‘It ferlies fan elke taal is pynlik’

Publisearre op 6 april 2021

ONNO FALKENA –

Bedrige talen ynspirearje Burjat-om-utens Natalia Papaeva ta persoanlike fideokeunst

Natalia wilde nog niet alles weggeven van het werk wat ze gaat maken. Maar ik wilde haar natuurlijk wél als performance kunstenaar in beeld brengen. Zo ontstond het beeld met de witte bolletjes. Dat beeld vind ik heel mooi geworden, en Natalia zelf gelukkig ook. Ze schrijft : ‘…..my performances are like that. Melancholic and focused inside.’

Natalia Nikolajevna Papaeva jildt as in grut talint yn de wrâld fan de fideokeunst. Se is ôfkomstich út Burjatië, in autonome Sibearyske republyk oan de Mongoalske grins, en makke de ôfrûne jierren yn Nederlân namme mei opfallende en persoanlike fideokeunst yn de bedrige Burjatyske taal. Krekt dy bedrige taal, kultuer en identiteit, mei it boeddhisme as wichtich elemint, is foar de engazjearre fideokeunstner in wichtige boarne fan ynspiraasje. It Ljouwerter keunstinisjatyf VHDG hellet Papaeva nei de Fryske haadstêd foar har earste solo-eksposysje ‘Ik bin/Ik ben’, sadat ek Friezen har ferrasse litte kinne troch de wurken fan dizze opmerklike Burjat-om-utens.

Keunst fertsjinnet fokus. It moat je meinimme nei in oare wrâld en konfrontearje mei oare ideeën.

It earste dat opfalt as je Papaeva treffe is har lingte. Mei ien meter tachtich is se foar in Aziatyske frou net lyts. ‘Burjaten binne gjin lyts folk’, laket Papaeva grutsk. ‘Fierder is it in genetyske kwestje. Us heit Nikolaj is twa meter.’ It is in, hoopje ik, relatyf ûnskuldich foarbyld fan hoe’t foaroardielen fan tefoaren yn je holle sitte kinne. It binne krekt dy foaroardielen dy’t Papaeva graach oanpakt yn har fideokeunst, troch op hiel persoanlike wize grutte tema’s by de kop te pakken, lykas diskriminaasje, útsluting en de oanhâldende eroazje fan de lytsere talen en kultueren op ’e wrâld. Benammen yn Ruslân is de situaasje earnstich, fynt Papaeva. ‘Neffens de nije grûnwet is it Russysk wichtiger as alle oare talen. Mar der binne yn Ruslân mear as 200 talen. Elke taal hat in eigen wearde en betsjut wat foar de wrâld, mar dat stiet der net.’

Terra incognita

De Sibearyske autonome republyk Burjatië leit tusken de Baikalmar en Mongoalië. It is in berchachtich lân mei in soad natuer, dat fan fideokeunstner Natalia Papaeva wol wat bekender wurde mei. Ek toeristen binne wolkom, salang’t it mar gjin massatoerisme wurdt en reizgers har ôffal wer meinimme. De oerlêst fan it toerisme falt noch wol ta, want sels yn Ruslân wite in soad minsken amper wêr’t Burjatië leit. Yn Nederlân is de autonome republyk ek terra incognita, mar as it oan Natalia Papaeva út it plakje Orlik yn de Sayan-bergen leit, feroaret dat. De bekroande performance-keunstner brûkt yn hast al har wurk konsekwint de bedrige Burjatyske taal. Se docht dat net allinnich om har memmetaal mear prestiizje te jaan, mar ek om omtinken te freegjen foar alle bedrige talen. VHDG yn Ljouwert presintearret fanôf 13 maart de earste solo-eksposysje ‘Ik bin/Ik ben’ fan Natalia Papaeva yn it Haniakompleks yn de binnenstêd. Fanwege de koroanaregels binne har wurken te sjen yn ferskate winkeletalaazjes yn de binnenstêd. Keunstromte H47 yn it Haniakompleks is it startpunt fan de eksposysje.

