It wêzen fan waarnimmer Harmen Wind

Publisearre op 1 oktober 2020

ARJAN HUT – 

 

Love me, love me, say you do
Let me fly away with you
For my love is like the wind
And wild is the wind

út Wild is the wind, bekend fan û.o. David Bowie en Helen Merril

 

Witte dat Harmen Wind der net mear is, en syn gedichten lêze. Sa komt it grif dat it liket dat net allinne syn lêste bondel, ‘Heechtiid’, optilt mei fersen dy’t wêzen, gean en ivichheid befreegje, dy’t wierheid sykje en ferhelje fan de skeppingskrêft fan wurd en stim. De dichter stoar op 1 oktober 2010, hjoed tsien jier lyn. Is hy in fergetten dichter? Wurdt er noch lêzen?

 

Hoe lang hat it duorre foar dat ik dizze bondel iepen doarde te tearen? Hast njoggen jier. Heechtiid.

 

Under it skriuwen fan ‘Heechtiid’ wist hy dat er geande wie. De bondel hat twa skiften en it earste hjit ek fan ‘De Geande Man’. Dat titelfers ferskynde lykwols al yn 2004, skreaun foar de trijetalige bondel ‘Gjin grinzen – de reis’ (Cepher, 2004). It twadde skift hjit ‘It lêtste etmel’. Alle oeren krije twa strofen mei fjouwer rigels. Behearske, ôfmetten rigels fan in dichter dy’t oant de lêste tel nijsgjirrich bliuwt, en witte wol.

Wolst noch wat freegje, noch wat / roppe. Hearst ien dêr flokken yn ‘e / fierte? Is dat rûzjen dêr de wyn? De / stoartbak boppe? Lêste azem? Wjukken?

Midden yn de stoarm fan de permanint lykjende Amerikaanske ferkiezingen, Covid-konsekwinsjes, oplôgjende oarloggen en in bombardemint fan mieningen, slút ik my ôf en lês de iene nei de oare bondel fan Harmen Wind. De Fryske earst, al wit ik dat er ek yn it Nederlânsk skreau. De dagen sjeze op elektryske fytsen foarby, mar de gedichten fan Wind steane stil, ferankere yn in sniewite tiid. Is dat wol sa? Dat se stil steane. Traach binne se yn alle gefallen, ûnder it lêzen fernim ik dat, it geduld dêr’t mei skreaun is. Op de webside fan in festival giet it tagelyk oer dichters as wurdwetterfallen, dy’t yn trance it publyk betsjoenje, poëtyske poadiumbisten dy’t taal as knalfoerwurk troch de romte tuolje litte, mar dan tink ik oan de sparsume wurden fan Wind, de wite romtes om de strakke eilannen fan presys ôfmetten, fynbeslipe taal. De lêste trije bondels meitsje op my de measte yndruk. Der komt in potlead by, foar oantekeningen, lytse tearen yn siden dêr’t de meast bysûndere gedichten steane. Ik lês se stadich. Kin ik der wat muzyk by ferneare?

De sân skiften yn de op twa nij lêste bondel ‘By Heech En By Leech’ (Utjouwerij Fryslân, 2002) ha allegear mei de stim, te krijen. Tagelyk  ek mei (wier)meitsjen en wêzen. Yn de bondel komme ferwizings nei de bibel foar, sa as it boek Exodus, yn It lêste wurd (side 37) dêr’t God syn namme bekend makket, Ja-wèh – ik bin. Wat sein wurdt, wurd wier. Praat stadich. ‘De Reizger’ op side 14 is in stien. Der wurde diggels opdold út de tiid. De dichter folget in frou, mar rint har dan samar foarby, wylst âlet in seefûgel. Mominten fan leafde om altyd fêst te hâlden. En yn it wûnderlike fers Ein (side 54) fljocht in fûgeltsje immen troch de plasse. Oer it lêste skift It Kleien bin ik nota bene minder te sprekken. In soad sênes, as stikjes film sûnder kontekst, en in fers nei oanlieding fan de stjerdei fan Jancko Douwama, de Fryske frijheidsstrider.

Wat bliuwt der fan in dichter oer, nei syn dea? ‘Ierdewurk’ (UF, 2005) ferskynde tagelyk mei syn Nederlânsktalige wjergader ‘Aardewerk’. De bondels oerlaapje inoar foar in grut part, soks wie in eksperimint foar de dichter, gjin leafhawwer fan ien op ien oersetten. (“In fers komt yn de taal dêr’t it yn wêze moat en trochstrings moat it dêr ek yn bliuwe.” sei er yn 2008) Witst de dichter hjir ûnder it skriuwen ek al wannear’t er gean moast? Sa fielt it. Yn Nei de top (side 12) ferdwynt in klimmer skynber yn syn eigen gean, mar hat de krêft net om op te jaan. Hy nimt waar en leit fêst yn wurden wat er sjocht, makket sa fan elk stuit in iuw. Mar wa of wat sjocht him? De bergen net, de wyn net. In liet rekket wei yn syn ûnthâld, en ek dejinge dy’t it song.

“Wat sjongt se dêr? Hoe giet dat liet / ek wer? In hoart stiet er stil. De wyn / jankeret, in hûn. Mar net om him.”

Wind beskriuwt in gedicht as in “rop oer in snielânskip”.

“In stjerrende gjalp en nimmen dy’t it heart. In eiderein stiet skier en stil. Sy sil har wjukken net mear / spriede, har poaten net ferwege, / gjin lûd komt har mear út de kiel./ Efter har eagen falt de nacht.”

De steane riedseleftige rigels yn ‘Ierdewurk’, lykas “Wat bliuwt is it bewiis fan wat ferdwynt.” Yn it fers ‘Wêzen’ wurdt immen wat er wurde moat yn de oar har missen. Yn ‘Reliken’ binne oantinkens plakken fan bewarjen, oant se opgeane as skaad yn it tsjuster, drip yn it wetter. It fers ‘Rêst’ set de de tiid stil. Niks gjin rotsjes, strikers, astronauten. Hearlik. Gewoan bysûnder, in hûslik stuit, sy lêst, sy is, en wurdt waarnommen. “Ofstân kinst nimme fan hawwen / net fan wêzen”, stiet in side fierder.

Der sit in nuver soarte fan iensumheid yn de poëzij, as dreamt de dichter de minsken om him hinne en is er eins allinne. Yn ‘Op tiid’ (s. 46) freget er him ôf:

“Wat litte dizze dagen fan ús / oer? Ferhalen skeppe neitins, wy ûnthâlde de / wierheid oan de feiten.”

En yn ien klap sit dizze lêzer net langer yn it each fan de stoarm, mar wurdt weromskuort en meisûge yn de mieningekrigen fan 2020. Elkenien nimt oars waar, we sjogge nei itselde, mar we sjogge net itselde.

Werom nei it each. Hoe lang hat it duorre foar dat ik dizze bondel iepen doarde te tearen? Hast njoggen jier. Heechtiid. In bondel yn kamoeflaazjekleuren, foto fan de dicher yn swart-wyt achterop. Hy sjocht ús oan, wy nimme him waar. Wurden dy’t by Wind gauris weromkomme, binne diggels, eachweid, en beheining. It ferline, it no en … de takomst? De tiid is ús beheining. Wat dogge mei de oeren dy’t we ha? Set de wizers stil. De tillefoan út? Miskien wat muzyk oan, mar net te hurd.

Sjoch! Immen riist op út it laach, / de holle heech. Merkbyt syn / trêd, wylst der útein set, / útkarde dy’t ferfart! / In dûns wurdt him syn rinnen, / in ljocht syn each, syn mûle in hoarn, / de geande man, o sjoch him oan! (…)

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels