• 12 april 2018

    ZANDER LAMME - Leeuwarder Jacques Malschaert organiseert sinds vorig jaar in een voormalige vergaderruimte in zijn woning concerten. Op zondag 15 april staat het pianoduo Dimitrov Boelee op het programma. Het duo speelt vierhandig stukken van Mozart en de meer romantische componisten Mendelssohn, Brahms, Schubert en Liszt.   Erg groot is het podium niet. Er kunnen zo’n vijftig bezoekers in en qua instrumenten past er [...]

  • 11 april 2018

    ELSKE SCHOTANUS - Twa dagen wurke Piiptsjilling, besteande út Mariska Baars, Jan Kleefstra, Romke Kleefstra en Rutger Zuydervelt, gear mei trije Belgyske musisy dy’t foar in pear dagen as artist in residence nei Fryslân kamen, ûnder de titel FEAN ynspirearre troch it tema feangrûn. Yn plak fan in tsjustere, tryste opnamestudio te kiezen foar it artistike klankprojekt mei Joachim Badenhorst, Sylvain Chauveau en Annelies Monseré, [...]

  • 2 februari 2018

    PAUL VAN DIJK -  It is stil yn 'e smûke hûskeamer yn Winsum as Inez Timmer binnenstoot en mei in grutte beweging in stikmannich plestik bekers fan de mini-fleugel smyt. Alles falt yn diggels, wol se mar sizze. It is it begjin fan Stockholm, of in inkele reis nei sabeare, húskeamerteater fan Inez Timmer en Wiebe Kaspers. We komme der achter dat Elske (Timmer) traumatisearre [...]

  • 17 januari 2018

    TSJOMME DIJKSTRA -  Trije moannen lyn waard yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert in nije finylfabryk yn bedriuw nommen. 'Deepgrooves' is de twadde finylparserij yn Nederlân nei Record Industry yn Haarlem. En dy koe de produksje de ôfrûne jierren troch de gestage ‘comeback’ fan de finylplaat aardich fergrutsje. In brancheferiening, NVPI, berekkene dat de ynkomsten fan muzykdragers sa as lp’s en cd’s yn 2016 foar it [...]

  • 24 november 2017

    WENDY KENNEDY -  Festivals hearre struktureel thús yn de kultuernota fan de provinsje en Ljouwert. Neist de bibleteek, de poppoadia en de skouboarch. Dat fynt Mark Hospers, koördinator fan Explore the North. ‘Het is allemaal erg behoudend: de cultuurnota’s zitten muurvast. Terwijl festivals de inhoudelijke verbinders zijn van de culturele sector.’ Explore the North giet yn it lêste wykein fan novimber foar de fyfde kear [...]

  • 18 augustus 2017

    ARJAN HUT -  Trije katten lizze yn de hûskeamer te sliepen. It hat nachts flink stoarme en reind. ‘Ze stonden vanmorgen behoorlijk gepikeerd te wachten tot ze naar binnen konden’, seit Herman Woltman wylst er twa cappucino's delset. Bûten giselt de rein alwer tsjin de ruten. Ik bin by him yn Drylts op besite om te praten oer de ein fan de gitarist syn band [...]

  • 16 augustus 2017

    LIUWE VAN DER MEER -  Se wurde bewarre yn Stockholm, yn 'e Nydahl Kolleksje fan it Stiftelsen Musikkulturens Främjande, sân blêden giel-brún papier, 30 by 22,3 sm grut, oan beide kanten beskreaun, op elke bledside tolve muzykbalken. Der binne twa kleuren inkt brûkt foar de noaten en fierder steane op 'e earste side wat nammen fan eardere eigeners. It is in fioelesonate, mei flotte hân [...]

  • 9 augustus 2017

    ZANDER LAMME -  Het is een vrolijk gezelschap. De zussen Rianne en Wilma en broer Arjan Jongsma. Alledrie talentvolle musici, samen spelend in een ongebruikelijk en zeldzame bezetting: dwarsfluit, hobo en marimba. Het drietal heeft de muziek van geen vreemde. Vader Oeds speelde jarenlang hoorn bij onder andere het Frysk Orkest, later NNO, en is een gewaardeerd muziekdocent. Een repetitieavond in huize Jongsma. Arjan (1995) [...]

  • 19 juli 2017

    ARJAN HUT -  “Ik haat David Lynch!” Dochter (16) klapt de doar ticht en stoarmet nei har keamer. Net folle letter komt der muzyk fan boppe. 'Music from Twin Peaks', de fertroude soundtrack fan doedestiids. Wy ha krekt via Videoland.nl de earste twa ôfleveringen fan Twin Peaks – The Return sjoen. Dêr ha de leafhawwers 25 jier op wachte. Regisseur David Lynch en skriuwer Mark [...]