De Marboei – Syds Wiersma

Publisearre op 9 juni 2016

Yn opdracht fan de Marrekrite lansearree de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner, Joost Oomen en Saskia Stehouwer skreaunen op ’e mar in gedicht. It gedicht is mei GPS-lokaasje werom te finen fia de Marboei-webside dy’t bûn is oan in boei op de mar.

Yn dizze fideo fan Remco de Vries dichter Syds Wiersma. “En dan sjochst dy ûnbiedich grutte elektrisiteitsmêsten dêr’tst ûndertroch giest en yn de fierte sjochst dy betonkolos fan de dyk. En dan giest mei dat wiffe boatsje dwers troch dy beide linen hinne.” Syn ferhaal is werom te lêzen fia de mobile Marboei-webside en yn de Moanne nûmer 3.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels