De kar fan de klyk: binne dêr Oare Wurden foar?

ELSKE SCHOTANUS –  

It is Karen Bies dy’t útferkeazen is om foar it projekt Oare Wurden acht wiken nei Ierlân. Elk winsket har in soad wille en súkses mei it skriuwen, ik ek en it ferbliuw dêr is har gund, mar dat dat yn it ramt fan Oare Wurden wêze sil, is in misser:

 

1) Karen Bies is kultuerredakteur by Omrop Fryslân en sadwaande kollega fan twa fan de trije troch Tresoar oanstelde sjueryleden foar it projekt Oare Wurden, nammentlik Bart Kingma en Marijke de Boer. (It tredde sjuerylid Trynstsje van der Steege wurket by útjouwerij Bornmeer.)

2) Har literêre oeuvre bestiet, as it om wurk op papier giet, benammen út kollems oer kninen en besites oan de Ikea. Op de Tresoarwebside Sirkwy.frl by de skriuwersbiografyen wurdt sy, tusken Beukel en Bilker, dan ek net neamd: gjin boekpublikaasjes, gjin prizen of nominaasjes, gjin ferwizings nei resinsjes. Ien syn literêre karriêre – telt oars al foar 30% mei yn de beoardieling, sa seit de oprop sa’t Tresoar dy útgien litten hat.

3) Neffens it parseberjocht hat Karen Bies te min dien oan it betinken fan konkrete mooglikheden foar (literêre en/of kulturele) publyksaktiviteiten yn Ierlân, al is it in kritearium dat foar 20% meitelt yn de beoardieling. Mar sjoen har sjoernalistike achtergrûn en ûnderfining krijt sy it betrouwen fan de sjuery, dêr witte sy as kollega’s fansels alles fan. Karen Bies is oars net de earste dy’t, as it om publyksaktiviteiten yn it plak fan ferbliuw giet, troch de sjuery op de fingers tikke wurdt. Mar krekt om har ûnderfining, opdien op de leanlist fan de Omrop en alderhande putsjes, wêrûnder in tal sjuerylidmaatskippen foar literêre prizen, soest tinke dat der op dat front in mear as goed útwurke plan lizze soe.

4) Dan is der nóch in kritearium dat foar 30% meitelt: potinsjeel, ambysje en orizjinaliteit. It wurdt betiizjend no, want potinsjeel sil ek mei ien syn oeuvre te krijen ha en oer dat oeuvre is hjirboppe al wat sein. It útferkeazen plan hâldt yn: in ferhaal dat útrinne moat op in roman en it senario foar in muzykfilm. Yn stekwurden: treastgjende lietsjes, optrede yn pubs, fereale, Dublin, de westkust fan Ierlân, in geheim en it Iersk sil in ‘funksjonele rol’ spylje. Jongeren binne de doelgroep. Dat alles is net sa bysûnder, it bysûndere is dat it plan multimediaal is: foar de muzykfilm sil der gearwurke wurde mei de band WIEBE.
As it om de multimedialiteit giet, mei muzyk en film, dan kin nimmen dêr tsjinop. De sjuery, dy’t, as sein, foar 2/3 út omropmeiwurkers bestiet, sa seit it rapport, is dan ek bliid. No is de ambysje om in filmsenario te skriuwen, goed genôch om foar Oare Wurden foar in bûtenlânferbliuw yn oanmerking te kommen, wêrom dan ek in ferhaal en in roman? En kin der beoardiele wurde op it plan foar in muzykfilm as it eins allinne om it skriuwplan gean moatte soe? En is de keazen kandidaat net tefolle ôfhinklik fan Wiebe Kaspers syn songteksten dy’t ‘funksjonearje as selsstannige sênes dy’t it ferhaal fierder bringe’ moatte? Is it fair in plan te honorearjen dat mei ôfhinklik is fan de kapasiteit en de ynset fan oaren?En as der in filmsenario komt, stiet der dan yn it plan wa’t de yntinsje hat dy út te bringen of út te stjoeren? Want pas dan, as it in muzykfilm wurdt, is der sprake fan multimedialiteit. Mar wêrom soe Karen Bies dan fia it ynisjatyf Oare Wurden nei Ierlân gean en net op kosten fan de partij dy’t de film, mits it senario akkoard is, útbringe / útsjoere sil? Hoefolle mooglikheden binne der yn Fryslân as it giet om Frysktalige films?

5) 80% fan de beoardielingskritearia is behannele, de oare 20% gean oer de ferbining mei de wearden en doelstelling fan it Oare Wurden-projekt. Lit mar.

 

Wat woansdei 11 april nei bûten brocht is, nammentlik it parseberjocht en it sjueryrapport, ropt dus fragen op. De hiele proseduere, mei op 16 maart, presys ien dei nei de deadline, de bekendmakking yn de rjochting fan de gadingmakkers dat de te kiezen kandidaat net nei Dublin giet, mar hûnderten kilometers fierderop ferbliuwe sil, earne oan de westkust, doochde sawiesa al net. De Ierske organisaasje dy’t as gasthear fungearret, soe yn Dublin HIELENDAL NERGENS in keammerke fine kinne, sa wie de ferklearring. Mar it is de organisaasje dy’t de oprop die, yn dizzen Tresoar, dy’t dat dan mar regelje moatten hie. En om’t Tresoar dat net die, hie de sjuery fair spul spylje moatten troch gjin gehoar te jaan oan it fersyk om de tsien yntsjinne plannen te hifkjen. Mar wat komt it moai út dat it ferbliuw oan de westkust wêze sil, want Karen Bies har ferhaal / de roman / it senario sil him foar in grut part dêr ôfspylje! Net te leauwen: as wie it sa betocht.

Meidat sjueryleden út itselde lytse fermidden komme as de kandidaten is der it risiko op fertinking fan freontsjepolityk, partidichheid, in klyk fan minsken dy’t elkoar de bal taskowe of hoe’tst it ek mar beneame wolst. Karen Bies moat nei de Ierske kust, har plan útfiere, mar dat sy dêr fia Oare Wurden hinne reizgje kin: tsja …

Comments
9 reaksjes oan “De kar fan de klyk: binne dêr Oare Wurden foar?”
  1. josse de haan schreef:

    Bêste Elske, ‘Oare wurden’ hat neat te krijen mei literatuer. Sjoch it listje:
    A. Looijenga – Macedonie: noch nea in primêr literêr wurk skreaun;
    G. de Jong, Bildtse Post – San Sebastian : zero boeken skreaun, doe’t ik him dêr trof tocht er dat ik Gorter wie (hat dus noch nea fan Fryske Literatuer heard);
    B. Kingma, tv-makker – San Sebastian: hat neffens de list Fryske skriuwers ien roman skreaun;
    K. Bies, tv-makster, sjoch fierder boppe.
    Ik bin benijd nei de 10 gadingmakkers, oft der ek bûten dy mear echte skriuwers by sieten.
    Groet – josse

  2. Is it gebrûklik by de Moanne dat in redakteur sa delsetten wurdt?

  3. Eddy Drost schreef:

    Dat Cornelis en Elske net tegearre foar in romantysk wykein nei Skylge ôfreizge is wol bekend.
    Mar dat de Moanne de reaksje fan Elske oer it barren publisearret is allinich mar posityf.
    Boppedat, Elske hat folslein gelyk.
    At ik in reaksje plaats op ensafh.nl komt er te stean ‘uw reaktie is in afwachting van goedkeuring door de redactie.’ Oft dat hjir ek sa is wit ik net, mar ik tink it net.

  4. Eddy Drost schreef:

    No dêr wie ik dus mis. Hjir ek al sa. So much for the free word yn Fryslân.

  5. Eddy Drost schreef:

    “Mar wêrom soe Karen Bies dan fia it ynisjatyf Oare Wurden nei Ierlân gean en net op kosten fan de partij dy’t de film, mits it senario akkoard is, útbringe / útsjoere sil? Hoefolle mooglikheden binne der yn Fryslân as it giet om Frysktalige films?”

    ‘Sietske mei Jan.’
    ‘Goemoarn Jan, wat kin ik foar dy dwaan?’
    ‘No Sietske, Karen Bies komt krekt werom út Ierlân en hat dêre in prachtich ferhaal skreun. Wiebe Kaspers hat der skitterjende muzyk by skreun. Dat wy wolle der wat moais fan meitsje en tinke oan in spesjale muzykfilm. It ferhaal is skreun foar de jongerein en wy sjogge my dizze spesjale muzykfilm grutte kânsen harren te ynteressearre foar de Omrop.’
    ‘Dat klinkt goed Jan, dat hawwe wy yndie noadich. Wat kin ik foar dy dwaan?’
    No, Sietske, wy komme mei ús miljoenen oan subsydzje net út. Hasto noch in pear ton yn it laadsje lizzen?’
    ‘Fansels Jan, gjin probleem. Stjoer mar in mailtsje, dan meitsje ik it fannemiddei noch oer. Oars noch wat Jan?’
    ‘Nee, hjoed net, mar miskien belje ik ein fan ‘e wike noch even. Tanke Sietske, oant sjen.’

  6. Freddy Scheltema schreef:

    Parseberjocht:
    Yn 2019 mei Pyt Paulusma fan Oare Wurden acht wiken nei Wales. Paulusma wol der net allinne syn earste boek skriuwe mar ek in opera. De wurktitel is ‘Moarn mar wer efkes yn it waar sjen’. De muzyk is yn hannen fan ‘De Zware Jongens’. ‘It hat altyd myn dream west om in boek te skriuwen’ sei de waarman. Yn it sjueryrapport stiet dat Paulusma noch gjin grut literêr oevre hat mar wol potinsjeel. Sa hat hy de tekst skreaun foar de karnaval hit ‘Regen, regen Ik kan er niet meer tegen’ en de t-shirt tekst ‘Alle dagen rein, útsein snein’.

    Myn plan foar Ierlân is ôfkard en dat begryp ik wol. Myn oevre (4 titels, 2 yn it Frysk, nomineare foar de Douwe Tamminga en de Rink van der Velde priis) kin net yn it skaad stean by oare gadingmakers. Ik begryp ek de wrevel by oare ‘echte’ skriuwers want de kar foar in kollumniste en sjoernaliste bliuwt nuver.

    Mar ik bin net soer en winskje Karen Bies in protte wille en in soad sukses yn Ierlân! Sláinte!

  7. Eddy Drost schreef:

    Parseberjocht 2:

    Omrop Fryslân hat bekend makke dat de premjêre fan de muzykfilm “By de Kninen ôf” op sneon 10 november 2018 plak fyne sil.
    Lokaasje: De Neushoorn.
    De film is basearre op in ferhaal fan Karen Bies dy’t foar it projekt ‘Oare Wurden’ twa moanne nei Ierlân reizge. De kar fan de tige kundige sjuery foel folslein terjochte op har ynstjoering en hienen ûnder oaren betûfte skriuwers as Elske Schotanus en Freddy Scheltema it nei sjen.
    De rezjy fan de film is yn hannen fan Omrop Fryslân film-makker Bart Kingma en meiwurker fan de Omrop Marijke de Boer skriuwt it filmskript.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.