In Hongaarkse Switser út Amsterdam

Publisearre op 11 juni 2013

AKKE BOONSTRA – 

Fjouwerentweintich jier lyn kaam Rob Faltin nei Nederlân. Hij soe der in jier bliuwe, mar ûnderwilens wennet hy noch hieltyd yn Amsterdam. De Switser mei Hongaarske âlden is noch altiten dwaande mei ynboargerjen, foaral yn it Frysk. “Dat is in hobby wurden.” It besoarge him de ear foar dit jier it ‘Grut Frysk Diktee’ fan de Fryske stúdzjeferiening Skanomodu te skriuwen.

“Ik wol ynboargerje op in noflike wize,” seit Faltin mei in licht Frânsk aksintsje. “It liket in ûnberikber ideaal om ynboargere te wêzen yn it Frysk. Wêrom soe ik Frysk praten gean en Frysk wurde, wylst ik dat net bin? Mar krekt dêrom bin ik mei it ynboargerjen begûn.”

Faltin skreau yn 2007 in opinystik foar Trouw, dêr’t hy him yn ôffreget wêrom ’t Nederlanners bûtenlanners hast nea as lângenoat sjogge, mar sy harren altyd as útlanner beskôgjen bliuwe, ek al binne se ynboargere. Faltin hie doe al hiel wat Nederlânske gewoanten leard, mar besleat dochs om noch fanatiker yn te boargerjen. Boppedat keas er ek noch foar it Frysk en hy joech him dêr alhiel yn.

Echte Fries
Seis jier letter is Faltin al aardich ferneamd yn Fryslân. Under de namme Rob du Jardin beklom hy faker as ien en twa kear it poadium by it Fryske songfestival ‘Liet’; hy wûn sels de publykspriis. Boppedat kinne Alvestêdetochtrinners, -fytsers en -reedriders him as de man dy’t op syn trompet Fryske ferskes hearre lit, en dêrmei dy tochten wakker gesellich makket.

Syn sweager Pieter de Vries kin Faltin as in fleurige man. “Hy is altyd yn foar gekkichheid. Hy is ek hiel nijsgjirrich en enerzjyk. Ik haw him wol ris by my op de bank sitten; dan docht hy de eagen al nei in healoerke ticht.”

Untwapenjend
Yn 1969 begûn it allegear; Faltin ferhuze fan it Switserske Genève nei Amsterdam om by fioelist Herman Krebbers yn de lear te gean. Faltin soe hjir eins in jier bliuwe, mar al gau mocht hy oan ’e gong by it Koninklijk Concertgebouworkest. Hjoeddedei wennet Faltin noch altiten yn Amsterdam.

“Yn Amsterdam is eltsenien frij,” seit Faltin. “Jo kinne der dwaan wat jo wolle, yn Switserlân is dat net sa. Ik fielde my ek thús yn Amsterdam, as in fisk yn it wetter.” Faltin hospitearre by in Nederlânske húshâlding. “Sy learden my de taal en troch harren kaam ik yn ’e kunde mei de gewoanten yn dit lân. Sa learde ik hoe’t ik in stikje bôle smarre moast.”

“Doe’t Rob by ús wenjen kaam, feroare hy de wyk. Hy naam it ynisjatyf om de minsken op de buorren by inoar te krijen.” It kommen fan Rob yn syn Amsterdamske wyk stiet buorman Jan de Vries noch by. “En alle froulju wienen fereale op him. Rob hie nammentlik in romantysk Frânsk aksint. Derneist wie hy ienfâldichwei ûntwapenjend.”

Minderheidstaal
Faltins sweager en goeie freon Pieter de Vries neamt ferskate redenen foar Faltins passy foar it ynboargerjen. Faltin syn freondin studearret Frysk, “En as hy in flater makket ferbettert sy him fuortdaliks. Mar harren ferkearing wurket inkeld mar fersterkjend, want ek dêrfoar al wie hy entûsjast oer it Frysk.”

Yn syn memmelân, Switserlân, spruts Faltin in minderheidstaal: it Frânsk. Boppedat binne Faltin syn heit en mem Hongaren dy’t yn Roemeenje opgroeiden. Faltin: “It ferbynt as je yn ien syn memmetaal prate kinne. As ik Frysk tsjin in Fries praat, kriget dyjinge dalik in laits op syn gesicht. Ik fyn it moai om by in lytsere groep te hearen.”

Ambisjeus
Rob Faltin spile fioele fan syn bernetiid ôf. Jan de Vries tinkt dat Faltin syn tradisjonele opfieding him ambisjeus makke hat. “Hy moast bonkehurd wurkje om sa fier te kommen yn de fioelewrâld. Rob wit hoe’t er trochsette moat.”

Troch swierrichheden mei syn gehoar moast Faltin ophâlde mei syn muzikale karrière. Hy studearre psychology, slagge cum laude en joech dêrnei in skoftsje les oan de VU en Nyenrode. Hy folge ek in dieltiidstúdzje sjoernalistyk oan de Hogeschool Utrecht, skreau it boek ‘Plankenkoorts’ en is de lêste jierren dwaande mei Fryske lieten en in tonielstik.

Jan de Vries: “Nei dy problemen mei it gehoar is Rob net minder ambisjeus wurden. Hy hat syn ambysjenivo ferlein. Hy hâldt fan ekstreme útdagings lykas ynboargerje foar hûndert prosint as mear, yn it Frysk.”

Hokjes
“Der sit ek in earnstige kant oan myn fanatike ynboargerjen yn it Frysk,” seit Faltin. “In protte minsken beoardielje my op myn aksint. Oaren freegje inkeld wêrom’t ik Frysk praat. Mar yntusken lette se net op de ynhâld, sy jouwe gjin omtinken oan dat wat ik op dat stuit oan it fertellen bin.”

Troch dat ‘hokjestinken’ is Faltin wolris mei in frustrearre gefoel nei hûs ta kommen fan in feestje. “Dêrom besleat ik om in bytsje de gek te hawwen mei dat hiele ynboargerjen. Mar boppe alles, is it ynboargerjen benammen in grutte hobby.” Seit de Fries fleurich.

 


It Grut Frysk Diktee fan stúdzjeferiening Skanomodu, skreaun troch Rob Faltin, is foar elkenien tagonklik en fynt plak op 14 juni, 19:00. It is yn de kolleezjeseal op de fjirde ferdjipping fan de universiteitsbibleteek Grins, Broerstraat 4. Opjaan kin fia skanomail@skanomodu.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels