• 5 juli 2017

    Wolsto dy ris ferrasse litte en in moaie simmerjûn-kuier troch Mantgum meitsje, mei gedichten as in boeket blommen? Op woansdeitejûn 12 july besjonge njoggen dichters út Mantgum en fier dêr bûten, Mantgum; har huzen, de beammen, de histoarje en de fûgels. Op dizze 'Moanne Live' foardrachten fan: Wytske Wassenaar, Geartsje Bouma, Robyn Steensma, Pieteke de Boer, Ruerdtsje Kuperus, Anna Christien Piebenga, Henk Nijp, Tsjitske van der [...]

  • 4 juli 2017

    Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma yn it programma ‘Op en út’ fan Omrop Fryslân: Jurjen van der Meer en Maaike van den Akker, 'De toverangel fan Ate'. www.audiofrysk.nl. In dieltsje út de Sweltsjerige 2017. In searje berneboekjes foar begjinnende lêzers. In útjefte fan Audiofrysk.nl en Cedin, mei titels fan Lida Dijkstra, Hanneke de Jong, Jurjen van der Meer, Jan Schotanus, Mindert Wijnstra en  Anny de Jong [...]

  • 16 juni 2017

    SJOERD BOTTEMA -  Sa’n bytsje tagelyk mei it ferskinen fan Tsjêbbe Hettinga syn sammele wurk, is it nijste boek fan Jannie Regnerus útkommen. Dat sil wol gjin tafal wêze, want Nachtschrijver is in oade oan de Fryske dichter. Yn it skaad fan de kroanjuwielen, sa soe men sizze kinne.   Regnerus observearret en registrearret, har poëzy – want dêr stiet har proaza fol mei – [...]

  • 8 juni 2017

    RYNK BOSMA -  De tiid dat wrotten en wramen it wichtichste yn it hiele libben wie is al lang foarby. De treden fan de trep nei in better libben ûnder it motto ‘vooruitgang’ binne mear as in heale iuw lyn al naam. Dochs kin it in moaie kapstôk wêze as je grut wurden binne yn in boerenfermidden, noch altiten binne der minsken dy’t wrede, yltige [...]

  • 19 mei 2017

    REINIER SALVERDA -  Yn in lang en wurksum bestean hat Obe Postma (1868-1963) as skoalmaster, dichter, wittenskipper en skriuwer in klassyk prachtich oeuvre ta stân brocht. Al by syn earste bondel, Fryske lân en Fryske libben (1918), waard er bewûndere as dichter, en dat bleau sa oan ‘e ein ta: syn ´t Hat west, it is; it stiet beskreaun (…..) En kin net mear fergean, [...]

  • 10 mei 2017

    SJOERD BOTTEMA -  Molwrot, sa hyt it nijste boek fan Piter Boersma. De ‘mol’ út de titel is de haadfiguer Seleina en ‘wrot’ slacht op wat se al wrottende yn it libben fan oaren fernield hat, har eangst dat der ek nochris in dei komt dat se sels pakt wurdt troch ‘in mollehûn’ en har gewrot om dat foar te kommen. Gelokkich hat Seleina oeral [...]

  • 5 mei 2017

    ARJAN HUT -  Kommende snein presintearret skriuwer Hein Jaap Hilarides yn de Van Harenskerk syn nije boek 'De trekker fan Troje'. It ferhaal is ynspirearre op de boere-aksjes fan 1990. "Se fierden aksje foar bettere graanprizen," fertelt Hilarides, dy't doe tweintich jier wie. "Ik bin opgroeid oan de Middelwei tusken Sint Anna en Sint Jabik, dêr't it allegear begûn. Ikkerbouwer Melle Rienks wie ien fan [...]

  • 4 mei 2017

    SJOERD BOTTEMA - Hylkje Goïnga is foaral bekend wurden troch har koarte ferhalen. Ferline jier ferskynde ûnder de titel Tsien fan Hylkje in lytse kar-út, gearstald troch Douwe Kootstra. Goïnga har ferhalen binne fan alle tiden, skriuwt Kootstra yn syn foaropwurd, en om’t Goïnga har bondels al lang útferkocht binne, waard it tiid foar in nije útjefte. It wurk fan Hylkje Goïnga is wolris fergelike [...]

  • 26 april 2017

    ARJAN HUT -  "Eins hie it Tsjêbbe hjitte moatten, ynstee fan Obe." Gasthear Geart de Vries spriek ôfrûne freedtemiddei yn Tresoar by de presintaasje fan Het Vaderpaard / It Faderpaard, it sammele wurk fanTsjêbbe Hettinga, foar in seal fol skriuwers, dichters en pommeranten dy't it grif mei him iens wiene. Sterker noch, in pear dagen earder krekt foardat Sietske Poepjes yn De Aldehou de namme [...]