In literêre snackjûn op it Vliet

Publisearre op 26 oktober 2015

TSJOMME DIJKSTRA – 

Foar it twadde jier op rij bea snackbuffet Het Vliet op in tsjustere oktoberjûn ûnderdak oan in literêr festival. Sa wie it mooglik dat op ien en deselde jûn skriuwers, dichters en presintatoaren dy’t harkje nei nammen as Leon Verdonschot, Marleen Stelling, Henk van Straten, Mohammed Benzakoer en Willem Schoorstra yn in Ljouwerter snackbar delstrutsen. Yn samar in snackbar yn Ljouwert, krekt bûten it sintrum fan de stêd.

Healwei achten soe it festival neffens de oankundiging op Facebook begjinne. De skriuwers dy’t it publyk dêr ferwachtet, skine klokslach healwei achten lykwols noch net allegear ‘in the house’ te wêzen. En dus wurdt de ôftraap dan noch wat opskoot. It moat sein wurde dat dy tiid foar ‘literatuerleafhawwers’ ek noch wat te betiid liket te wêzen. Allinnich by de fitrine fan de kroketten en frikandellen wachtet in aardige ploech minsken. Mar dat liket foar iten te wêzen. In oerke letter as plend krijt organisator Jacco de Boer de mikrofoan op. Om mei in moai ferhaal fan eigen hân de jûn te iepenjen.

 

Benammen Schoorstra slagget it knap om de minsken oan him te binen mei syn kalme manier fan fertellen, wylst it publyk krekt skatert fan wille by it ferhaal fan Smit oer in konfrontaasje tusken fuotbalsupporters fan AZ en Cambuur.

 

Yn ferliking mei de earste edysje hat dizze jûn in foller programma. Leafst acht skriuwers, dichters en sjoernalisten trede op: dat is it dûbelde fan it ôfrûne jier. De skriuwers hawwe ek noch hiel útienrinnende eftergrûnen, ja mei ‘roots’ yn Limboarch, yn Fryslân, mar ek West-Fryslân en de rânestêd; mar se binne ek bot ferskillend wat harren wurk oangiet.

Yn de earste omloop komme earst de inisjatyfnimmer, dan radiopresentatrise, teologe Marleen Stelling en de beide skriuwers Willem Schoorstra en Barry Smit oan bar. Allegear drage se in ferhaal foar. Schoorstra sels twa. It publyk harket oandachtich nei de fertellers, no en dan klinkt der ek in kreet fan wurdearring of in reaksje út de massa. Ungefear sechstich man publyk stiet op it drokste momint fan de jûn om it poadiumke yn de snackbar hinne. Benammen Schoorstra slagget it knap om de minsken oan him te binen mei syn kalme manier fan fertellen, wylst it publyk krekt skatert fan wille by it ferhaal fan Smit oer in konfrontaasje tusken fuotbalsupporters fan AZ en Cambuur.

Nei in healoere is der in koart skoft en klinkt de muzyk fan dj Pete Blaker wer even yn de snackbar. In kertierke letter – as ek de rokers wer binnen binne – komme dan Mohammed Benzakoer en Sannemaj Betten oan bar. Dichter Sannemaj Betten komt fan it Bildt, út Sint Jabik, mar se wennet sûnt koart yn Almere. Miskien net de stêd dêr’t je it earst fan ferwachtsje dat dy in dichter ynspiraasje biedt, sa bringt ek De Boer yn. Dochs is Almere “Echt een mooie stad,” fersekeret Betten, dy’t net de sprekwurdlike ‘gebaande paden’ folget. Se hat in soad sukses mei poetry slamwedstriiden – wedstriden tusken dichters dy’t om en om in gedicht opsizze moatte, oan de ein kiest it publyk de bêste dichter – se hat jûn de skriuwer Benzakoer útdage om neist syn ferhalen ek in gedicht foar te dragen: in gedicht dat hy út de holle opsizze kin. En sa wurdt der op dizze opmerklike jûn ek in Reve-gedicht opdroegen.

 

Sa no en dan klinkt der dêrom ynienen ‘bitterballen!’ fan achter de toanbank wei.

 

De ynformele opset fan it festival betellet him sa tige út. De skriuwers heakje gauris yn op wat in oar foardraacht en minsken yn it publyk komme op in prachtige wize mei har wurk yn de kunde, foar safier’t sy de skriuwers noch net kinne. Want op de fraach wa’t wat lêzen hat fan Barry Smit, giet der net ien hân omheech. De efterste rij publyk kin der ek maklik even by weirinne om in snack of in pilske te bestellen. Sa no en dan klinkt der dêrom ynienen ‘bitterballen!’ fan achter de toanbank wei.

De lêste ‘foardragers’ binne Leon Verdonschot en Henk van Straten. As de skriuwers allegear in kear op it poadium stien ha, wurdt dyselde syklus mei acht foardragers nochris folmakke. Oan de ein fan de jûn lêst Verdonschot in skitterjende passaazje foar út syn roman oer de rockartyst Denvis. Henk van Straten stelt dat hy as Eindhovense skriuwer eins mear rjocht hat om oer Denvis te ferhalen as Verdonschot. Mei’t Van Straten dêrnei ek noch in link lizze kin mei it fenomeen ‘poetry slam’, slút er de kleurrike literêre jûn op passende wize ôf.

Poëzy- en ferhalefoardracht yn in romte dêr’t knetterjend frituerfet hieltyd eftergrûnlûd produsearret en dêr’t it publyk yn en út rinne kin, op foarhân liket dat in nuver idee. Mar elk dy’t by it literêr festival yn it Vliet west hat, sil sizze dat it in gaadlik en bearesterk konsept is.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels