It plak fan Elske Schotanus

Publisearre op 4 september 2015

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN – 

It is sneontemoarn en striemin waar. De wyn komt út it westen, ik skat mei in krêft seis, en it reint hûnehokken. De loften binne griis en swier fan it wetter. De bûtentemperatuer is trije graden. ‘April doet wat hij wil’, yndie. Op dizze yn en yn tryste dei ha wy in ôfspraak mei Elske Schotanus, skriuwster fan de boeken ‘It griisstienen wurd’, ‘Skrik’ en ‘In kop as in almenak’.


Elske, wêr binne we hjir?

“We steane hjir foar de nije molkpoeierfabryk Fonterra op it IBF (Internationaal Bedrijventerrein Friesland) fan It Hearrenfean.”

 

“Se ha hjir sels de strjitnammen feroare. Eartiids hjitte it hjir de Kavelstrook, doe de Mobilisaasjewei, nammen ferbûn oan de skiednis fan dizze streek, no neame se it Saturnus, in sydstrjitte fan Venus en Uranus.”

 

Wêrom steane we hjir? Wat makket dit plak spesjaal?
“Dit is neffens my it meast ûnsjogge plak fan Fryslân. We ha al in soad stikken makke yn ús provinsje mar dit spant de kroan. It mistreastige fan dit terrein en fan dizze fabryk is skokkend. En dat allegear foar ekonomyske foarútgong en twahûndert wurkplakken. Hjir ferwurkje se ús molke ta poeier foar eksport nei Sina. Ik fyn it hjir freeslik, mar it feroarjende lânskip as fenomeen yntrigearret my ek.”

 
It is yndie ôfgryslik, mar al die lilkens kin dochs ek wat moais ha?
“Ja, dat kloppet. Ik bin hjir in kear lâns riden op in simmerdei. De sinne skynde op dit grauwe en grize gebou en it waard suver estetysk. Ik bin dwaande mei in libbensbeskriuwing fan de skriuwer-skilder Pier Feddema[1] en by myn ûndersyk stuite ik op in brief fan Jaap Rusticus dy’t Feddema oanriedt om ‘de heimwee gedachten naar koeien en polders uit te schakelen en je te verdiepen in de schoonheid welke God op een heel andere manier laat zien’. Sa kinst der ek nei sjen. Oait fytste ik troch it havengebiet fan Antwerpen dêr’t kearnsintrales stean. Grouwélige bouwurken, mar mei it goede ljocht derop tagelyk hast keunstsinnich.”

 
Wat fan muzyk hearst hjir?
“Muzyk hear ik hjir eins net. Allinne it lûd fan it razende ferkear. It is de muzyk fan de hastigens.”

 
Hat dit plak ynfloed op dyn skriuwen?
“Ik wurd nostalgysk fan dit plak. Ik bin hjir opgroeid yn Terbant. Dat leit krekt oer de autodyk. At ik hjir lâns kom dan tink ik oan eartiids, oer myn jeugd. By it skriuwen fan ‘In kop as in almenak’, dêr’t ús mem in wichtige rol yn spilet, kaam ik in soad op Terbant. Sy wenne oan de Aengwirderwei ûnder it Rotondetsjerkje.”

 
Soest wat feroarje wolle oan dit plak?
Elske suchtet. “Se ha hjir sels de strjitnammen feroare. Eartiids hjitte it hjir de Kavelstrook, doe de Mobilisaasjewei, nammen ferbûn oan de skiednis fan dizze streek, no neame se it Saturnus, in sydstrjitte fan Venus en Uranus. Noch efkes en dan binne ek de lêste boeren fuort en dan keapje de Sinezen net allinne ús molke mar ek it lân.”

Swijend steane we op it fiadukt. Swijend, want prate is hjir hast ûnmooglik troch it lawaai fan it ferkear ûnder ús. De wyn hellet oan en de rein slacht ús yn it gesicht. Dan nimme we hastich ôfskie en soargje dat we hjir gau weikomme. Opsyk nei oangenamer plakjes.

 

 

[1] De tekst makket ûnderdiel út fan de katalogus dy’t yn juny ferskynde by in útstalling fan it wurk fan Pier Feddema yn Museum Dr8888.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels