• 20 februari 2017

    SJOERD BOTTEMA -  Erik of het klein insectenboek is it bekendste boek fan Godfried Bomans (1913-1971). It ferskynde yn 1941 en yn 2013 kaam de 60e printinge út. Yn totaal binne der yn Nederlân mear as 900.000 eksimplaren fan ferkocht. It giet oer Erik Pinksterblom, in jonkje dat himsels op in stuit weromfynt yn it skilderij dat boppe syn bêd hinget: Wolwiid, dêr’t allerhande ynsekten [...]

  • 16 februari 2017

    SJOERD BOTTEMA -  Op it omslach in foto fan de skriuwer as jonkje fan in jier as sân. Knibbelhoazzen, heech en net hielendal rjocht oplutsen knûkelige koarte broek mei galgen, in breiden pulloverke en yn kontrast mei dy wat suterige koarte broek in wyt besgroentsje mei strik. “Hy stiet op 'e startline,” sa bekommentariearret de skriuwer op de earste side fan it boek it portret, “de [...]

  • 14 februari 2017

    SIGRID KINGMA -  Yn maaie 2016 kaam fan teolooch Wytze Brandsma de dichtbondel God is het antwoord niet/God is it antwurd net út. Op it kaft stiet in foto dy’t net misstean soe op in fytsgids fan Fryslân; weidzjende kij ûnder in licht bewolke loft. Yn dit boekje dat fjirtich twatalige gedichten telt, fertolket Brandsma syn fisy oer it leauwen yn dichtfoarm. De bibel wurdt [...]

  • 26 januari 2017

    JAAP KROL -  ‘Soene jo witte wolle hoe’t ik tink dat it libben fan Ferenc Hacha ferinne sil?’ As skriuwster Lin Berg foar Picasso’s Guernica yn Madrid stiet, sjocht se him, de man dy’t se siket. Oer him: ‘It wie syn hâlding, de opfallende yntinsivens dy’t my ek de earste kear al rekke.’ Hy is de man dy’t de Tsjechyske kommunist en Joad Ferenc Hacha [...]

  • 24 januari 2017

    ELSKE SCHOTANUS -  Dit is een recensie. Of het is er geen, want even verderop gebruik ik het woordje ‘ik’ en dat is ongebruikelijk in een recensie. De titel – 27 januari in Stadsschouwburg de Harmonie – is al even ongebruikelijk. Dat zit zo: 20 januari, in de Lawei in Drachten, zag ik De vlucht van een granaatappel van theater Rast. Het was tijdens het [...]

  • 17 januari 2017

    Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma yn it programma ‘Op en út’ fan Omrop Fryslân: Meindert Bylsma, 'En dêr marsjear ik hinne'. Elikser, Ljouwert 2016. www.elikser.nl Dimitri Verhulst, 'Spoo dee doo'. Atlas Contact, Amsterdam / Antwerpen, 2016. www.atlascontact.nl Joseph Roth, 'Joden op drift'. Vertaald door Els Snick. Voorwoord Geert Mak. Bas Lubberhuizen, Amsterdam 2016. www.lubberhuizen.nl    

  • 11 januari 2017

    TJITSKE VAN DIJK -  Spannend, dat is it. In boek dat ik goed kin en dat ik geregeld foarlêzen ha oan de klassen dêr’t ik foar stien ha. Welke juf net? En dan no yn it Frysk? As it mar net ôffalt … Gau-gau sjoch ik foaryn nei de list mei persoanen dy’t foarkomme yn it boek. Gelokkich: Sofie hjit noch altyd Sofie. En ik [...]

  • 21 december 2016

    JOSSE DE HAAN -    I ILLUMINATIONS ‘Dy moarns betiid wie ik noch lang net útrêst fan ’t bêd gongen yn it hûs dat myn âldelju foar fakânsje hierd hiene yn Hendaye. Ik wie nei it strân rûn, dat om acht oere noch útstoarn wie, in griis strân ûnder de Baskyske wolken dy’t leech en ticht op elkoar as in eskader bommesmiters oer de see [...]

  • 15 december 2016

    GERBEN DE VRIES -  It oerkomt my oars net sa faak, dat ik in skiednisboek net útkrije kin. Je besykje it nei in pear wiken nochrris, litte it in skoftke lizze en geane dan op 'e nij oan 'e slach, om in jier letter te fernimmen dat it boek noch altyd op de steapel noch út te lezen boeken leit. Frustrearjend. Dat oerkaam my foarrich jier [...]