Kastanje

KAREN BIES – 

De túndoarren binne hast klear. En de reintonne docht it. Timmerman Syto is der. Hy fertelt dat er ‘no mei de corona’ jûns net mear nei klanten ta giet. ‘Dan timmerje ik pikehokken.’ Sa’n 170 bistjes hat er. Hy seit dat wy ek wol romte hawwe foar in pear piken.

 

Ik plantsje in kastanje, dy’t pas grut wêze sil as ik der allang net mear bin.

 

Ik bin thús. Soms moat ik fuort foar wurk of boadskippen, of ik drink kofje op in geheim adres, mar foar de rest lûk ik my werom op eigen hiem.

Earst moast ik fan mysels wat dwaan oan de corona. De sosjale druk drukte slim op my. Der kaam in teddybear yn it finsterbank, omdat de bern út it doarp har sa ferfele. Ik stuts de reade coronaflage út, foar elk dy’t der ferlet fan hie. Foar de ferpleechsters haw ik stien te klappen. Ik ha jild jûn oan fallite zzp’ers, online foarstellingen besjoen, de klokken let, in liet songen op it túnpaad. (Wat ik nét dien ha, is in plestik earmbantsje keapje (made in China) tsjin de corona.) Ik gong by de bejaarden yn it doarp lâns, om harren myn help oan te bieden. Mar se skrokken en wiuwden my fuort, of se glûpten troch de achterdoar.

Nee, wat ik ek die, it wie fan gjin inkel belang. It fielde allegear as grutsk en pronkerich, sa fan: sjoch my ris. It timmerjen fan in pikehok soe in oprjochtere bydrage oan de wrâld wêze, as dat. Ik helle de teddybear foar it rút wei en de demonstrative flage fan de muorre. ‘Wat doe je nu’, sei M. ‘Ben jij soms voor corona? Wou je ons dood hebben of zo?’

Ik nim in foarbyld oan ús freon Bart. Hy is kweker en koesteret in djippe leafde foar beammen. Op de app wikselje wy graach foto’s út fan aparte beammen. Bart is meastal op syn hiem en sjocht mei bewûndering nei oaren. Nei skoaljuffen, in thússoarchfamke, in winkelman. Syn frou Stella, dy’t húsdokter is. Safolle minsken dy’t yn de wrâld steane en wat betsjutte wolle foar in oar. Bart seit: ‘Iksels soargje no net drekt foar minsken, maar ik fiel in waarme ferantwurdlikens foar it stikje ierde dat ik hjir hoedzje en noedzje.’ Doe’t ik dat lies op ús app, wist ik wat ik dwaan koe. Dus no graaf en siedzje ik. Ik plantsje in kastanje, dy’t pas grut wêze sil as ik der allang net mear bin.

Oer dat pikehok tink ik noch nei.

 

Dizze bydrage stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 2, 2020

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.