fotografy: Menéndez Pelayo International University. Federico del Sagrado Corazón de Jesús García Lorca (1898 – 1936)

Jezus mei opskearde nekke

ARJAN HUT –

De fraach gong oer jeugdsoarch. It antwurd fan it kandidaat-riedslid wie dat al dy psychyske problemen bern inkeld oanpraat binne. Der folge wat oer it grutte korona-komplot, dêrnei yn ien sike troch nei genderidentiteit. Hoefolle genders wiene der no al net, al dy letters, wol 74 ferskillende genders! Hy lake, achteryn klapten in mantsje-mantsje en in wyfke-wyfke, dêr siet ik njonken. Se liken my pubers ta, yn de sneinske pronk. ‘Bern moatte wer leare trots te wêzen’, dat wie neffens de sprekker de oplossing. 

Soms liket it as wurde alle ferstannige minsken ferfongen troch gleone koppen

Ik wie oanwêzich om in gedicht foar te dragen, mear net. Der gong wol fanalles troch my hinne. Oer wat ús allegear oanpraat wurdt. Nasjonalisme bygelyks, dat is der by it folk – wy seagen tradysjoneel net fierder as it eigen streekje – oait yndruit. Ik tocht oan religy. Dat krekt minsken dy’t tsjerklik binne, dochs witte moatte dat wat’sto leaust, foar dy folslein wier is. Dat is de krêft fan leauwen. Ik tocht oan de protenstants-tsjerklike ôfsplitsings, hoefolle binne it der no wol net? Ik tink wol mear as 74. 

Der kamen lilke reaksjes út it publyk, âlders foaral, dy’t de kandidaat fregen hoe’t nota bene hy soks, yn it deistich libben dosint, sizze koe. Hy antwurde yn syn rol as dosint en kaam daliks in stik nuchterder oer. Mar dochs. Soms liket it as wurde alle ferstannige minsken ferfongen troch gleone koppen. In spul fan lilkens, oerspanning en wapperaasje. It gong net in tel mear oer jeugdsoarch. 

Ik rûn nei foarren om myn ferkiezingsgedicht foar te dragen, en seach hoe’t in man mei in opskearde nekke it mantsje-mantsje en it wyfke-wyfke in high five joech. Doe lies ik myn gedicht foar alle kiezers, yn de geast fan Federico Garcia Lorca, dy’t dichter foar it hiele folk miende te wêzen. Ik tocht oan Lorca en oan Jezus mei in opskearde nekke. No, mear as in healjier letter, spûket my sa’n jûn noch yn de holle om. 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.