• 13 april 2017

    ARJAN HUT -  Ik belje mei Jelma Knol om mear te witten te kommen oer it Skriuwerswykein op Skylge fan 5-7 maaie. Op it stuit dat ik har belje is sy drok dwaande mei it skriuwen fan in boek, in soarte fan famyljeskiednis. "Wy hâlde in famyljedei," seit de Ensafh-redakteur as ik freegje nei de oanlieding. De famyljedei is al hast en dan moat wurk [...]

  • 4 april 2017

    TSJOMME DIJKSTRA -  It momint fan de oprop hie net better komme kind, fynt Gerard de Jong, dy’t yn maaie nei de Baskyske stêd San Sebastián ôfreizget foar it projekt Oare Wurden / Other Words. Nei André Looijenga en Bart Kingma is De Jong (37), al santjin jier haadredakteur fan de Bildtse Post, de tredde Fries dy’t útstjoerd wurdt nei in oare regio yn Europa [...]

  • 3 april 2017

    Yn opdracht fan de Marrekrite lansearree de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner, Joost Oomen, Saskia Stehouwer, Syds Wiersma, Lida Dijkstra en Dien L. de Boer skreaunen earder al in gedicht foar dit projekt. Sûnt ferline jier ek poëtyske ankerplakken op it lân. Yn dizze fideo fan Remco de [...]

  • 30 maart 2017

    RYNK BOSMA -  "Je moatte it minsken oan de doar tabringe", sa seit skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum. De yn 1969 yn Oranjewâld berne De Jong makke as skriuwer syn debút yn 2010 mei Guozzeflecht en is ûnderwilens al dwaande mei in seisde roman. Ek is hy sneons as kollumnist warber foar Omrop Fryslân. Dêrneist is hy de man dy’t de ea sa ferneamde [...]

  • 7 maart 2017

    ARJAN HUT - De minsken hiene de fjoerpylken al yn de hân doe't op de uterste râne fan 2016 de nije Edwin de Groot ferskynde. 'Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see' is de fjirde bondel fan de dichter út Aldehaske, dy't as Feandichter ek yn tsjinst is as poetysk fertsjinwurdiger fan de gemeente It Hearrenfean. Hy hat it drok. Henk van der [...]

  • 6 maart 2017

    JOSSE DE HAAN -  Marten Hepkes Bakker revisited troch Abe de Vries. In negearre dichter, 1848-1927.   Dat ik yn myn bêste jierren ’t sied strui yn in drege grûn, wêrút rike fruchten dije op myn lette libbensjûn. Dat dy fruchten duorje kinne, elts se plôket, elts se priuwt – dat de swietens fan dy fruchten jimmer yn wurdearrring bliuwt. (út: Hjerst, 1879)                                  Oan myn [...]

  • 1 maart 2017

    FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –   It is heal febrewaris en der wurdt hjoed in rekôr brutsen. Wie it trije dagen lyn noch in pear graden ûnder nul en moasten de redens út it fet, no is it suver maitiid en hellet it kwik de 15 graden. It is de waarmste febrewarisdei sûnt 1958. De terrassen yn Amsterdam sitte grôtfol en it liket [...]

  • 27 februari 2017

    Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma yn it programma ‘Op en út’ fan Omrop Fryslân: Marten Hepkes Bakker, 'Dan krije de fûgels dien'. Gedichten. Utjouwerij Grotesk, Amsterdam 2016. www.grotesk.site Bert Wagendorp, 'Masser Brock'. Atlas-Contact, Amsterdam 2017. www.atlascontact.nl Monica Soeting, 'Cissy van Marxveldt. Een biografie.' Atlas-Contact, Amsterdam 2017. www.atlascontact.nl    

  • 20 februari 2017

    SJOERD BOTTEMA -  Erik of het klein insectenboek is it bekendste boek fan Godfried Bomans (1913-1971). It ferskynde yn 1941 en yn 2013 kaam de 60e printinge út. Yn totaal binne der yn Nederlân mear as 900.000 eksimplaren fan ferkocht. It giet oer Erik Pinksterblom, in jonkje dat himsels op in stuit weromfynt yn it skilderij dat boppe syn bêd hinget: Wolwiid, dêr’t allerhande ynsekten [...]