• 11 juni 2015

    Op snein 30 augustus trapet it UITfestival Ljouwert it kulturele jier ôf mei in festival fol teater, literatuer, keunst en muzyk. Mar ek mei bysûndere gearwurkingsprojekten, in kultuer- en kursusmerk, iten en drinken. de Moanne biedt op it UITfestival in poadium oan Ljouwerter studinten om gedichten foar te lêzen yn it moaiste timpeltsje fan Ljouwert; it Pier Pander timpeltsje yn 'e Prinsetún. Dêrfoar sykje wy dichters. Skriuwsto Frysk- of Nederlânsktalige gedichten [...]

  • 1 april 2015

    EELTSJE HETTINGA -  Marlene van Niekerk (1954) is ien fan de foarsteande dichters yn it hjoeddeiske Súd-Afrika. Se dosearret Afrikaanske en Nederlânske literatuer oan de Universiteit fan Stellenbosch yn Súd-Afrika. Har debút makke se mei de roman Triomf (1994), in boek oer de politike feroarings yn Súd-Afrika, yn it bysûnder oer de apartheid en it yn inoar stoarten fan dat systeem. De roman lit sjen dat it benammen [...]

  • 27 maart 2015

    JOSSE DE HAAN -  - foar myn pake Jehannes de Haan, 31 jier op 27/3/’15, doe’t er ûnder Tsjom yn de Flearen moarns betiid it earste ljipaai fan Fryslân fûn -       do hast foar my de tiid fermannichfâldige - yn libben hâlden 100 jier bist neaken stim yn ‘t neitinken – gjin lûd en lichem dyn namme en foto baarnd yn tegels [...]

  • 2 maart 2015

    EELTSJE HETTINGA -  De Fryske literatuer is net min bedield as it om oersettings of bewurkingen fan Sineeske poëzy giet. Mei de blomlêzing Liet fan it fjild foeget skriuwer Piter Boersma fyftich nei it Frysk oerbrochte gedichten by. De kar waard basearre op de Spiegel van de klassieke Chinese poëzie. Van het Boek der Odtot de Qing-dynastie fan sinolooch W.L. Idema, in blomlêzing dy’t trijetûzen [...]

  • 21 februari 2015

    Ecce Homo   Whose is this horrifying face, This putrid flesh, discouloured, flayed, Fed on by flies, scorched by the sun? Whose are these hollow red-filmed eyes And thorn-spiked head and spear-stuck side? Behold the Man: He is Man’s Son. Forget the legend, tear the decent veil That cowardice or interest devised To make their mortal enemy a friend, To hide the bitter truth all [...]

  • 19 februari 2015

    BENNIE HUISMAN -  Job Degenaar besoarge begjin 2014 by útjouwerij Liverse in lytse blomlêzing út it wurk fan dizze Dútse dichter, berne yn 1933 yn it Ertzgebirge as soan fan in Bergarbeiter. Yn ‘e jierren nei de oarloch it befoarrjochte ferrin foar in jonge ‘mei in fin mear’: studearje oan de universiteit yn Leipzig, dêr ek wurkje kinne en de ûntjouwing as skriuwer. Dy’t al [...]

  • 6 februari 2015

    ABE DE VRIES -  Stimd slik hjit de bondel gedichten, skilderijen en foto’s dy’t dichter Hein Jaap Hilarides en byldzjend keunstner Hendrik Elings ferline jier yn it noardlike waadljocht útjûn hawwe. In Biltse titel foar in boek dat de noard-Fryske kust besjongt: de swiere klaai, it bûtendykse lân, de fiere útsjoggen, de leechte, it neat. ‘Stimd’ kin hjir betsjutte ‘op klank brocht’, mar ek: ‘in stim [...]

  • 30 januari 2015

    ARJAN HUT -  Bûten stoarme de winter om it Ljouwerter stasjon, mar nettsjinsteande it waaralaarm streamde de boppekeamer fan Kafé Wouters tsjin fiven moai fol foar de twadde edysje fan 'Een trein later'. It wie dan ek poëzydei, in dei dat de wiere kulturele fynpriuwers, de leafhawwers fan it marzjinale en de fuortstipers fan it obskuere, de eleminten trotseare om harren ris noflik te ferwûnderjen. [...]

  • 15 januari 2015

    De poëzijbondel ‘Fallend ljocht’ fan Eppie Dam is Boek fan de moanne jannewaris. Abe de Vries is in leafhawwer fan de poëzij fan Eppie Dam. Hy lies it gedicht ‘Fisk yn ’e arke’.   Fisk yn ’e arke en doe siet ik yn myn eigen kop fan blik mei oan alle kanten ruten om my hinne it mantsje mei de yankeenamme doe wie ik it sels [...]