• 7 maart 2017

    ARJAN HUT - De minsken hiene de fjoerpylken al yn de hân doe't op de uterste râne fan 2016 de nije Edwin de Groot ferskynde. 'Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see' is de fjirde bondel fan de dichter út Aldehaske, dy't as Feandichter ek yn tsjinst is as poetysk fertsjinwurdiger fan de gemeente It Hearrenfean. Hy hat it drok. Henk van der [...]

  • 1 maart 2017

    FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –   It is heal febrewaris en der wurdt hjoed in rekôr brutsen. Wie it trije dagen lyn noch in pear graden ûnder nul en moasten de redens út it fet, no is it suver maitiid en hellet it kwik de 15 graden. It is de waarmste febrewarisdei sûnt 1958. De terrassen yn Amsterdam sitte grôtfol en it liket [...]

  • 14 februari 2017

    SIGRID KINGMA -  Yn maaie 2016 kaam fan teolooch Wytze Brandsma de dichtbondel God is het antwoord niet/God is it antwurd net út. Op it kaft stiet in foto dy’t net misstean soe op in fytsgids fan Fryslân; weidzjende kij ûnder in licht bewolke loft. Yn dit boekje dat fjirtich twatalige gedichten telt, fertolket Brandsma syn fisy oer it leauwen yn dichtfoarm. De bibel wurdt [...]

  • 21 december 2016

    JOSSE DE HAAN -    I ILLUMINATIONS ‘Dy moarns betiid wie ik noch lang net útrêst fan ’t bêd gongen yn it hûs dat myn âldelju foar fakânsje hierd hiene yn Hendaye. Ik wie nei it strân rûn, dat om acht oere noch útstoarn wie, in griis strân ûnder de Baskyske wolken dy’t leech en ticht op elkoar as in eskader bommesmiters oer de see [...]

  • 14 oktober 2016

    Begjin oktober binne foar it tredde jier gedichten foar it projekt 'Poetic Potatoes' ferstjoerd nei Malta. Tegearre mei de earste Fryske poaters binne de gedichten fan Janneke Spoelstra, Tsead Bruinja, Geart Tigchelaar, Yva Hokwerda en Simon Oosting op transport set nei Valetta. 'Poetic Potatoes' is in projekt fan de Stichting Bildtse Aardappelweken yn it kader fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. de Moanne fersoarge de seleksje fan de gedichten. Besjoch ek it dossier 'Poetic [...]

  • 9 juni 2016

    Yn opdracht fan de Marrekrite lansearree de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner, Joost Oomen en Saskia Stehouwer skreaunen op ’e mar in gedicht. It gedicht is mei GPS-lokaasje werom te finen fia de Marboei-webside dy’t bûn is oan in boei op de mar. Yn dizze fideo [...]

  • 6 juni 2016

    Yn opdracht fan de Marrekrite lansearree de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner en Joost Oomen skreaunen op ’e mar in gedicht. It gedicht is mei GPS-lokaasje werom te finen fia de Marboei-webside dy’t bûn is oan in boei op de mar. Yn dizze fideo fan Remco [...]

  • 25 mei 2016

    ARJAN HUT -  De presintaasje fan de debútbondel 'Reade Triedleas' fan Sigrid Kingma bygelyks, mei gastoptredens fan dichters Elmar Kuiper, Arjan Hut en Joost Oomen. Sjongeres Greetje Bijma wie ek wer ris yn Fryslân te hearren, sy song nij wurk basearre op gedichten fan Janna van der Meer. Boppedat wie Reinder Rienk van der Leest der. Under it kânsel, lâns de súdmuorre, stie in útstalling [...]

  • 25 april 2016

    R.R. VAN DER LEEST -    gjinien hoecht in portret fan my te meitsjen dat doch ik sels as ik my foar de spegel skear heal it gesicht ynsjipje en wat mear mei de finger in streek oer de lippen en gatten wêr't de noasters sitte dan doch ik fan de gekke brike bekken trekke de tonge útstekke de earen útrekke se kinne allegear ferrekke [...]