In Janusboek

Publisearre op 15 december 2016

GERBEN DE VRIES – 

It oerkomt my oars net sa faak, dat ik in skiednisboek net útkrije kin. Je besykje it nei in pear wiken nochrris, litte it in skoftke lizze en geane dan op ‘e nij oan ‘e slach, om in jier letter te fernimmen dat it boek noch altyd op de steapel noch út te lezen boeken leit. Frustrearjend.

Dat oerkaam my foarrich jier by Verveningen en verveners in Friesland fan W. Visscher. It boek is mei 700 siden sa dik as in turf. Dat wie lykwols net de reden wêrom’t ik ôftaaide. Ik begûn mei in soad wille oan dit mânske projekt, omdat it in tige nijsgjirrige saak is dêr’t ik ek al aardich wat oer lêzen hie. Yn ’t earstoan gie it ek prima. Wol wie ik ferstuivere oer it feit dat de skriuwer de Midsiuwen sa sunich behannelet, ‘bij gebrek aan schriftelijke bronnen’. Fansels behearsket net elkenien it doe gongbere Latyn, mar der is wol deechlik moai wat literatuer oer dit ûnderwerp bymekoar te prikjen.

 

Dit boek is in Janusboek mei twa gesichten.

 

It sil grif it doel fan de jurist Visscher west ha om safolle mooglik út te gean fan de besteande skriftlike boarnen oer de ferfeaning. Dat is tagelyk it sterke en it swakke punt fan it boek, fernaam ik. Om mei it earste te begjinnen: de ferhalen oer it opsetten fan in feankoloanje binne prachtich, krekt omdat it materiaal direkt oan de boarnen ûntliend wurdt. Dêrby komt lykwols fuortendaliks it neidiel fan de opset fan it boek oan it ljocht. De opset is nammentlik geografysk. By de foarste 130 siden wie dat noch amper in probleem, omdat it benammen giet oer de Dekema, Cuyk en Foeyts-Compagnie en de Compagnons yn de Opsterlânske feanen yn de 17e en 18e iuw. Dêrnei wurdt it foar de lêzer in stik dreger. De ferfeaningen wurde per regio behannele en dan komme nei mekoar allegear lokale ferfeaningen oan bod.

It liket dêrtroch op ’t lêst in papieren ferzy fan de film ‘Ground Hog Day’, wêrby’t de dei hieltyd op ‘e nij begjint. By al dy frij lytse feankoloanjes begjint de skiednis hieltyd wer op ‘e nij, mei finansjearing, ûntwettering, de oanlizzing fan kanalen ensafuorthinne. Dêrmei is it ‘raadsel van de onleesbaarheid’ fan dit boek, om mei Karel van het Reve te sprekken, foar in part ferklearre. Want it binne fakentiids deselde soarte fan histoarjes, mei in foar in jurist wol hiel grutte foarleafde foar spul om lân, wetter en jild. En dat is mar in part fan it ferhaal, want der barde folle mear en dat stiet net yn de boarnen dy’t hjir brûkt binne.

It grutste neidiel fan de oanpak fanút de boarnen is dat it de lêzer it sicht op it gehiel ûntnimt, in gebrek oan fûgelperspektyf. Visscher hat sawat gjin oandacht foar it makro-ekonomyske ferhaal achter de ferfeaningen, de merk. It wie perfoarst net sa dat de ferfeaners – en dat wiene en bleaune lange tiid minsken út de adelike elite – út leafhawwerij mar wat turf ôfgrave lieten. Der wie, benammen yn de Gouden Iuw, in soad fraach nei turf en dat trune it oanlizzen fan kanalen en wiken en dêrnei de ferfeaningen direkt oan. Ek yn letter tiden wie der sawat altyd in direkte link tusken fraach en oanbod. Omdat soks lykwols útsoarte net yn de Fryske boarnen foarkomt, synjalearret de auteur dit amperoan. Dêrfoar hie er faaks wat mear Vier eeuwen turfwinning. De verveningen in Groningen, Frieland, Drenthe en Ovrijssel tussen 1550 en 1950 fan M.A.W. Gerding rieplachtsje moatten. Mar it is bekind, de twa lizze elkoar net. Yn dat lêste boek steane boppedat oersichtelike kaartsjes fan de ferskate ferfeaningssystemen en dat hie yn it boek fan Visscher – mei al dy lokale ferfeaningen – tige handich west.

En no it goede nijs, want dit boek is in Janusboek mei twa gesichten. Verveningen en verveners in Friesland is in hiel nijsgjirrich boek. Dat liket op it earste gesicht in Kopernikaanske kear yn dit betooch. Fan de betiidste skiednis fan in protte feankoloanjes yn Fryslân is faak it measte net bekind, mar no folle mear! Dit boek is in Fundgrube foar hiel wat takomstige doarps- en streekskiednissen yn eastelik, súdelik en súdeastlik Fryslân, bygelyks fan it Hearrenfean. En dan no benammen fanút it kikkertperspektyf, op mikronivo. Tajûn, it binne ferhalen dy’t skreaun binne fanút it perspektyf fan de wurkjowerskant fan de ferfeaningen. Oer de turfgravers fan de 17e en 18e iuw komme we net safolle te witten. Mar út de titel docht al bliken dat de auteur benammen de groep manlju dy’t de ferfeaningen op tou setten hat op it each hie. Dêr stiet foaroer dat de 19e iuwske skiednis fan dizze streken oant no ta meastentiids fanút de arbeiderskant besjoen wurdt, wylst no de ‘liberale’ side beljochte is.

Dy ‘liberalen’ – it wurd is foar de tiid fan foar de 19e iuw fansels in anachronisme – bestiene, en dat is it ferrassende fan dit boek, foar in grut part minsken fan de adel. Wa’t in bytsje op de hichte is fan de skiednis fan de Grinzer en Drintske feangebieten, wit dat it dêr yn it generaal hiel oars wie. Yn de 16e en 17e iuw wiene der yn Fryslân noch ferskate kompanjys dwaande besteande út rike boargers fan Hollân en Utrecht. Dy waarden stadichoan oernaam troch de Fryske adel. Dêr siet oars ek ‘nije’ adel by, want famyljes dy’t ek hjoeddedei noch in hiel adelike klank hawwe – tink oan de Van Heloma’s – wiene faak it neiteam fan omheechfallen feanopsichters. Ek yn dat opsicht is dit boek in echte eye-opener.

As lêste noch twa kanttekeningen by dit Janusboek. De annotaasje is wat apart. Yn de noaten stean faak safolle ferwizingen dat de lêzer by tiden net mear wit wat út hokker argyf komt. Twad de yllustraasjes. It boek is tige kreas fersoarge, oan de bûtenkant. Mar de opnommen kaartsjes – út de boarnen sels, fansels – binnen foar it meastepart sa ûndúdlik dat it gjin teheakke wearde hat. Slimmer noch binne de foto’s. Wie der no wier net in potsje te finen om in profesjonele fotograaf yn te hieren? De foto’s binne te lyts, faak net skerp en te amateuristysk. Ek yn dat opsicht is dit in echt Janusboek.

 

Verveningen en verveners in Friesland, Wim Visschier. Utjouwerij Wijdemeer. 736 siden, €35,00

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels