It Fries Museum in lêsmuseum?

GERBEN DE VRIES – De lêste kear dat ik nei it Fries Museum gie, wie ik in jier as tolve, trettjin. Der is my fan dat tripke nei Ljouwert net safolle bybleaun, útsein it Swurd fan Grutte Pier. Hy hjitte oars doe noch Greate Pier. Ik bin nea wer yn it gebou oan de Twabaksmerk […]

Libje yn liende tiid

EELTSJE HETTINGA –  ‘As ik de keunst net hie, soe ik pas werklik fergean.’   In bankje oan it hôf fan de Bonifasjustsjerke yn Aldeberkeap, dêr’t de jierlikse keunstrûte ‘De open stal’ syn beslach kriget. Midsimmer. Trije pratende skilders. Under harren byldzjend keunstner Sies Bleeker (1941), dy’t yn 1964 syn earste útstalling hie by galery […]

Paula Modersohn-Becker, In reis

EELTSJE HETTINGA –  Yn Museum Belvédère is op dit stuit wurk te sjen fan Paula Modersohn-Becker (1876-1907), ien fan de belangrike foarrinders fan it Dútske ekspresjonisme, sa’t dat begjin 1900 gesicht en foarm krige. Modersohn-Becker wenne en wurke yn Worpswede, de keunstnerskoloanje, súd fan Bremen, dêr’t ûnder oaren ek de dichter Rainer Maria Rilke yn de winter […]

Filt is hip

WENDY KENNEDY – De keninginne fan it filt: dat is Claudy Jongstra (1963) út Spannum. De fan oarsprong Limboarchse hat filt wer hip en eigentiidsk makke. Grutte moadeûntwerpers wolle har stoffen brûke foar kleankolleksjes, en se wurket gear mei ferneamde arsjitekten. It Fries Museum hat har frege om in grut muorrekleed fan filt en side […]

Saskia Bak wil schakel zijn tussen kunst en publiek

foto: Linus Harms

KAREN BIES – (foto: Linus Harms) Saskia Bak (1964) is ôfrûne jannewaris beneamd ta de nije direkteur fan it Fries Museum en keramykmuseum it Princessehof. In grutte ferrassing wie dat net. Al tsien jier wie se adjunkt en se foarme sûnt 2006 mei Cees van ’t Veen de Ried fan Bestjoer. Har rol is wol […]

Cees van ’t Veen en het Fries Museum

Jeroen Horsthuis fotoburo het Hoge Noorden

KAREN BIES – It waait noch like hurd oer it Ljouwerter Saailân. Sil de wyn lizzen gean as hjir oer in pear jier it nije Fries Museum stiet? It referindum yn maaie joech net folle stipe, der is ek noch altyd in soad argewaasje oer it jild en der bestiet by guon minsken in grut […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.