Greetje Bijma, de stim it ynstrumint

KAREN BIES –  Har man, sjoernalist Willem Bekius, is ferstoarn yn 2008. Sjongeres Greetje Bijma die it rêstiger oan mei optredens, mar se is noait opholden. ‘Hy sei tsjin my dat ik altyd trjochsjonge moast. De muzyk wie ús libben, en sa giet ús libben ek noch troch.’ Bekius wie in grut muzykleafhawwer en sette […]

Links by Liuwe van der Meer

Links by Liuwe van der Meer – Tiidstik, de Moanne nûmer 10, 2010 Wolle jo sels sa’n Niemecz-klok út 1793 hearre? De links hjirby bringe jo streekrjocht yn ’e 18de ieu: http://www.hetorgel.nl/n2010-02a-menuet.mp3 http://www.hetorgel.nl/n2010-02a-fuga.mp3 De ‘Silver Swan’ kinne jo hjir besjen.

‘Dizze CD is it ferhaal fan Elske’

MARITA DE JONG –  Twa en in heale wike hat sjongeres Elske DeWall (1985) út Ljouwert yn New York west om har earste cd op te nimmen. De measte tiid brocht se troch yn de studio. Fan de stêd hat se net folle sjoen. De earste single ‘Come see the end in me’ is yntusken […]

Fioeliste Simone Lamsma

MARITA DE JONG – Fan har twadde jier ôf wist Simone Lamsma (1985) út Burgum wat se woe. Fioelspylje. Gjin momint fan twivel. Se nimt har fak hiel serieus, giet net mear te reedriden, om gjin risiko te rinnen. It is foar har gjin opoffering. It heart derby. Se wûn ferskate prizen, lykas in earste […]

‘Grau fan drôvens kleit de dage’

EPPIE DAM –   In Fryske Matteus: kleare passy Guon spuiden der raar guod oer, mar foar party minsken wie de Nederlânske Mattheüspassie (2006) fan Jan Rot in befrijing. Dy’t allinnich noch út plicht of gewoante nei de tradisjonele útfiering giene, wiene ynienen klearwekker en waarden alhiel meinommen troch it ferhaal. Sa wie trije oeren net […]

In de muziek kan ik me niet verstoppen

MARITA DE JONG –  Nynke Laverman sil mei har nije cd Alter de ynternasjonale podia op. Har man, percussionist Sytze Pruiksma, sil de noardse balke bespilje, in âld Frysk snaarynstrumint dat Sytze en Nynke herûntddekt ha. Fierder dogge de Spaanse flamencogitarist Manuel Cazas, akkordeonist Oleg Fateev, dêr’t Laverman al earder mei gearwurke, en marimabaspiler Jan […]

De fûgel, syn liet en syn kouwe

HARMEN WIND –   Noch ien kear dyn siken efkes fiele. Dyn waarme fel noch ien kear tsjin myn hûd. Noch ien kear de himel mei dy diele. En fan dyn stim noch in leaf lyts bytsje lûd. (Bauke v.d.Woude) 1. De tiid ryp Beart Oosterhaven begûn mei syn muzykresinsjes yn Frysk en Frij en […]

Academie voor popcultuur in Leeuwarden

KARIN DE MIK – De enige Academie voor Popcultuur in ons land staat in Leeuwarden. De vierjarige hbo-opleiding stoomt studenten klaar tot zelfstandig ‘pop artiest’. Dankzij deze nieuwe vorm van kunstonderwijs kan de Friese hoofdstad weer een echt popcultuur krijgen, verwacht directeur Pim van Klink. Groningen had het nakijken, omdat de provincie Fryslân volgens hem […]

Komponist Cees Bijlstra

MARITA DE JONG – ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’    In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) út Grou syn metier. Syn filmmuzyk stie op snein 29 septimber 2002 sintraal yn in konsert yn de Stadsschouwburg yn Utert. Dat barde op fersyk fan regisseur Pieter Verhoeff, mei […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.