Kranteberjocht as boarne foar muzykteater

ELSKE SCHOTANUS –  

Lost in the greenhouse, it muzykteaterstik dat tongersdei 19 april yn de kassen fan Seisbierrum yn premjêre gie, is ien fan de foarstellingen dy’t yn it ramt fan LF2018 brocht wurde. It ferhaal is basearre op in kranteberjocht oer in Poalske tomateplokker dy’t, 23 jier noch mar, yn de omkriten fan de kassekompleksen yn Seisbierrum, yn in sleat fûn waard: ferdronken. Op grûn dêrfan is in stik brocht dat in aktueel ûnderwerp oansnijt, nammentlik arbeidsmigraasje.

 

Der is beweech, der is dûns en it ferhaal mei dan syn dramatyske kanten ha, der sit de nedige humor yn.

 

Wojtek Abramek wie de namme fan de man  dy’t yn 2013 fûn waard en hy wurke net yn de kassen, mar pakte skulpdieren yn. In pear moanne nei syn dea skreau Irene Overduin in reportaazje oer de achtergrûn (LC, 19-04-2014). Wojtek, yn Lost in the greenhouse, is de namme fan de Poalske arbeider dy’t yn de kassen wurket en sljocht is op Klaske, de dochter fan syn wurkjouwer. Sy is al like sljocht op him, in leafdesskiednis dy’t útrint op in drama. As Klaske út syn eachweid ferdwynt, set Wojtek it op in sûpen. Straalbesopen rekket er op in jûn it paad bjuster en ferdrinkt.

Tal fan eleminten yn it stik, lykas de opbloeiende leafde tusken him en Klaske, ha neat te krijen mei de Wojtek dy’t echt ferdronk. Oare sitte tichtby it ‘wiere’ ferhaal sa’t dat fjouwer jier ferlyn yn ’e krante stie. Sa komt yn it stik de útspraak ‘Poalen is gjin lân foar jonge minsken’ foar: streekrjocht oernaam fan Wojtek syn broer. Lykas yn it stik wie Wojtek grafysk ûntwerper. Hie er thús in freondinne. Dronk er tefolle op de jûn fan syn hinnegean…

Neffens de krante reagearren syn neisten nochal koel op de útnûging om de útfiering by te wenjen. Respektleas neamden sy it en bleaune thús. Mar goed ek: sy hiene net allinne in pyntere, fleurige hurdwurkjende Wojtek sjoen, in jonge mei in dichterlike ynslach, mar ek harren oer it poadium swalkjende leaf, soan en broer, de straalbesopen jongkeardel mei de namme Wojtek. Se hienen hím fersûpen sjoen, harsels yn harren fertriet as de kiste mei it lyk yn Poalen oankomt.

It is dus mar de fraach oftst ien syn namme en gegevens út syn libbensferhaal dat útrint op in tryste dea samar brûke kinst. Dy fraach is net in juridyske, folle mear is it in etyske kwestje.

Tagelyk binne der fansels ek oare ynfalshoeken om nei Lost in the greenhouse te sjen. Sa ha de makkers, Geert Lageveen en Titus Tiel Groenestege fan it muzykteaterselskop Orkater, har behoarlik ferdjippe yn de problematyk fan arbeidsmigraasje. Wat it betsjut foar de minsken dy’t hjir komme: de âlden út ’e skulden helpe, in bern achterlitte, ferwachtsje mei it fertsjinne jild yn eigen lân in hûs sette te kinnen, de langst om werom, bûtensteander bliuwe en ja, bûtensteanders wurde betiden misledige en as lytse bern behannele. It sit der allegear yn.

Wat harren komst betsjut foar de wurknimmers hjir likegoed. Sy fiele har op har wurkplak net langer thús: der is in taalprobleem, der binne amper ûnderlinge kontakten en klaverjasse kinne de Poalen al hielendal net. Der is it ekonomyske aspekt: Poalen komme nei Nederlân, want sy wurkje hurd en binne, as it om de leanen giet, ferhâldingsgewiis goedkeap. Sa bliuwe de grienten, sa’t wy dy yn de supermerk keapje, betelber. En it is ek nochris in ynternasjonale kwestje: Oekraïners gean nei Poalen, Wyt-Russen nei de Oekraïne en gean sa mar troch. Allegear hoopje sy it mei it earne oars fertsjinne jild letter, werom yn har heitelân, better te krijen. En sa kweke wy mei ús allen net allinne tomaten, mar ek minsken dy’t har dreamen achternei reizgje om derachter te kommen dat dy, sels mei in goed ferstân, in hege opleiding en de reewilligens om byneed as plokker – of húskepotskjinmakker – keihurd te wurkjen, net ferfolle wurde sille.

De túnbousektor komt der, mei Freek Buitenweg (Leopold Witte) as de man dy’t syn wurknimmers tempo meitsje lit en syn ‘arbeider van de week’ mei in flesse wyn beleannet, net hiel bêst foarwei. Hast fêst ek oaren, want it is de firma A.C. Hartman dy’t syn kassen beskikber stelt as spyllokaasje. En wat in geweldige lokaasje op it meast ljochte plak fan it lân. Al dat glês, de himel mei har fleantúchstreken derboppe, de triedden dêr’t de tomateplanten lâns laat wurde, alles wurket mei oan krekt dy sfear dy’t by krekt dit stik past. Tusken de rigen planten komme de spilers op.

Der binne de musisy dy’t ferskate sjenres behearskje: it sakrale fan in prosesje yn it katolike Poalen, jazz, East-Europeeske folksmuzyk… Der binne de heldere sjongstimmen fan Danuta (Angelika Kurowska) en Klaske (Maartje van de Wetering) yn in Poalsk-Nederlânsk duet. It fleurige ‘Wat bisto leaflik’, de weemoed sa’t dy te priuwen is yn Poalske lietteksten. En binne benammen klarinet en akkordeon net by útstek de ynstruminten fan weemoed en langst? Der is beweech, der is dûns en it ferhaal mei dan syn dramatyske kanten ha, der sit de nedige humor yn. Amateurs en de harmony fan Frjentsjer spylje ek in rol en sels it publyk docht mei: as de besikers fan in iepen dei oan de kassen, dêr’t se in kâlde tomatesop priuwe kinne. De fiifde stjer dy’t mist yn de LC-resinsje krijt it stik der by dizzen by.

 

 

Lost in the Greenhouse wurdt noch oant en mei 27 maaie 2018 opfierd yn Seisbierrum. Alle foarstellingen binne útferkocht.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.