Finzen yn it Politburo

JAAP KROL – 

‘Soene jo witte wolle hoe’t ik tink dat it libben fan Ferenc Hacha ferinne sil?’ As skriuwster Lin Berg foar Picasso’s Guernica yn Madrid stiet, sjocht se him, de man dy’t se siket. Oer him: ‘It wie syn hâlding, de opfallende yntinsivens dy’t my ek de earste kear al rekke.’ Hy is de man dy’t de Tsjechyske kommunist en Joad Ferenc Hacha by har opropt. Hy wurdt de man oan wa’t se de fuortgong fan it te skriuwen boek foarlizze sil.

 

De sober formulearre sinnen sirkelje stadich om it geheim en litte sjen dat it meitsjen fan in kar it dreechste is yn in minskelibben. Jan Palach die it en waard ûnstjerlik, Ferenc Hacha die it net en waard ús eigen spegelbyld.

 

Berne yn Dresden as Joseph Schlesinger moast dizze Hacha yn 1937 mei syn famylje flechtsje foar it nazi-geweld. Nei de oarloch – dy’t foar Hacha min of mear ynlieden wurdt troch in perfekte skoalletiid en ‘ûngewoane opwining’ mei Rachel, koartsein: nettsjinsteande de drege omstannichheden ek in soart fan hearlike jeugd – slút er him oan by de kommunisten, om’t er it ûntkennen fan in ideaal nei sa’n wrede oarloch eins net fertarje kin.

In krusjale fout, sa docht bliken. Hacha makket selfs karriêre yn ’e partij en skopt it ta lid fan it Politburo nas ien fan de achttjin. De yngewikkelde en logge struktuer fan dit orgaan sil der altyd foar wake dat er ynfloed hat. Allinnich de echte machthawwers fan ’e partij sjitte mei skerp. It fergrut de tragyk fan Hacha: miskien wie er oait in dreamer, no is er in swijende apparatsjik, dy’t him steande hâld troch net op te fallen, neat hastich te sizzen en as ja-knikker in suver saaklike relaasje te ûnderhâlden mei mei-Politlid Husson, dy’t har yn in earder libben ek wol Rachel neame liet. De ambitieuze frou dy’t fereale op him wie, sit him no achternei. Hacha lykwols bliuwt ‘de einleaze wifelder, te iroanysk om idealist te wêzen, tefolle in pessimist om te tinken dat de ûndergong te kearen is’ (side 79).

Mar ek kommunisten binne minsken. As Jan Palach himsels nei de Praagske Maitiid yn 1969 yn brân stekt, wurdt er nei syn dea troch de partij beskuldige fan ekstreem-rjochtse sympatieën. In held mei ommers gjin folksheld wurde, want in folksheld is in wiere held. Mar fine de leden fan it Politburo dat allegear ek? De famylje Palach stjoert op in rjochtsaak oan om syn namme fan kwalike sympatieën te suverjen. Ferenc Hacha krijt de opdracht ûndersyk te dwaan nei wat der libbet ûnder de minsken, ‘op basis fan syn ’treflik opboude en byhâlden kennis oangeande fijannelike streamingen ûnder boargers’ (side 74). Syn misje betsjut lykwols dat er syn iensumheid ûnder eagen sjen moat en dat er beseft dat er freonskip en leafde altyd fuortmoffele hat ûnder it tekken fan syn doarmjende gewisse.

Romanfiguer
Aggie van der Meer skreau in fraaie en komplekse roman oer in kommunistysk machthawwer – want dat is Ferenc Hacha. Hie er in historysk figuer west, dan wie er miskien wol de belicheming fan Hannah Arendt’s konsept fan de banaliteit fan it kwea – in op it each normale man, dy’t plichtsgetrou syn wurk docht en as lytse radar yn in totalitêr systeem net safolle yn te bringen hat.

Mar Hacha is in romanfiguer, dy’t sweeft yn it einleaze spanningsfjild tusken goed en kwea en krekt dêrom werkenber is. Hy bestiet net, hy is in persoan dy’t hannelt yn ’e wittenskip dat er dei yn dei út mei it lot konfrontearre wurde kin. Him bewust fan syn morele supremaasje en slûchslim as it giet om it bewarjen dêrfan is er krekt sa ûnwis as arrogant. Yn de wurden fan Lin Berg: ‘Wat ik earder antwurde op dyn fraach ‘wêrom dit boek’, bliuwt oerein: it giet om de ienling tsjinoer de groep dy’t net ôfwikend doart te tinken. It giet om de ienling dy’t wit dat er troch aard en tinken bûten de rest is kommen te stean, him der bewust fan wurdt dat er dus in kar meitsje moat. It giet oer de gefolchen dy’t dat hoe dan ek foar him hawwe sil’ (side 142).

De skriuwster rjocht har hjir ta de man dy’t se moete hat by de Guernica. Dizze man foarsjocht de achttjin haadstikken fan kommintaar en ûnderfreget sa de skriuwende, skavende en fuortlittende auteur.

Je kinne sa’n wize fan fertellen ek in kearside neame fan Van der Meer’s bysûndere technyk – fol reedlike minsken, net echt spannend as it om sfear of setting giet, soms op it saaie ôf. Mar lykas yn it eardere proazawurk fan ’e skriuwster sit de spanning him yn ’e geheimsinnichheid fan it meidielen. De Achttjin hat gjin sfear, soene je sizze kinne. It is in hiele konsjinsjeuze ferkenning fan in mins syn morele ferantwurdlikheid. De sober formulearre sinnen sirkelje stadich om it geheim en litte sjen – je soene ek sizze kinne: bewize – dat it meitsjen fan in kar it dreechste is yn in minskelibben. Jan Palach die it en waard ûnstjerlik, Ferenc Hacha die it net en waard ús eigen spegelbyld.

 

Aggie van der Meer, De Achttjin, Utjouwerij Afûk 2016, € 13,50

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.