• 19 november 2015

    Fan hjoed ôf oan sil de Moanne alle wiken in koarte boekresinsje online pleatse fan in boeken dy't in bysûndere yndruk makke hawwe op de besprekkers. Boeken dy't wizer meitsje, dy't dy op oare gedachten bringe of boeken dy'tst fan in bysûnder persoan kado krigen hast. De kommende 50 wiken pleatse wy alle kearen in nij besprek. Wy begjinne mei in prachtige bydrage fan Eric Hoekstra. Alle bydragen binne werom [...]

  • 11 november 2015

    ARJAN HUT -  Wylst de rop om de grinzen te sluten klinkt en suver alle dagen wol ien as oare besoarge boarger yn it sjoernaal útropt dat 'hja' hjir komme om ús froulju en bern te ferkrêftsjen – want dat is de aard fan de man, de Arabier en de moslim – en de sharia yn te fieren, kaam it berjocht dat Bauke de Jong [...]

  • 6 november 2015

    HENK VAN DER VEER -  Sa’n 75 besikers kamen woansdeitejûn ôf op de presintaasje fan de keunstkalinder De tafel, in unyk mienskiplik projekt fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra en dichter Eppie Dam. De prachtútjefte is ferskynd bij De Ryp, de útjouwerij fan de Gerben Rypma Stichting. It earste eksimplaar waard yn ’e boekwinkel fan Van der Velde yn Snits troch Hille Faber fan de Gerben Rypma Stichting [...]

  • 3 november 2015

    SJOERD BOTTEMA -  Yn it djippe suden fan Kanada stiicht in fûgeltsje op foar de tocht oer de see, nei it fêstelân fan Europa, in reis dy’t syn einbestimming fynt by, of all places, it Einumer Wiel, in kwelderdobbe yn ‘e omkriten fan Einum, in buorskip yn in ferlitten úthoeke fan noardlik Fryslân. It is in unikum, de reis fan it fûgeltsje, noch noait earder [...]

  • 2 november 2015

    Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma sneon yn it programma 'Op en út' fan Douwe Heeringa. Live fanút kafee De Bak:   - Froon Akker, Einum. Elikser, Ljouwert 2015. Winner Gysbert Japicxpriis 2015. www.froonakker.nl - Alex Boogers, Alleen met de goden. Uitgeverij Podium, Amsterdam 2015. www.uitgeverijpodium.nl - Saskia de Coster, Wat alleen wij horen. Prometheus, Amsterdam 2015. www.uitgeverijprometheus.nl      

  • 30 oktober 2015

    Begjin oktober binne foar it twadde jier gedichten foar it projekt 'Poetic Potatoes' ferstjoerd nei Malta. Under tafersjoch fan wethâlder Boukje Tol fan de gemeente 't Bildt binne de gedichten fan Sannemaj Betten, Albertina Soepboer, Wilco Berga, Bartle Laverman en Arjan Hut op transport set nei Valetta. 'Poetic Potatoes' is in projekt fan de Stichting Bildse Aardappelweken yn it kader fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. de Moanne fersoarge de seleksje fan [...]

  • 27 oktober 2015

    Foar it literêre útwikselingsprojekt mei Valetta 2018, ‘Poetic Potatoes’, joech de Moanne de dichters Albertina Soepboer, Sannemaj Betten, Bartle Laverman, Arjan Hut en Wilco Berga de opdracht om in oade oan de jierpel en it Bildt te skriuwen. Fiif filmmakkers, Heleen Haijtema, Elmar Kuiper, Piter Hettinga, Sytse Jansma en Richard van der Laan, lieten har ferfolgens ynspirearje troch de gedichten en makken fiif bysûndere films dy’t [...]

  • 26 oktober 2015

    TSJOMME DIJKSTRA -  Foar it twadde jier op rij bea snackbuffet Het Vliet op in tsjustere oktoberjûn ûnderdak oan in literêr festival. Sa wie it mooglik dat op ien en deselde jûn skriuwers, dichters en presintatoaren dy’t harkje nei nammen as Leon Verdonschot, Marleen Stelling, Henk van Straten, Mohammed Benzakoer en Willem Schoorstra yn in Ljouwerter snackbar delstrutsen. Yn samar in snackbar yn Ljouwert, krekt [...]

  • 20 oktober 2015

    REINIER SALVERDA - Dit is in boek dat jim lêze moatte, in boek fol prachtich moai Frysk, mei in grut en nijsgjirrich ferskaat oan sântjinde-iuwske gedichten, ferhalen, deiboekfragminten, twapetearen, sprekwurden en siswizen, yn teksten fan Gysbert Japix (waans 350ste jier fan ferstjerren wy yn 2016 bezinken), mar ek fan in tal oaren út syn tiid dy’t net minder fleurich skriuwe kinne, ûnder oaren Jacques Vredeman, [...]