It skouke fan pake

Publisearre op 6 april 2011

‘It skouke fan pake…’ reizgje tusken werklikheid & ferbylding: ferhalen & muzyk fan Bennie Huisman & tal fan gasten.

Elk minske is haadpersoan yn syn eigen libbensferhaal. Skriuwers, dichters & sjongers brûke wat se meimeitsje of meimakke ha yn ferhalen, fersen & lieten. Mar wat is der fan wier? En wat is ferbylding? Bennie Huisman skreau foarich jier in roman mei in auto-biografyske ynslach: ‘Lytse histoarje fan langst’. No wurket er oan in boek oer Wibren Altena, de skepper fan de ‘Ballade fan Longerhou’. Hy siket de spoaren fan dizze dichter & foardrager, lykas er foar de roman syn eigen spoaren socht. Hy fertelt & sjongt der oer yn in nijsgjirrich programma: ‘It skouke fan pake…’
Yn de 2e & 3e wike fan maaie, op 9 plakken. En alle jûnen wurkje oare gasten mei: sjongers & muzikanten, skriuwers & fertellers. Alle jûnen: 20.00 oere (m.ú.f 15-5)

11 maaie – Koudum – mei & by Thys Wadman, húskeamerfoarstelling, besletten
12 maaie – Warkum, de Klameare – mei De Doarmers & Douwe Kootstra
13 maaie – Heech, it Heechhûs – mei Frederike Kleefstra & Douwe Kootstra

14 maaie – Snits, Cingelsociëteit – mei Henk van der Veer & Corinne Staal
15 maaie – Goaiïngea, tsjerke – mei Henk vd Meer & oaren (15.00 oere!)
18 maaie – It Hearrenfean, bibliotheek – mei it koar De Reade Hoeke

19 maaie – De Rottefalle, Fermanje – mei Frederike Kleefstra & Tseard Nauta
20 maaie – Earnewâld, Skûtsjemuseum – mei Age Veldboom & de Aldegeasjongers
21 maaie – Jorwert, boppeseal kafee – mei Sytse vd Werf, Marcel Prins & Auck Peanstra

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels