Feangreide as auditive ynspiraasje

ELSKE SCHOTANUS

Twa dagen wurke Piiptsjilling, besteande út Mariska Baars, Jan Kleefstra, Romke Kleefstra en Rutger Zuydervelt, gear mei trije Belgyske musisy dy’t foar in pear dagen as artist in residence nei Fryslân kamen, ûnder de titel FEAN ynspirearre troch it tema feangrûn. Yn plak fan in tsjustere, tryste opnamestudio te kiezen foar it artistike klankprojekt mei Joachim Badenhorst, Sylvain Chauveau en Annelies Monseré, setten de sân nei de Thomastsjerke yn Ketlik. Oan de ein fan de twadde dei, tongersdei 5 april, is der in work-in-progress-sesje en gelegenheid om mei de makkers yn petear.

 

It is lang net altyd te ûnderskieden hokker lûd út hokker ynstrumint komt of wat troch de minsklike stim produsearre wurdt.

 

It iuwenâlde tsjerkje, besit fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken, is net allinne om de akoestyk poergeskikt foar muzykopnamen, ek de sfear fan it plak wurket mei: de lizzing op in hichte yn it lânskip, de ûnderwilens ferware bakstien (roaswinkels) dêr’t it oarspronklik katolike godshûs fan oplutsen is, it mei hege beammen omseame hôf, de klokkestoel en binnendoar de estriken flier, de blauskildere soudering, de wytpleistere muorren dêr’t de kalk op plakken fan loslit, de koperen kandelers, de hearebanken ûnder de oargelgalerij. En ek in tizeboel oan triedden, speakers, muzykynstruminten, mikrofoanen, in muzykstander en folle mear triedden noch. Konsintrearre binne de sân, al ymprovisearjend, dwaande mei it produsearjen fan klanken. It is lang net altyd te ûnderskieden hokker lûd út hokker ynstrumint komt of wat troch de minsklike stim produsearre wurdt. Sels witte se it ek lang net altyd: docht hy dat of bin ik it sels? Der is in klokken, in buorreljen, in piipjen, in gûnzjen, der binne de wurden fan dichter Jan Kleefstra dy’t dan wer al, dan wer net te ferstean binne en dat der immen achter it lytse tsjerke-oargel sit en dat bespilet, dêr komst pas yn it neipetear achter.

It is dan ek gjin konsert, earder in priuwke. In seleksje út it resultaat fan twa dagen opnamen sil troch Rutger Zuydervelt mikst en mastere wurde en yn it neijier útbrocht. Dan, sa is it doel, komme ek de gastmusisy werom foar in searje optredens. Hoe’t it tema FEAN plak krijt yn de gearwurking? Foardat de sân nei Ketlik setten, ha se, sa fertelt Jan Kleefstra nei ôfrin, yn de omkriten fan Aldeboarn west. Dêr, oan de iene kant fan de dyk sjochst it ‘plestik’ gers, oan de oare leit lân dêr’t natuerynklusyf buorke wurdt. “Het was geen visuele beleving, maar een auditieve”, fynt ien fan de makkers. “Aan de ene kant van de weg heerst een doodse stilte,  aan de andere hoor je vogels.” It wie dy sfear dy’t de sân mei nei it tsjerkje namen.

Biodiversiteit is dan ek in kaaiwurd. Foar wat Piiptsjilling, dat no in jier as tsien bestiet, docht, rekke Jan Kleefstra ynspirearre troch in Amerikaanske dokumintêremakker dy’t in hûs kocht en pas dêrnei te hearren krige dat der yn de omkriten skaaljegas wûn waard. Yn in dokumintêre lit er sjen hokker ellinde dit meibringt foar de bewenners. It is, sa realisearre Kleefstra him, troch alderhande oarsaken, presys wat om him hinne, yn syn eigen omjouwing, likegoed bart, ek yn it feangreidegebiet dêr’t hy wennet nimt de bioversiteit ôf. “De kwaliteit van leven staat onder druk en dat is een universeel gebeuren. Wat wij met Piiptsjilling doen is geen wetenschappelijk of technisch verhaal of zo. Het gaat er om een tegengeluid te laten horen.” En dat tsjinlûd is minimalistysk lykas syn poëzy dat is. Hy is der wiis mei dat hy twa dagen wurkje koe mei de Belgen foar wa’t er grutte bewûndering hat en fan wa’t er in tal albums yn ’e hûs hat.

De triedden, de speakers, alles wurdt opromme en nei de auto’s tôge. Oaren binne noch drok mei elkoar yn petear, ek stiet der in panne prima sop klear. Underwilens is Annelies Monseré nei bûten gien om op it hôf nei de fûgels te harkjen.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.