Yn de simmer fan 2020 wie Natalia Papaeva in moanne ‘artist in residence’ yn Ljouwert en dat foldie har skoan. ‘As ik sjoch en hear hoe’t yn Fryslân it Frysk brûkt wurdt, dan wurd ik hast in bytsje ôfgeunstich’, fertelt Papaeva. ‘Yn Burjatië sjogge je mar komselden dat der wat yn it Burjatysk skreaun wurdt. As dat al bart, dan yn it lyts en ûnderoan, want it prestiizje fan de taal is lyts.’ Taalkundigen en ek de UNESCO binne it deroer iens dat it Burjatysk in earnstich bedrige taal is. It tal sprekkers wurdt rûsd op 240.000. Mar dy wenje ferspraat oer in grut gebiet yn Sibearië, Mongoalië en Sina en prate wol sa’n 15 ferskillende dialekten. By elke nije generaasje buorket de taal fierder achterút. Bern dy’t fanselssprekkend yn it Burjatysk opgroeie binne der hieltiid minder.

De Burjaten binne mei sa’n 30 persint in minderheid yn de Burjatyske republyk, dêr’t de eigen taal yn de jierren 60 fan skoalle ferballe waard. ‘Dat hat in soad skea dien en ek in grutte ynfloed hân op minsken. Ik bin no 31 jier en op ’e nij begûn mei Burjatyske les. Ik kin it wol prate, mar net sa goed skriuwe en ik ken de grammatika ek net sa goed. Omdat it myn eigen taal is, fyn ik dat skande.’ Dat skriuwen hat in bysûndere diminsje, want it Burjatysk, dat besibbe is oan it Mongoalsk, hat in eigen alfabet. Papaeva is dat no ek oan it learen. Om as folwoeksene de eigen taal wer folslein yn ‘e macht te krijen falt net ta, is de ûnderfining fan Papaeva. ‘Je moatte wol bysûnder motivearre wêze om dat fol te hâlden.’

It brûken fan it Burjatysk op sa’n 8.000 kilometer fan har heitelân hat foar Papaeva likegoed praktyske as prinsipiële redenen. ‘Myn taal is in boarne fan ynspiraasje foar myn keunst. Ik brûk myn taal yn myn wurk om ’m net te ferjitten.’ Mei mar in hantsjefol oare Burjaten-om-utens yn Nederlân en de famylje fier fuort hat Papaeva hjir net folle kâns om de taal te praten. ‘Ik haw mysels en ik haw myn keunst. Yn myn keunst brûk ik Burjatysk om mei oare minsken te praten. Omdat it keunst is, wurket it en is it ek nijsgjirrich foar oare minsken.’

Yn 2018 studearre Papaeva ôf oan de Keninklike akademy foar byldzjende keunst fan Den Haach mei de fideo Yokhor. ‘Yn dy fideo sjong ik in tradisjoneel Burjatysk liet. Omdat ik it fergetten bin, sjong ik allinnich mar de earste twa rigels. Ik lit sa sjen wat der bart ast dyn taal net brûkst: dan ferdwynt er gewoan. Ik sjong it ferske op in rare en emosjonele wize om alle bybehearrende emoasjes en tinzen te uterjen.’ De persoanlike en orizjinele oanpak smiet Papaeva al ferskate prizen op. Njonken de priis fan de ôfdieling Interactive Media Design fan de Haachske keunstakademy krige se ek de TENT Academy Award. Dêrnjonken waard se yn 2019 nominearre foar de Sybren Hellinga Kunstprijs en krige se ferline jier in Stipendium Jong Talent fan it Mondriaan Fûns.

Moaier en sûner

‘Myn wurk giet net allinnich oer my. It giet deroer hoe’t it wurket as minsken net folle omtinken hawwe foar har eigen taal.’ Wylst it útstjerren fan planten en bisten sjoen wurdt as in bedriging foar de ierde, is der yn de eagen fan Papaeva te min omtinken foar it yn heech tempo ferdwinen fan talen en kultueren. ‘Je kinne elke taal as in plant sjen. It is folle moaier en sûner om in ferskaat oan blommen en planten te hawwen as mar ien plant. Dat is better foar de wrâld. Ast dyn eigen taal en kultuer kenst, bist ryk!’

Natalia Papaeva gie op har achttjinde út Burjatië wei om te studearjen yn St. Petersburch, in lytse 6.000 kilometer fierderop. ‘Ik haw reklame en marketing studearre. Ik fûn dat doe nijsgjirrich. Ik haw ek trije jier by in reklameburo wurke, mar ik fûn dat dochs net kreatyf genôch. Ik tocht doe: ik moat myn siel rêde.’ Papaeva is, lykas de measte Burjaten, boeddhist en dy hawwe in oar idee oer de siel as westerlingen. ‘Burjaten tinke dat dyn siel fuort is ast in soad stress hast. Dy siel moatte je dan weromhelje.’

Ien fan de wizen om dat te dwaan is it útsprekken fan je persoanlike mantra. Dat ynspirearre de fideokeunstner ta it wurk ‘Vacuum’ oer negative emoasjes. ‘Negative emoasjes wurde te faak fuortstoppe. Je hoege net altyd posityf te wêzen, dat is ek net sûn. As der reden foar is, is in min sin yn oarder.’ De fideo is ûnkomfortabel om nei te sjen, mar dat jout neat neffens de keunstner. ‘Keunst hoecht net altyd noflik te wêzen.’

Diskriminaasje

Papaeva ferhuze yn 2013 nei Nederlân om te studearjen yn Den Haach. Ta har ferbjustering waard se benammen yn de grutte stêden yn it westen geregeld op strjitte neiroppen fanwege har Aziatyske uterlik. It ôfrûne jier waard dat fanwege it koroanafirus noch de helte slimmer. ‘Nim fan my oan: elke Aziaat yn Nederlân hat dêr lest fan. Ik ken gjin Aziaten dy’t noch noait oansprutsen binne mei ‘Ni hao’ of in gerjocht fan in Sineesk restaurant. ‘Ni hao’ is eins in begroeting, mar it wurdt brûkt as catcalling, as strjitte-yntimidaasje.’ Diskriminaasje fan Aziaten bestiet ek yn Nederlân grif al folle langer, tinkt Papaeva, mar is troch de koroanakrisis oan de oerflakte kaam. ‘It sit eins folle djipper: it giet om it oansprekken fan minsken op har oars-wêzen.’

Dy praktyk bestiet yn Ruslân ek, mei de útdrukking ‘panajegela’, wat safolle betsjut as ‘do komst net hjir wei’. De útdrukking wurdt brûkt om minsken dy’t net etnysk Russysk binne bûten te sluten. ‘Ik fûn it net leuk om sa oansprutsen te wurden. It ‘Ni hao’ yn Nederlân en it ‘panajegela’ yn Ruslân betsjut foar my wakker itselde: minsken dúdlik meitsje dat se der eins net by hearre.’ It fideowurk ‘We are not from here’ is ek op de eksposysje yn Ljouwert te bewûnderjen. It wurk lit sjen dat taal net allinnich brûkt wurde kin foar kommunikaasje, mar ek om oaren út te sluten.

Dy eksposysje hie al de ôfrûne hjerst plakfine sild. De útnûgingen foar de offisjele iepening wiene al de doar út, doe’t de twadde lockdown it feestje bedoar. Troch de wurken te fersprieden oer ferskate lokaasjes yn de binnenstêd, giet ‘Ik bin/Ik ben’ as it mar heal kin op 13 maart los as in fysike eksposysje. Papaeva is sels fan betinken dat keunst oandacht fertsjinnet, dy’t online net gau realisearre wurde kin. ‘Op in skermke thús of ûnderweis is der tefolle ôflieding. Keunst fertsjinnet fokus. It moat je meinimme nei in oare wrâld en konfrontearje mei oare ideeën. Op it skerm fan in iPad is de kâns dat dat slagget folle lytser.’

Onno Falkena is sjoernalist by Omrop Fryslân en spesjalisearre yn minderheidstalen

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels