Kanaal

Publisearre op 16 augustus 2015

KAREN BIES – 

Turfgravers wisten al ieuwenlang wat striid wie, dus tweintich jier om it Polderhoofdkanaal wer iepen te krijen koene der ek noch wol by. Dizze simmer is it kanaal klear. Soms farre der deis sa’n tachtich boaten trochhinne, skriuwt de krante. Ekonomyske foarútgong yn de feanderij, Beetsters en Feanhoopsters, begjin gau in bêd-en-brochje of grand café! Dy tweintich miljoen euro dy’t it kanaal koste hat oan brêgen, slûzen en rjochtsaken moat dochs weromfertsjinne wurde.

 

Wylst tsien man nei ús sloepke stean te sjen, sakje wy stadichjes in meterke nei ûnderen. Gekkehûs.

 

In moai rûntsje farre, wat wol in mins noch mear? Wy hiere in sloep en tuffe by De Feanhoop de Noarderslûs yn. As iennichsten. Ik bin de kaptein en om it wat spannender te meitsjen, fertel ik myn bemanning dat men nóáit in boat fêstbine moat oan de kade, omdat by it sakjen fan it wetter wy dan mei syn allen hingjen bliuwe oan de touwen, dy’t ik dan mei myn kapteinsmes yn ien haal trochsnij en ús sloep in fal makket fan acht meter yn it kolkjende wetter fan de slûs!

It wetter bliuwt kalm en wy ek. Mar it doarp fynt it wól spannend. It nijs dat der in boat yn de slûs leit, is gau troch de buorren en wy binne in toeristyske trekpleister. Wylst tsien man nei ús sloepke stean te sjen, sakje wy stadichjes in meterke nei ûnderen. Gekkehûs.

Foar kofje is it lykwols noch te betiid op ‘e Feanhoop, it Polderhûs is ticht. We farre troch. By it kafee fan Nij Beets bestelle wy twa kofje plus twa waarme poeiermolke mei slachrjemme foar noch gjin seis euro. Noflik foar ús, mar dat binne gjin grand café-prizen, en sa krijt men dat kanaal fansels noait lyk.

Fierderop sitte fjouwer manlju te kaarten op de wâlskant, mei in sigaret yn ‘e mûle en in krat bier ûnder it taffeltsje. Mannewykein, tink ik. Klaverjasse, drinke, smoke, efkes gjin frou dy’t hyltyd wat gesellichs dwaan wol. Wat wol in man noch mear?

Wy hawwe in prachtich fartochtje. Brêgen gean op en del, slûsdoarren iepen en ticht. Mar op dat hiele Polderhoofdkanaal komme wy mar ien kruser en twa kano’s tsjin – lang gjin tachtich.

Ien klaverjasser stekt syn hannen en syn pilske yn ‘e loft. Boer, nel en twa frije azen. Wat wolst noch mear.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]