Froulju fleane net út eigen finzenis

RYNK BOSMA

Je kinne yn dit libben noch sa fier fleane, altiten nimme je it eigen libben mei. Yn in tiid dat ôfstannen beheind binne ta inkele oeren of dagen jouwe dy reizen dochs in gefoel fan frijheid. By de fjouwer freondinnen yn de foarstelling Opstigings is dat net oars. Dit kear giet de reis nei Baly en, útsein Australië en Tasmanië miskien, fierder fan hûs kinne je eins net komme. Yn it selskip fan in folle seal yn doarpshûs de Einekoer yn Ryptsjerk reizgje ‘Kwik Kwek en Kwak’ yn it fleantúch dy kant út. Dy trije nammen binne de skûlnammen fan trije fan de fjouwer froulju want ien, Sas, hat wat in dûbele boekhâlding troch as ‘vlogger’ in deiboek by te hâlden.

 

De toan wurdt al set as it selskip yn it fleantúch giet, de ivich breidzjende Marieke sit al puffend te oefenjen tsjin har fleaneangst.

 

Fansels is it ferskynsel ‘opstigings’ de reade tried yn it luchtige ferhaal en it is wat nuver dat ien dy’t nea witte sil wat dat krekt ynhâldt der oer skriuwe moat. Wichtich is dat net trouwens want it is net mear as in lestige beheining yn it libben fan de froulju dy’t allegearre hiel oars yn elkoar stekke. Sa besiket ien yn dy tsien dagen op it eilân de swierrichheden fan it libben te bestriden mei joga en hat de Balineeske god fan de wiisheid Ganesh adopteard as tydlike liedsman.

De toan wurdt al set as it selskip yn it fleantúch giet, de ivich breidzjende Marieke sit al puffend te oefenjen tsjin har fleaneangst, ‘Is de twaling der al hast út?’ sa wurdt har frege. De ‘glamour’ dame Lidia freget har ôf wat it oare klimaat dwaan sil mei har keunstmjittige fysike oanpassingen: ‘Ik wol der aansens net mei in kop as in raande plestikpûde omrinne’. De foarstelling sit fol mei dit soarte fan grappige, foaral skerpe opmerkingen en de krêft sit dan ek yn dy messkerpe dialooch.

Dêr tuskentroch komme de opstigings om ‘e hoeke sjen as wiene it kakkerlakken. Je kinne der eins neat oan dwaan en je sjogge se net oankommen. Wat dat oanbelanget is it nûmer ‘Do en ik’ fan Lidia dy’t as Gloria Evans in artystelibben hat ien fan de hichtepunten. Tidens it sjongen komme de opstigings en dat wurdt prachtich brocht.

Mar hoe fier je ek fleane, it eigen libben wurdt as rêchsek meitôge, ‘It is in echte fint, wol plaatsjes gjin wurden’ sa wurdt der op in stuit mei wat galle sein. De mannen thús komme der net bêst ôf, de ien sit efter in ‘jong hintsje’ oan, de oar is as it behang sa saai. Lydia twifelt oer it oanbod om yn de Playboy op de foto. Der wurdt besocht om efkes oars yn it libben te stean, Marieke is in pear dagen fan it breidzjen ôf, de oaren binne oan it fiskjen yn de fiver mei jongere mannen. Mar it bliuwt allegearre stykjen yn ûnmacht en opstigings.

Wa’t oare foarstellingen sjoen hat fan Sterke Froulju, sil ferrast wêze troch dizze foarstelling. Der wurdt mei ynmoed songen en dat is dochs wol knap en moedich want de fjouwer binne gjin sjongers. Mar se ha wol de moed om it te dwaan wylst it ek moedich is om no ris wat ‘luchtigs’ te bringen. De problemen fan it eigen húslike libben fan de froulju binne yn de foarstelling net mear as in kapstôk wêr’t in luchtich ferhaal oan hinget mei izersterke, grappige dialogen. En dêr heart in goede ôfrin by sadat de besikers krije wat se ha wolle, in jûne fuort sûnder dat it leadswier wurdt.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.