Poëtyske ankerplakken: Piter Boersma
Publisearre op 3 april 2017
Yn opdracht fan de Marrekrite lansearree de Moanne ferline jier it projekt ‘De Marboei’. In poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Elmar Kuiper, Ellen Deckwitz, Jaap Krol, Elske Kampen, Arjan Hut, Erik Lindner, Joost Oomen, Saskia Stehouwer, Syds Wiersma, Lida Dijkstra en Dien L. de Boer skreaunen earder al in gedicht foar dit projekt.
Sûnt ferline jier ek poëtyske ankerplakken op it lân. Yn dizze fideo fan Remco de Vries in petear mei dichter Piter Boersma dy’t yn Earnewâld ynspiraasje opdie. “Ik kom hjir al fan myn sechde ôf oan. En ik moat sizze, skriuwe oer in ûnbekend gebiet is faak noch makliker as oer Earnewâld, dêr’t ik al salang kom. Hjir kin ik safolle details en hjir lizze safolle oantinkens, dat je der soms wolris in omkomme as je mei in gedicht dwaande binne. De Alde Feanen, dat is eins myn paradys.” Lês it gedicht dat er oer Earnewâld skreau no yn de Moanne nûmer 2.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
MARITA DE JONG - ‘Under de tsjinjende laach sitte in protte oare dingen’ In tsjinjend fak. Sa omskriuwt komponist en musikus Cees Bijlstra (56) [...]
Kategory: Byldzjende keunst,kultuerbelied,Ynterview
GRYT VAN DUINEN - Yn 1997 makke Oeds Westerhof (37) as direkteur fan Keunstwurk syn entree yn de Fryske kultuer. Foar fiif jier woe er [...]