Earste ljipaai
JOSSE DE HAAN –
– foar myn pake Jehannes de Haan, 31 jier op 27/3/’15,
doe’t er ûnder Tsjom yn de Flearen moarns betiid
it earste ljipaai fan Fryslân fûn –
do hast foar my de tiid fermannichfâldige – yn libben hâlden
100 jier bist neaken stim yn ‘t neitinken – gjin lûd en lichem
dyn namme en foto baarnd yn tegels – in ljip, in nêst, in aai
do hast de hij foargoed ferrifele – hy kopkerôle oer de five
ferliedest de jok yn de lege laaikes – se joech har skûlplak oan
mei de pols as maat sprongst oer de molier – sykjend each
bist in stjurre emoasje yn de famyljestoarje – aaisikerslatyn
ik kin dagen oer dy fantasearje boppe dyn foto – do ljeppend
yn de pet dat noch waarme spikkelaaike – it earste fan dat jier
op âlde maaie ferhúzesto fan boer nei boer – yn ‘e ljippehoeke
yn april knipeagest nei dyn kontrakt – fertsjinnest der wat by
ek al sprongen de boeren dy op ‘e hûd – do woest it earste aai
no tsjoen ik dy nei krap 100 jier yn libben – wrâlden fan poëzy
myn monolooch ferdûbelet him ta in petear – ik wol dy sizze
hoe’t ik dat earste aai bewûnderje – it ljipaai fan dyn libben
bist foar ’t earst op ‘e trein stapt – yn ‘t troupak nei Ljouwert
it aai lottere, yn in skaaltsje seachmoal – oan in reade bûsdoek
op it Provinsjehûs wiest even Kening – de Kommissaris hofnar
20 gûne ljipaai-jild joech romte – in sulverrinkje foar de frou
Josse de Haan, Hendaye – Maijos Baita – France. (july 2011).
Dit gedicht oer myn pake Jehannes is yn maart 2012 ferskynd yn: Pieter Breuker, Kostelijke Koopwaar, Wijdemeer. En yn 2013 yn: Josse de Haan, Frozen moonlight yn myn hannen, Elikser. Pieter Breuker hat earjuster in nij boek publisearre oer it aaisykjen mei de titel: Ljip en aai yn hert en holle, Wijdemeer. No’t it aaisykjen sa’t it liket foargoed foarby is, kinne fersen en boeken oer dy folkssport de herinnering yn libben hâlde.