Josse de Haan (1941 – 2020)

Josse de Haan (1941 – 2020)

Op snein 1 novimber 2020 ferstoar skriuwer Josse de Haan. Yn dit dossier stikken dy’t earder yn ‘de Moanne’ ferskynd binne oer syn libben en wurk. En ek besprekken en polemiken fan syn hân dy’t earder yn ‘de Moanne’ stienen.

In memoriam Josse de Haan (1941-2020)

Op 4 maart 2106 vierde Josse de Haan zijn 75ste verjaardag met een etentje voor zo’n vijftig genodigden in Restaurant De Vliegende Hollander in Leeuwarden. Het was een bijna on-Fries gebaar van gulheid. Die avond werd er gelachen, gedronken, gegeten en voorgelezen uit het werk van Josse. Vriend en vijand schaarden zich aaneen rond de jarige Job, die overigens al lang jarig was geweest.

Laudatio foar Josse de Haan by de útrikking fan de Gysbert Japicxspriis 2007

Josse de Haan berne te Peins yn 1941, stienbok / wetterman – sa’t er op it omslach fan Forneukte stêd (1972) skriuwt – fan 1962 oant 1964 redaksjelid fan Quatrebras, dêrnei fan A-wyt en Trotwaer, besitter fan it eigen literêr-polemyske tydskrift iP2r90, tsjintwurdich meiwurker fan de Moanne. Hy is skepper fan in omfangryk oeuvre, dat bestiet út romans, gedichten, toanielteksten, essays en boekbesprekken.

Rapport fan de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2007

‘De mins wurdt mins troch taal, bestiet dêr yn en troch, en meidat literêre wurken yn haadsaak oer minsken geane is de wize fan skriuwen en it eventuele ‘oare’ gebrûk fan de taal essinsjeel. Sûnder eksperiminten mei de taal (en dus de foarm) ûntstiet gjin nij en orizjineel keunstwurk’. Sa hat Josse de Haan syn skriuwerskip sels omskreaun. Wannear’t men syn oeuvre  − mear as 25 boeken − en syn literêre aktiviteiten fan de lêste fjirtich jier oereidet, dan is dy opfetting oeral yn it wurk fan Josse de Haan werom te finen.

Ik skriuw en bestean

Yn in ynterview haw ik ris sein dat it ‘meitsjen fan in keunstwurk (in roman yn myn gefal) foar my de legitimaasje foarmet fan myn bestean’. Mei oare wurden, ik ûntlien myn identiteit foar in part oan myn literêre libben. Myn fundamintele wissichheid oer myn eigen plak en rol yn de wrâld – myn persoanlikheid sis mar – hat te krijen mei myn profesje as skriuwer.

Spegeltsje spegeltsje oan 'e wân, wa binne de moaiste yn it lân?

De nije Spegel mei Fryske poëzy is novimber 2008 oan Abram de Swaan oanbean - noch leafhawwer fan poëzy, noch fan Fryslân. As publisitêr objekt in non-objekt. Mar literatuerbefoarderer T. Oppewal seit: ‘Ik bewonder die man om zijn scherpzinnigheid, zijn humor en zijn stijl van schrijven. Zo Amsterdams ook’ (Contrabas). Dat idee-fixe oangeande dy Amsterdamske styl fan skriuwen hat neat opsmiten. 

Josse de Haan & Identiteit

Skriuwer en útjouwer Josse de Haan hat in frjemde, rûzige tiid achter de rêch. Ferline jier stapte hy nei in soad tûkelteammen út de Koperative Utjowerij, yn 1970 mei troch him oprjochte. It wie in bedroefd ôfskied. Mei Trinus Riemersma rjochte De Haan yn maart 2003 fuort in nije útjouwerij op, fiif dagen neidat hy de KU ferlitten hie. It bedriuw ûntlient syn namme oan de maitiidsgoadinne fan de fruchtberens, Venus, en betsjut foar de âlde maten yn alle opsichten in nij begjin.

