It nije learen kin gjin krityk ferneare

Publisearre op 1 april 2006

GRYT VAN DUINEN –

Op it Friesland College wurdt net mear praat fan fakken, roasters, leararen, sifers, klassen, learlingen, repetysjes, opliedings en eksamens. It nije learen hat ek in nije taal. It giet no om kompetinsjes, kearndoelen, kursisten, portfolio’s, refleksje, coaches, fakspesjalisten, leartrajekten en panelpetearen. Lanlik rint it Friesland College foarop mei de yntroduksje fan it nije learen yn it beropsûnderwiis.

It Friesland College is in regionaal opliedingssintrum (ROC) dat middelber beropsûnderwiis fersoarget foar 12.000 kursisten yn dizze provinsje. Ein njoggentiger jierren hat dêr in kultueromslach plakfûn. It praktykstjoerd learen is yntrodusearre, in foarm fan it nije learen, sa’t dat hjoed de dei hyt. Hoewol’t it kolleezje fan bestjoer, Klaas Koops (foarsitter) en Liesbeth Vos (vice-foarsitter), dat begryp net graach brûkt. It hat in negative lading krigen troch de krityske stikken dy’t benammen Volkskrant-sjoernalist Martin Sommer oer dit ûnderwerp publisearre.

Earst de praktyk

It klassikale ûnderwiis is fan ’e baan, it learproses is no yndividueel rjochte. Earder wie it sa dat earst de teory ûnderwiisd waard en dan de praktyk. No is dat krekt oarsom. Earst mar ris in prestaasje ferrjochtsje. In prestaasje is in praktykopdracht en dat kin fan alles wêze. Op in prikboerd yn ’e skoalle fine je ditsoarte koppen: cover een zestiger jaren nummer, timmer een zeepkist, organiseer een sportwedstrijd of begeleid ouderen bij het zwemmen. Al dwaande komt de kursist der dan achter dat hy saken net útfiere kin omdat er net wit hoe’t it moat. Dan moat de kursist op syk nei de teory. Syn coach kin him derby helpe en mooglik kin er in workshop fan de fakspesjalist folgje.

De kursist moat inisjatyf toane en dissipline hawwe om sels it doel te berikken. Wat earder it rapport wie is no de portfolio. De kursist docht dêr ferslaggen yn fan wat er dien hat en foaral fan wat er sels seit leard te hawwen. Selsrefleksje is it biedwurd. Skriftlike toetsen, lykas multiple choise, wurde net graach tapast. De eksamens binne yn de foarm fan panelpetearen.

Klassikaal kin net mear

Greetje van der Werf, heechlearaar ûnderwiiskunde oan de universiteit fan Grins, fynt it gefaarlik wat der yn Fryslân bart. Underwiis hâldt foar har kennisoerdracht yn. En dy kennis moat objektyf toetst wurde. De kursisten leare te min, it Friesland College leveret gjin faklju mear ôf, de panelpetearen binne subjektyf.

Liesbeth Vos seit dat je yn dit nije systeem folle mear út kursisten helje en dat se gauwer op in heger nivo sitte. Klassikaal ûnderwiis soe ek net mear kinne neffens Vos, want dat nimme de kursisten net mear. Se hawwe der gjin nocht mear oan om nei in ferhaal fan in learaar te harkjen ûnder it motto ‘lústerje no earst mar, letter hearst wol wêrom’. De coach begeliedt de kursist by syn leartrajekt, de ferdjipping moat komme fan de fakspesjalist. De kursist dielt syn eigen tiid yn, bepaalt sels hoefolle dagen oft er foar in prestaasje noadich hat. It makket de skoalle net út oft de kursist der ien of tsien dagen oer docht, der is gjin kontrôle. Greetje van der Werf tinkt dat guon kursisten der in potsje fan meitsje. Liesbeth Vos wol it sa net ha, dat wantrouwen nei kursisten ta fynt se ferfelend. De kursisten sizze sels lykwols dat dizze foarm fan ûnderwiis net foar elk weilein is. Net elk is motivearre en kin de frijheid oan.

Twa miljoen yn ‘t jier 

It APS, it algemien pedagogysk stúdzjesintrum, yn Utrecht begeliedt de kultueromslach. Op harren site hyt it praktykstjoerd learen natuurlijk leren. Alex van Emst is in protte op it Friesland College te finen en neamt him de geastlike heit fan it natuurlijk leren. Hy fertelt my dat in bern oant syn fjirde jier op in natuerlike wize leart. Dy wize fan learen moatte je ek yn it ûnderwiis yntrodusearje. As foarbyld neamt Van Emst it learen fan in taal. Frâns leare je it hurdste as je yn Frankryk binne. Dus yn it fuortset ûnderwiis de boeken oan de kant en in taaldoarp yn skoalle bouwe. Set dêr dan inkelde native speakers yn en lit de learlingen dêrhinne gean te winkeljen. As ik Van Emst freegje hoe’t it dan mei de grammatika komt, sjocht er my begrutsjend oan. Typysk in opmerking út it âlde ûnderwiis wei.

Alle jierren besteget it Friesland College twa miljoen euro oan it ynfieren fan it praktykstjoerd ûnderwiis. As ik tsjin Klaas Koops sis dat ik dat in protte jild fyn, seit er dat it op de totale begrutting fan 85 miljoen mar in bytsje is.

Unfrede 

Begjin maart haw ik foar Omrop Fryslân in dokumintêre makke oer it Friesland College en dat programma hat de tongen behoarlik losmakke. Nei de útstjoering lieten in tal belutsenen harren ûnfrede oer dit nije learen oan my witte. By it Friesland College fûnen se gjin ear  foar har klachten.

De âld-kursist

In âld-kursist docht it ferhaal oer it leartrajekt elektroanika. Hy is ien fan de trije fan syn jier dy’t slagge binne foar dy oplieding. De oare santjin binne noch net sa fier. Faak hawwe kursisten al in baantsje en noch hieltyd gjin diploma. Foar de oplieding stiet fjouwer jier, mar se meie acht jier oer it leartrajekt dwaan. En sokken binne der. De frijheid giet faak oer yn frije tiid, seit dy âld-kursist.

‘It probleem fan de oplieding is dat je sels je stúdzje organisearje moatte. Dan planne je open leerplaatsen dêr’t je oan dielnimme wolle en dan blykt ynienen dat de learaar oare stof behannelje wol of dat it learplak helendal net troch giet. Asto wat witte wolst, moatst der achteroan gean en op ’e stoepe lizze. Oan it begjin fan it jier hat gjinien ferlet fan de dosint, mar oan ’e ein docht elkenien in berop op him en dan giet it mis.’

‘Faak moatte wurkstikken yn groepkes fan fjouwer oant seis kursisten makke wurde. Foar in ambisjeuze kursist wurket sa’n groepke as in rem, minder motivearre kursisten lûke it nivo nei ûnderen. Alle groepsleden krije deselde beoardieling. De hurd wurkjende kursist helpt oaren dy’t it yndividueel noait rêde soenen oan har diploma.’

De staazjebegelieder 

‘Ik kin dúdlik merke dat it basisnivo dat earder fanselssprekkend wie net mear oanwêzich is. By ús waard it der froeger ynstampt. No komme se it bedriuw yn sûnder bagaazje. Se witte fan niks. Foar elke opdracht hawwe se earst ûndersyk noadich en dan moatst se dûbelop begeliede en kontrolearje oft it wol goed giet. Wy wurde feredele oplieders foar de skoalle. Wat it Friesland College lizze lit, moatte wy oppakke. Dêrby wurdt fan de staazjebegelieders ek noch frege om kursussen te folgjen. Dy wurde troch it lanlik bedriuw dat de staazjes regelt organisearre en moatte troch de bedriuwen betelle wurde.’

De staazjebegelieder lit my de folder fan maart 2006 sjen. De kursussen beslane tusken de fjouwer en tsien dagen en de kosten sitte meast tusken de trijehûndert en tûzen euro.

‘It kostet fierstente folle tiid en jild. It spitige is dat krekt lytse bedriuwen dêr’t kursisten in protte leare kinne soenen, dat net oan kinne. Dan komme se by grutte bedriuwen telâne dêr ’t it faak produksjewurk is wat se dwaan moatte.’

De mem

‘Mei ús dochter gie it goed op it Friesland College. Se wist wat se woe: ferpleechkunde. It is in selsstannich type dat har wol rêdt. Wêr’t wy wol argewaasje fan hienen, wie dat geandewei hieltyd de regels fan it spul feroaren. Dan moasten je fjirtich ôftekenpunten (medyske hannelingen dy’t je behearskje moatte) foar it diploma hawwe, dan wienen it wer fiifenfjirtich en letter wer fiifentritich. Dy ûndúdlikheid wie ferfelend. Mar mei har kaam it wol klear.

Mei ús soan net. Dy is der op it Friesland College helendal yn fersûpt. Hy kaam fan it VMBO en dy oergong nei dat nije learen wie fierstente grut. Hy wist net sa goed wat er woe en kaam op in sosjaal-juridyske oplieding. Moarns gie er wol fan hûs mar op ’t lêst kaam er helendal net mear op skoalle. Dat wisten wy net, want as âlden hasto by it Friesland College gjin inkelde gryp en kontrôle op wat der  omgiet. We hearden it ek net fan de leararen dat hy net kaam, mar fan de oare kursisten. Op de leeftyd fan fyftjin, sechstjin jier is de frijheid fan it nije learen te grut, mar in inkeling kin dat bolwurkje. Us soan hat in jier ferdien en is no nei de HAVO ta.’

De mem soe ek wolle dat âlden ynfloed hienen yn de skoalle, dan soe soks oan ’e oarder komme kinne. Yn it televyzjeprogramma hat se it Friesland College sizzen heard dat it tal útfallers fermindere wêze soe. Dat wol har net oan. ‘De útfal is heel grut, ien fan de foarljochters fan de skoalle hat dat tajûn. Dat nije learen is in systeem fan niks.’

De âld-learaar

‘As je as learaar kritysk wienen holden de meiwurkers fan it APS je yn ’e gaten. Se wisten wêr’t noch sindingswurk bedreaun wurde moast. De skoalle woe dissidinte leararen graach kwyt want wy hienen in negative ynfloed op de rest. En dat wie fansels ek sa. Koops en Vos hawwe de absolute hegemony, tsjinspraak is der net. Ik bin op myn stânpunt stean bleaun dat dit net de goede wei wie. Dat doarde ik ek te dwaan, want ik siet noch mar in pear jier fan myn pensjoen ôf.’

‘Leararen dy’t har yn it nije systeem fine koenen, koenen in saneamd ROC-sertifikaat helje. As’t dat hiest krigest in periodyk ekstra. Mar foardat je dêr oan begjinne koenen waarden je balloteard troch Cor Klip, de partner fan Liesbeth Vos. Hy hifke oft je de missy ûnderskreaunen.’

Uteinlik rekket dy âld-learaar der mei in finansjeel goede regeling út. En it jild is neffens him ek gjin probleem by it Friesland College. ‘Yn it nije learen binne foar de kursist noch mar fjirtjin lesoeren begrutte. Foar it oare moat er it sels útsykje. Dat is in grutte besparring. Der binne hieltyd minder leararen op it Friesland College te bekennen en, iroanysk genôch, ek hieltyd minder kursisten.’

Dat in tal ôfdielingen it dochs goed docht, komt neffens de âld-learaar trochdat dêr minsken sitte, dy’t har net safolle oanlûke fan it nije belied. Se stimme yn mei it kolleezje fan bestjoer en geane foar it oare safolle mooglik gewoan har eigen gong. It Friesland College is hjoed de dei trije kear neat, seit de âld-learaar. Mar der is gjin konkurrinsje. Utwike nei de Friese Poort kin net samar, want in protte leartrajekten binne mar by ien fan beide te folgjen.

Unfoldwaande opbringsten

It lêste rapport fan de ûnderwiisynspeksje datearret fan april 2004. It set posityf út ein, de ynspeksje seit yn it algemien betrouwen te hawwen yn de kwaliteit fan it ûnderwiis. Unfoldwaande is de kwaliteit fan de unit MBO Handel, trije opliedingen fan de unit Ferfier en Logistyk en ien oplieding fan Hospitality and Tourism.  It rendemint fan it praktykstjoerd ûnderwiis wurdt de ynspeksje net dúdlik: ‘de effecten van dit onderwijsconcept zijn thans nog onvoldoende scherp in beeld’. By it haadstik opbrengsten is de konklúzje dat dy opbringsten oer it generaal ûnfoldwaande binne. Der is bygelyks gjin dúdlikheid oer de ‘gemiddelde verblijfsduur voor diplomering’. Dêr moatte we út begripe dat it Friesland College net wit wêr’t de kursisten sitte en hoelang oft se der sitte. Yn april fan dit jier komt der wer in rapportaazje fan de ynspeksje.

Eangstkultuer

Slim is de eangst dy’t der hearsket op it Friesland College. Eangst by elk. It kolleezje fan bestjoer is benaud foar krityske fragen fan sjoernalisten foarsichtich mei publisiteit. Tsjinstanners fan it systeem wolle net foar de kamera omdat it net lije kin krityk te hawwen. Wa’t net ynstimt mei it praktykstjoerd ûnderwiis kin it wol ferjitte by it Friesland College.

Dy leararen binne uitgeleerd, seit Koops. Wa’t net achter it nije systeem stiet is in hinderpeal wurden foar de organisaasje.

Mar it is eins noch slimmer dat de kursisten ek net frijút prate kinne. In krityske kursist dy’t tasein hie oan it programma mei te wurkjen, seit ôf. De lieding liet him witte dat it ferstanniger wie om neat te sizzen. Oars koe dat foar him minder goed útpakke by syn ferfolchoplieding. Greetje van der Werf krige midden foarich jier in mail fan tritich kursisten dy’t klagen oer it ûnderwiis by dit College. Se fielden har yn ’e steek litten troch de leararen. Dy kursisten hienen de klacht earst by har eigen skoalle dellein, mar fûnen dêr gjin gehoar. It Friesland College seit hjir net fan te witten.

As it kolleezje fan bestjoer fan gjin klachten witte wol, hjir steane se op papier. Op eigen manneboet hawwe de minsken reagearre, net op myn fersyk. Goedwollende âlden, belutsen dosinten, staazjebegelieders dy’t it it bêste mei de kursisten foar hawwe. Sûnder harren namme, noch hieltyd benaud foar de konsekwinsjes fan in kritysk lûd. Wannear komt it safier dat it kolleezje fan bestjoer harren serieus nimt? Wannear sille se in klacht beskôgje kinne as in goed advys? En wannear docht it kolleezje oan de selsrefleksje dy’t by it nije learen sa belangryk is? Lit harren út ein sette mei in ynhâldlike diskusje. Gjin terreur mear, minsken moatte sizze kinne wat se wolle. Dat de loft boppe it Friesland College opklearje mei!

 

Earder publiseard yn de Moanne, 5 (2006), 3 (april), s. 26-28.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels