fotografy: Melklokaal (René Vogelsang)

Jannewietske de Vries oer Sies Bleeker

JANNEWIETSKE DE VRIES –

 

Ofrûne snein iepene deputearre Jannewietske de Vries yn Melklokaal op It Hearrenfean de eksposysje mei wurk fan Sies Bleeker. By dizze gelegenheid spruts sy de folgjende taspraak út.

 

Achte minsken, freonen fan Sies,

Hjoed binne wy hjir byinoar om yn wurd, tinzen en byld eare te jaan oan Sies Bleeker. Ik fyn it prachtich dat Minke Postma en Albert Oost fan it Melklokaal it op harren nommen hawwe om Sies, en Sies syn wurk, foar ús libben te hâlden. Dat hat er tige fertsjinne. Ik wol dizze tentoanstelling ek graach sa sjen dat Sies hjir wer even by ús is. Hy lit ommers yn elk wurk en ûntwerp fan him ús in stikje sjen fan wat him yn djipst fan syn hert beweegd hat.

“Fan de romte en it ljocht it wêzen te fangen.”

Ik fûn it ynspirearjend om mei Sies te praten, te laitsjen en it mei him oer keunst te hawwen. Keunst yn Fryslân, gjin Fryske keunst. Sies hat tegearre mei Dirk Beintema de keunstkolleksje fan de provinsje op oarder brocht. Dat wie wol nedich. It wie in drama, ik kin it net oars sizze. Sies hat ús provinsje leard om keunst yn Fryslân te dielen mei de minsken. Hy hat ús op ’e nij leard dat keunst yn al syn foarmen minsken oanreitsje wol, mei minsken yn petear komme wol, minsken oan it tinken set en minsken sjen lit hoe moai en ferwûnderlik sysels en de wrâld om har hinne wêze kinne. Lit dy keunst dan ek sjen, stopje it net fuort, hingje it moai del, koesterje dy keunst. Jou Fryslân in gesicht.

Sies wie doe al siik, mar ik tink dat de leafde foar de keunst sá yn him siet dat hy sa lang as it him mar mooglik wie trochwurke hat, mei syn eigen wurk en by ús mei de ynrjochting. Wy binne as provinsje oan Sies en ek oan Dirk Beintema, dy’t hjir hjoed as freon fan Sies is, grutte tank ferskuldige. Sies hat ek de keunst foar de keamers fan de deputearren mei útsocht. Ik fûn it prachtich om it mei him te hawwen oer de skilderijen, de kleuren yn it nije Provinsjehûs, wat der oan keunst yn stean moatte soe. Wy hawwe it wiidweidich hân oer hoe’t de Zandvliet, de Van Althuis en de Sjoerd de Vries op myn keamer hingje moatte. Sies hâlde fan it Fryske lânskip. Hy wie ûnwennich as hy net yn Fryslân wie. Dat gefoel werkende ik hielendal. Lânskip, stilte en ljocht. Myn keamer op it Provinsjehûs hat dat: ljocht, stilte, lânskip. Dêr kom ik ta mysels en kom ik ta it wêzen fan Fryslân.

Sies hie syn ideeën oer de ynrjochting fan de seal dêr’t deputearre steaten elke tiisdei fergaderje. De kolleezjeseal. Hy wie der foar en ferbyn de barokke fersierings fan ieuwen ferlyn mei hjoeddeiske keunst. Wy hawwe syn advys opfolge en sadwaande kaam der op de muorren gjin loftblau damast, mar yn stee dêrfan prachtich wurk fan de Sineeske jonge keunstneresse Moe Sie (Mu Xue). Sy hat meditative doeken makke op muzyk fan û.o. Laurie Anderson en Steve Reich. It bringt spanning yn de romte, mar ek wat sereens. Ik tink dat ús besluten der better fan wurde. Wy litte yn elts gefal de wrâld Fryslân binnenkomme en litte dat sjen yn it Provinsjehûs.

Wy hiene Sies ek frege as lid foar de Advyskommisje byldzjende keunstopdrachten. It is fanút dy posysje ek mei troch Sies en Huub Mous fansels, dat de provinsje foar it nije Provinsjehûs grutte keunstopdrachten útsette koe en woe. Wy doarden it oan om mei Hans van Houwelingen yn see te gean. It gie Sies net om grutte nammen, it gie him om grutte keunst mei in protte eigenheid en kwaliteit. Dat is der kommen.

Huub Mous en Eeltsje Hettinga hawwe it deroer hoe’t miskien in ‘triade fan ljocht, stilte en lânskip’ Sies ferbynt mei oare Fryske keunstners, spesjaal yn en om It Hearrenfean. Sjoerd de Vries, Willem van Althuis en fral Boele Bregman. “Misschien ook een hang naar solitaire eigenzinnigheid”, skriuwt Huub Mous yn syn boek De kleur van Friesland. Ja, sa haw ik Sies ek meimakke. Eigensinnich en dwers: en dat trune my oan ta tinken en lef.

In bysûnder minske krijt no in bysûndere tentoanstelling op in bysûnder plak. Ik tink dan foaral oan Minke Postma, dy’t sa hurd krewearre hat om dizze tentoanstelling fan ‘har’ Sies syn wurk foar inoar te krijen. It boekje Libje yn liende tiid hat hja mei Eeltsje Hettinga en Willem Winters makke. En oan Albert Oost, dy’t hjir yn dit nije Melklokaal, Sies en syn wurk eare jaan woe mei in moaie tentoanstelling yn It Hearrenfean. Dêrom tink ik dat Sies hjir ek is. Hy wie sa ferbûn mei de minsken om him hinne, hy hat safolle stipe fan harren krigen … Dat is rykdom, sels of júst yn liende tiid. Sies jout ús dat yn syn wurk werom. In tried fan ljocht, stilte en lânskip ferbynt ús.

 

Sjoch hjir foar it interview dat Eeltsje Hettinga ferline jier mei Sies Bleeker makke.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.