Josse de Haan (1941 – 2020)

Skriuwer Josse de Haan is op snein 1 novimber yn it sikehûs fan Bayonne (Frânsk Baskelân) ferstoarn. Hy krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar syn roman Piksjitten op Snyp. De sjuery wie fan betinken dat De Haan in wichtige bydrage levere hat ta de fernijing fan de Fryske literatuer. Sûnt 1999 wenne De Haan yn it doarp Hendaye, yn Frânsk-Baskelân.

De Haan wie yn de jierren ’60 pleiter foar fernijing yn de Fryske literatuer. Literatuer moat fan him fernijend wêze, minsken prikkelje en útdaagje. Daïstyske en surrealistyske ynfloeden binne yn syn wurk werom te finen; teffens eksperimintearre er mei foarm yn syn proaza.

Josse de Haan wie ien fan de oprjochters fan Operaasje Fers en skreau romans, essees, koarte ferhalen, toanielstikken, poëzij en berneboeken. Koartlyn ferskynde fan him de roman ‘Passys’, in ‘autofiksjonele’ roman oer in libben yn leafde en literatuer.

Yn dit dossier op de webside fan ‘de Moanne’ stikken dy’t earder yn ‘de Moanne’ ferskynd binne oer syn libben en wurk. En ek besprekken en polemiken fan syn hân dy’t earder yn ‘de Moanne’ stienen.

Comments
Ien reaksje oan “Josse de Haan (1941 – 2020)”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.