Anarkystack - Josse de Haan

Dit jier jout Tresoar yn it kader fan Lân fan taal yn twa ynstallaasjes yn de stúdzjeseal rom omtinken oan dichters en keunstners dêr’t (gelokkich) net sa ienfâldich in etiketsje op plakt wurde kin: Sssstt…!

de Moanne Live mei Josse de Haan

De lêste Moanne Live fan dit jier stiet yn it teken fan de nije essaybondel fan Josse de Haan, ‘Frozen moonlight yn myn hannen’. Yn ’e mande mei útjouwerij Elikser en Museum Dr8888 wurdt op freed 15 novimber yn Museum Dr8888 troch de skriuwer it earste eksimplaar oanbean oan Marianne ten Hove.

Besprek bondel Wolf yn harnas fan Cornelis van der Wal

‘Dy moarns betiid wie ik noch lang net útrêst fan ’t bêd gongen yn it hûs dat myn âldelju foar fakânsje hierd hiene yn Hendaye. Ik wie nei it strân rûn, dat om acht oere noch útstoarn wie, in griis strân ûnder de Baskyske wolken dy’t leech en ticht op elkoar as in eskader bommesmiters oer de see skeaten.

De glysterinetriennen fan it Kristendom

Op side 191 fan syn nije roman Regaad yn ’e himel skriuwt Steven Sterk: ‘swit lei him (Petrus) yn Man Ray-dripkes op ’e foarholle (…) mar doe, by de tredde kear (tsjoenen) rûgelen der ynienen tûzenen pearels út ’e loft.’ Op side 6 hat Sterk al warskôge: ‘(oare) yntertekstuele ferwizings binne ornearre foar de goede fersteander.’

De moderne kruistocht van Josse de Haan

Wie zoals ik geïnteresseerd is in de het modernisme in Friesland kan niet om Josse de Haan heen. In de afgelopen decennia leverde hij een aanzienlijke bijdrage aan de vernieuwing in de Friese literatuur en ontving daarvoor in 2007 de Gijsbert Japicxprijs. Daarnaast onderneemt hij als polemist sinds jaar en dag een kruistocht tegen de anti-modernisten. In de optiek van Joss de Haan lijkt de strijd tussen antieken en modernen in Friesland nog altijd niet beslecht.

De lije side fan 'e tiid

Ferwachtest sa’n sammelbondel by in dichter dy’t syn lêste kromkes takomst tusken de stive fingers troch rûgeljen sjocht en allinne noch weromsjen kin. Hy leit de pinne del, panderet noch ien kear troch syn wurk en wiist op dingen út syn hurdrinnerstiid dêr’t er wiis mei of grutsk op is. En dan leit er ek de holle del.

De literêre barrikaden fan Thomas Vaessens

De revanche van de roman. Literatuur, autoriteit en engagement

De lytse dea, noch altyd

Echt en ûnecht. Yn de leafde, yn erotyk, yn seks en porno. Dat is wêr’t Josse de Haan syn nijste roman Elja om draait. De haadpersoanen El (hy) en Elja (sy) sille tegearre in film meitsje: ‘Gummykut’. De filmtitel tsjut de wûndere miks fan ûnecht en echt oan, it ûnechte omdat it om in film giet, in eroatyske film wêrby’t gummy foar it kâlde, foar it neimakke stiet, mar wêrby’t gummykut as wurd, as titel, tagelyk in contradictio in terminus is. Echtens is it wêr’t de filmmakker yn syn wurk nei stribbet, en net allinne yn syn film: Hy is fereale op de haadrolspylster, Elja.

De oare koperen tún

Simon Vestdijk hat yn 1950 De koperen tuin skreaun, neffens my ien fan syn moaiste romans. Ik haw dat boek op myn sechtjinde lêzen en de haadpersoan Trix Cuperus haw ik letter yn in pear fan myn gedichten opfierd. Ek yn in roman. Mei de koperen tún hat Vestdijk faaks de Prinsetún yn Ljouwert bedoeld. De kopermuzyk spilet yn dat boek in grutte rol.

De oarlochsdeiboeken fan Hanny Michaelis

We hawwe in pear kear praten, meastal by poëzyfestivals. Ien kear wat langer. Dat wie yn Ljouwert doe’t Operaesje Fers (de poëzytelefoan) dêr in poëzyjûn hâlde yn in winkelsaak fan De Jong op de Nijstêd. Fryske en Nederlânsktalige dichters, froulju en manlju, liezen foar. Ik genoat fan dyn fersen, fan dyn foardracht mei in wat hease stim. Rutger Kopland wie der ek, mar foar my wiesto de stjer op dy jûn.

Dongeradielster smaak en mjitte, oantekeningen by it boek 'Einum'

It boek Einum is gjin roman, meidat it net oan de definysjes fan in roman beantwurdet – ferhaalline, ûntwikkeling karakters (psychology haadpersoanen) en plot. It boek bestiet út 18 ferhalen dy’t foar it meastepart op harsels steane, fiif kear ûnderbrutsen troch in oardel side ferhaaltsje oer in fûgeltsje dat oer de Atlantyske Oseaan fljocht nei Einum. It fûgeltsje hat gjin funksje yn it ferhaal, noch reëel, noch metaforysk.

‘In prachtich gedicht leveret altyd nije ferrassings op’

Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze rubryk oer út oan de hân fan fyftjin fêste fragen. As fiifde komt Harmen Wind (1945) oan it wurd.

‘Mei it bloed yn ’e klompen’

Oan it wurd is Josse de Haan, in kontroversjeel fenomeen yn de Fryske literatuer sûnt de fernijende 60’er jierren, net benaud om dwers tsjin hearskjende opfettings yn te gean. Hy is erudyt, wol him deeglik ferantwurdzje, der net samar wat hinne prate, mar hy draacht leaver de flerken fan ’e besieling as it maatpak fan ’e rede. Dat betsjut ek dat syn styl gauris retoarysk wurdt: hy herhellet himsels, docht ‘foar-de-fûst-wei’-útspraken, wurket mei hyperboalen, klimaksen, ‘sweeping-statements’, ensfh. as in sprekker dy’t yn ’e rin fan syn rede wat langer wat mear de geast krijt, mei alle ûntspoaringen dy’t dêrby hearre.

Gysbert 2015: Josse de Haan

‘De roman is in minskepoppespul mei seldsume suvere loksmominten fan fersmelting mei de oar, dy’t de wrâld letterlik opheffe, mar dy’t djoer betelle wurde.’

Leafdedea: reaksje Josse de Haan

Yn maart 2010 krige ik fan Utjouwerij Elikser yn Ljouwert de fraach oft ik tastimming jaan woe foar it opnimmen fan myn neiskrift yn de twadde printinge fan de roman leafdedea (KU, '94) foar in nije printinge dy't Elikser yn gearwurking mei Tresoar utjaan soe yn 2011.

Earste ljipaai

Dit gedicht oer myn pake Jehannes is yn maart 2012 ferskynd yn: Pieter Breuker, Kostelijke Koopwaar, Wijdemeer. En yn 2013 yn: Josse de Haan, Frozen moonlight yn myn hannen, Elikser.

Een kloek boek raakt niet zoek

Willem Winters is yn de Frysk/Nederlânske útjouwers- en skriuwerswrâld in bysûnder fenomeen – syn útjouwerij Perio bringt om de safolle tiid tige aparte en bysûndere boeken en boekjes op ’e merk. It motto fan de útjouwerij is ‘een kloek boek raakt niet zoek’. It wurd kloek dêryn betsjut net grut, want soms moatte je mei in fergrutglês in boekje lêze. Bysûnder fan foarm binne se al, dy útjeften, en nearne oars ferskinend. Al sûnt 1984, mei in fiifensantich publikaasjes (haw iksels, miskien binne der mear).

Eppie Dam: ‘Elke dichter is syn eigen streaming’

De Fryske poëzij is te lyts foar streamingen. Wy binne al bliid mei elke wjittering dy’t út it lege lân wei in bydrage levert oan de see fan wurden. Trouwens, wat binne streamingen? Se tsjinje faak de kadersucht fan wittenskippers of helpe de gearstallers fan literêre hânboeken oan in foarm fan didaktyk. Dit wiene De Tachtigers, dat woene De Fyftigers. No hiene dy noch in program. Allinnich, hoefolle dichters falle dan wer krekt bûten de grinzen? En de dichters dy’t der kenlik binnen falle, sjonge dy allegear itselde liet? Faak wurde ûneigentlike skaaimerken oandroegen om in groep as groep te affisjearjen. Dat in ploechje Fryske dichters tafallich yn Grins tahâldt, wol net sizze dat se op grûn dêrfan in literêre streaming foarmje. Elke dichter is syn eigen streaming, krekt as elk minske in streaming fan wetter, bloed en galle.

Finsters iepen - Lit de dowen fleane

Fryslân hat Nederlân wat te bieden en Nederlân (ynklusyf Fryslân) hat Europa en de wrâld wat te bieden. In wichtich elemint yn dat gehiel is de taal, it Frysk. Yn dy taal wurdt û.o. literatuer skreaun. Dy literatuer kin Europa allinnich mar berikke as der oersettingen komme. Dat fereasket in omslach yn tinken, yn de mentaliteit yn Fryslân sels. Minsken sille der fan oertsjûge wurde moatte dat guon literêre wurken yn Europa nijsgjirrich fûn wurde kinne, omdat dy wat tafoegje oan de Europeeske kultuer. Ynstee fan alles op Fryslân sels te setten (It Fryske Boek, kroaden, suteljen, propaganda, ensfh. – mei net te ‘muoilike’ boeken) soe de fokus mear op Europa lizze moatte.

Josse de Haan: Ik skriuw en bestean

‘As Josse de Haan skriuwt, dan rattelje de ruten en dinderje de kop-en-pantsjes, reaget er alle sabeare en echte duvels ta de hel út,’ skreau Trinus Riemersma, doe’t De Haan yn 2007 de Gysbert Japicxspriis takend waard. Ek yn Frozen moonlight yn myn hannen (2013), in omfangrike samling mei resinsjes, kritiken, polemiken, skôgingen, brieven, toaniel (in ienakter), proaza en poëzij, wurdt omraken duveldei holden.

Fryske moderniteit yn de eagen fan Huub Mous

Modernisme hat te krijen mei foarm en foarmferoaring. Dat wat bestiet hat al in foarm, en dy foarm feroaret – fan bûtenôf (troch wyn en wetter bgl.) of fan binnenút (troch bgl. in groeiproses). De mins kin bewust in foarm feroarje.

Gysbert Japicx-priis 2015

De advyskommisje fan de Gysbert Japicx-priis 2015 hat 12 boeken nomineard foar de priis. Op 1 juny wurdt dizze 'longlist' werombrocht nei in rychje fan 3 titels. Dêr sil de Moanne wiidweidiger omtinken oan jaan. Yn it dossier oer de Gysbert 2015 resinsjes en in tal koarte fragen oan de nominearde auteurs. Net elkenien woe meiwurkje of antwurd jaan op de fragen. Besjoch hjir it dossier oer de Gysbert Japicx-priis 2015.

Harmen Wind: As skriuwer bist dyn earste lêzer

“Doe’t ik begûn mei skriuwen, die ik dat yn it Nederlânsk. Makkest dy earst los fan dyn jeugd en fan de provinsje. Ik seach net de wearde fan it Frysk yn. Mar letter kaam it besef dat ik yn dy taal opgroeid bin en dat my dat foarme hat. Dy taal is allemachtich wichtich foar my. Doe waard it tiid dat ik ek yn it Frysk begûn te skriuwen."

In memoriam Trinus Riemersma

Yn de kommende ‘Moanne’ stean wy wiidweidich stil by it ferstjerren fan Trinus Riemersma, grut skriuwer, oprjochter fan de Koperative Utjouwerij en âld-redakteur fan Trotwaer. Dan pleatse wy ûnder oaren in tal brieven dy’t Josse de Haan him in tal jierren lyn skreaun hat. Derfan pleatse wy no ‘Brief

It dûnsjende observearjen fan Dinie Boogaart

It is krekt oft se wat fan jin ôfskrabet – mei elke streek fan it pinsiel – en dat stikje fan my op it doek set. Streepke nei streepke, blokje nei blokje, kleurke nei kleurke, it yninoar past en oerelkoar hinne skoot. Soms trochinoar mingt oant de krekte ljochtynfal de kleur fan it palet bepaalt.

Jelle Kaspersma is in observator

Jelle Kaspersma skriuwt al hast fjirtich jier Fryske gedichten. Syn lêste bondel Ieneach Kening ferskynde okkerdeis by útjouwerij Venus. Foar dy bondel hat er fersen makke by tekeningen fan Gerrit Cnossen. It tastânkommen fan de bondel is in ferhaal apart.

Niet apart maar samen

‘De openbare kweekscholen hadden in tegenstelling tot de christelijke kweekscholen niet echt een achterban. De christelijke deden meer aan identiteitsontwikkeling’ – LC, 1/11/’18. Dit zei de schrijver van het boek Openbare opleidingsscholen in Friesland op 1 november j.l. tijdens de presentatie van het boek. De schrijver van het boek, Gerben E. de Vries, had eerder een promotieonderzoek gedaan naar christelijke kweekscholen (2004). Voor €50.000 mocht hij ook nog even de Rijkskweekscholen beschrijven, met name die in Leeuwarden, Heerenveen en Drachten.

Nije canon Fryske literatuer

Op snein 1 novimber 2020 ferstoar skriuwer Josse de Haan. Yn dit dossier stikken dy’t earder yn ‘de Moanne’ ferskynd binne oer syn libben en wurk. En ek besprekken en polemiken fan syn hân dy’t earder yn ‘de Moanne’ stienen.

Nije gedichten fan Cornelis van der Wal

Wa’t de wrâld omskriuwe doart as ‘in nêst jonge magneten’ hat in skerp each foar it dwaan en litten fan minsken. Ik ken gjin dichtbondel dy’t sa’n treffende titel hat – de wrâld as nêst, de minsken as magneten yn dat nêst. Elkoar slikjend, elkoar negearjend, elkoar fearren yn ‘e kont stekkend, elkoar it bloed ûnder de neils fuort sûgjend.

Nog altijd strijd om Leafdedea

‘De literatuerbefoarderers hâlden de fernijing fan de Fryske literatuer tsjin,’ zo verklaarde Josse de Haan in de LC, nadat hem in 2007 de Gysbert Japicxprijs was toegekend. Die miskenning zou niet alleen hemzelf betreffen, maar ook veel vernieuwers van zijn generatie. Het experiment valt nu eenmaal niet zo goed bij de snel vergrijzende lezersschare van de Friese literatuur, en zeker niet bij de herders die over die kudde moeten waken, met consultant Frisian literature Teake Oppewal voorop.

Notre-Dame de Paris

Op snein 1 novimber 2020 ferstoar skriuwer Josse de Haan. Yn dit dossier stikken dy’t earder yn ‘de Moanne’ ferskynd binne oer syn libben en wurk. En ek besprekken en polemiken fan syn hân dy’t earder yn ‘de Moanne’ stienen.

Premios literarios kutxa Ciudad de Irun

It is healwei achten de jûns. We sitte mei in goeie twa hûndert minsken yn de teaterseal fan it kultureel sintrum fan Irun - Ficoba – op 'e grins fan Spanje en Frankryk. Om de rotonde hinne foar it sintrum reest it ferkear oer de brêge dy’t de twa lannen ferbynt. De Bidasoa streamt hjir ûnder de brêge út de Pyreneëen yn de Atlantyske Oseaan. De rivier foarmt de grins tusken de twa lannen.

Teare wrakseling mei de leafde

Yn Nanette, de nijste roman fan Josse de Haan is wat soartgelikens oan de hân. Sa’t Byatt foar it skriuwen fan har roman ynspirearre rekke troch ûnder mear de brieven fan George Eliot, sa liet De Haan him ynspirearje troch de brieven fan de njoggentjinde-ieuske skilder Van Gogh. By it op’e nij lêzen fan de brieven fan Van Gogh krige De Haan yn de gaten dat dy geniale skilder in grut ferlangen nei in mem en in bern hân hawwe moat, mar dat de offisjele skiedskriuwing dêr altyd folslein oan foarby gien is.

Spinroc

Sûnt in jier bin ik dwaande mei in roman dy’t foar in part yn Bergen (NH) spilet – wurktitel In winter oan see mei Colleen (frij nei A. Roland Holst syn bondel Een winter aan zee - 1937). Dichters, skriuwers, skilders, groepys en oar literêr folk fleane oer de siden fan de roman.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.