fotografy: Fryslân Aktueel

Boeken sutelje foar eigen doarp of feriening

RYNK BOSMA – 

“Je moatte it minsken oan de doar tabringe”, sa seit skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum. De yn 1969 yn Oranjewâld berne De Jong makke as skriuwer syn debút yn 2010 mei Guozzeflecht en is ûnderwilens al dwaande mei in seisde roman. Ek is hy sneons as kollumnist warber foar Omrop Fryslân. Dêrneist is hy de man dy’t de ea sa ferneamde sutelaksje ‘rêchdekking’ jout en fasiliteart.

 

“Friezen binne in apart soadsje, wy ha ús eigen taal mar ûnderskatte dat.”

 

Dat der sutele wurde moat is dúdlik, mar “Der moatte oare wegen ynslein wurde.” En dat betsjut dat it ‘gewicht’ fan it suteljen nei de doarpen brocht wurde moat. De doarpen moatte der sels wat oan oerhâlde, sa fynt De Jong. “It doarp moat it sels organisearje. Tink oan doarpsbelangen, de muzykferiening of de sportferiening.”

Sa wurdt it suteljen persoanlik makke, tinkt De Jong. “As der in famke as jonkje út it doarp foar de doar stiet dan tinke minsken al gau fan ‘Och hea, dat is ien fan dy en dy, dêr moatte wy al wat fan keapje’.” Want de sutelaksje moat it fan it plattelân ha.

Sa wie it jier 2016 in grut ferkeapsukses mei de nedige ferrassingen. “Nim it doarp Penjum, mear as de helte is ‘ymport’ mar dat doarp hie ferline jier prosintueel al de heechste ferkeap.” Oare wegen ynslaan en de sutelaksje is dêr mei dwaande. De doarpen, better sein de ferieningen yn dy doarpen, moatte harren sels oanmelde as sy meidwaan wolle.

Nei it fêststellen fan in datum komt De Jong de folders bringen. Dêrnei bringt hy op de suteldei sels de boeken en hy hat dan ek in pinautomaat by him. It is de gongbere foarm, mar it kin ek oars dien wurde sa as bygelyks yn Reduzum. “De bern bringe dêr earst de folders lâns, minsken kinne dan wat bestelle en dan wurde de bestellingen rûnbrocht.”

Fansels wit De Jong ek dat der tsjintwurdich sa folle is om oan mei te dwaan, de kar wurdt dêrtroch muoiliker. Skriuwers sels by de doarren lâns wurket yn in lân fol ‘Bekende Nederlanders’ net mear. De Fryske taal hat de tiid tsjin, op hieltiten mear skoalpleinen is Nederlânsk de fiertaal. “Friezen binne in apart soadsje, wy ha ús eigen taal mar ûnderskatte dat. Miskien leit de rêding wol by de sosjale media dêr’t hieltiten mear Frysk brûkt wurdt, ek al is it faak fonetysk, mar dat jout neat. Eins ha wy goud yn hannen mar dogge der neat mei.”

De Jong is koördinator fan de sutelaksje yn gearwurking mei it projekt Boeken Fan Fryslân (Afûk) dat him rjochtet op de ferkeap fan Fryske boeken. Sa is der de aksje Boek fan de Moanne en der wurde bygelyks rûnom yn Fryslân boekekisten nei skoallen brocht. Dy krije fjirtjin dagen de gelegenheid om in kar út it oanbod te meitsjen.

Op 4 april is de earste sutelaksje yn Easterein. Dy wurdt droegen troch de pleatselike muzykferiening Wilhelmina. Op keningsdei is Wytmarsum oan bar. Wa’t ek meidwaan wol, kin kontakt opnimme mei f.jong@upcmail.nl of tillefoan 0623408605. Mear ynformaasje is te finen op de Facebookpagina Sutelaksje.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.