsjêbbe, [...]

  • 27 oktober 2014

    FROUKJE SIJTSMA -  Skriuwers út it hiele lân joegen gehoar oan de oprop fan de Ljouwerter histoaryske feriening Aed Levwerd om sels ferhalen te betinken by histoaryske gevelstiennen, muorrereklames of opskriften, dy’t yn de binnenstêd te finen binne. De fyftjin meast bysûndere ferhalen fan de yn totaal 52 ynstjoerde ferhalen binne bondele yn it boekje ‘Wat je Saeye, wat je maeye’. Snein 26 oktober wie de [...]

  • 7 oktober 2014

    MONIQUE FLINKER -  Skriuwe is in ûnsichtber fak, fynt Floortje Schoevaart (38). Of net? De Amsterdamse tekstskriuwster dy’t sûnt koarten yn Waskemar wennet, wûn dit jier de Willem Wilminkpriis. It berneliet ‘Op de markt’ fan Schoevaart koe op de measte wurdearring rekkenje fan de sjuery. Dy wie entûsjast oer de ferskate emoasjes dy’t it liet – skreaun foar in ôflevering fan Sesamstraat – behannelet. Schoevaart [...]

  • 30 september 2014

    SITO WIJNGAARDEN -  Museummeiwurker en publisist Susan van den Berg docht op dit stuit ûndersyk nei it libben en wurk fan keunstskilder Sjoerd de Vries. It doel is om yn 2016, it jier wêryn’t de yn Aldehaske berne keunstner 75 jier wurde sil, in grutte oersjochtentoanstelling fan syn wurk te meitsjen yn Museum Belvédère. ‘Lijdend voorwerp’ Fan de rûchwei tolvehûndert wurken fan De Vries is [...]

  • 13 augustus 2014

    REMCO DE VRIES -  Jaap Krol komt as ienichste fan de dielnimmende dichters en skriuwers mei in eigen auto en in eigen reinbroek. It waait behoarlik hurd en de Sleattemer Mar hat in reputaasje wier te meitsjen as in mar dêr't je dat goed fernimme. Marrekritefrijwilliger en skipper Sjoerd Groen hat syn reade sylpak al oanlutsen foardat hy yn Wâldsein syn sloep yn stapt. Groen [...]

  • 12 augustus 2014

    MARRIT DE SCHIFFART -  ‘Andere Tijden’, ‘In Europa’, ‘Na de bevrijding’, ‘Ramses’, ‘Het Koninkrijk’ en ‘Land van aankomst’, televyzjesjoggend Nederlân wurdt de lêste jierren bedoarn mei moaie histoaryske searjes. Hieltyd wer stiet dy iene namme yn de ôftiteling: Gerard Nijssen. De yn Feanwâlden berne Amsterdammer is byldresearcher en reizget stêd en lân ôf foar argyfbylden. Dêrmei skreau er al ferskate primeurs op syn namme. Sa [...]

  • 6 augustus 2014

    DIRK VAN GINKEL -  Fred Pollack (1943) exposeerde onlangs bij Galerie Hoogenbosch in Gorredijk, nu hangt er werk van hem bij de groepsexpositie NOK in Beetsterzwaag. Terwijl zijn werk reist, revalideert Pollack in Groningen. En hij schildert niet maar schrijft. Over zijn verleden, zijn remmingen en stremmingen, zijn drijfveren, zijn creativiteit. ‘De mooist denkbare schilderservaring is dat je jezelf verrast: “Heb ik dat gemaakt?”.’ Terwijl [...]

  • 5 augustus 2014

    REMCO DE VRIES -  It hûs fan Elmar Kuiper sit fol. Fol mei bern. Net ien of twa, mar echt in hiel soad. En oan ’e muorre hingje tekeningen. Tekeningen dy’t troch bern makke binne. ‘Wiene dat allegearre dyn bern?’, freegje ik him letter wat skruten. ‘Nee, der wiene ek bern út it doarp by. Wy ha der fjouwer’, seit hy yn in greide oan [...]

  • 4 augustus 2014

    FROUKJE SIJTSMA -  ‘In bus is in bysûnder objekt’, raast Folkert Wesseling yn syn rol as bussjauffeur troch de oldtimerbus hinne. Sa’n tweintich minsken hawwe harren sammele foar de teaterbustoer, dy’t by it Nasjonaal Iepenbier Ferfier Museum yn Ousterhaule begjint. ‘In bus rydt krekt wat oars as in auto, fyts of trein’, giet de jonge teatermakker fierder. ‘En om rare situaasjes foar te kommen by [...]