In dichter sûnder wurden

ERNST BRUINSMA – 

‘Bernlef, in namme sa Frysk-eigen as ’t mar kin, en hwat lit dy jin allegearre wol net riede. Riede, – wisten wy mar hwat mear, wie der mar hwat fan syn wurk foar ús biwarre bleaun!’ Sa fersuchte in wat al te romantyske Jan Tjittes Piebenga yn syn Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse. Yn it bekende ‘wolkenboek’ oer de Fryske literatuer stiet it wat neutraler, mar wurdt wol praat oer de ‘heldenpoëzie’ fan de Fryske bard Bernlef. Neffens de misjonaris Liudger wie der ein achtste ieu nammentlik in sekere Bernlef dy’t song oer ‘de daden van de voorouders en de oorlogen van de koningen’. Dizze bard soe blyn west hawwe, mar Liudger hat him de eagen wer iepene. Der binne guon dy’t op basis fan dizze gegevens miene dat Bernlef oan it begjin stiet fan wy neame de Fryske literatuer. Ek al is der neat fan dizze teksten fan Bernlef bewarre bleaun.

Mar no is der in Grinzer dichter, Coen Peppelenbos, yn it ferline ûnder oaren in wurdearre kollumnist by de Moanne, dy’t hawwe wol dat dy Bernlef hielendal gjin Fries wie. Ik sitearje earst dit fraaie gedicht fan Coen Peppelenbos:

Warffum zien

Bernlef was drie jaar blind,
zag toen het licht, zei Warffum
werd meer bidder dan bard.

Een dichter zonder woorden
hoort bij deze provincie.

Een dichter getuigt niet;
een goeie dichter is blind,
ziet niets anders dan woorden
in de nacht en als het licht wordt
verdwijnt de tekst, blijft alleen de naam
als hij door een ander genoemd wordt.

En as wie dit noch net genôch om de Friezen op it sear te kommen, yn de taljochting by dit fers goait Peppelenbos der noch in hearlik skepke boppe-op: ‘Er is niets over van zijn poëzie, al schrijven sommigen bepaalde werken aan hem toe. Friesland heeft hem ten onrechte gekaapt als eerste dichter’.

Dit gedicht, mei dy prachtige rigels ‘een dichter zonder woorden / hoort bij deze provincie’ stiet yn it krekt ferskynde bondeltsje Muziek voor twee vrouwen (Philip Elchers, 2012). It boekje is ferskynd as resultaat fan it stipendium dat de provinsje Grins Coen Peppelenbos takend hat, mei as opdracht te skriuwen oer ‘De verdwenen provincie’. Yn dizze lytse poëzybondel skriuwt Peppelenbos oer de foar in part fergetten skiednis fan Grins, al mocht der fan him sels gjin nostalgy yn trochklinke en waard it fia in omwei dochs wer in hiele persoanlike bondel oer tal fan plakken en persoanen dy’t sterk ferbûn binne mei de skiednis fan ‘stad en ommelanden’.

Mei help fan dit Belcampo-stipendium is stadichoan al in hiele moaie rige boekjes ta stân brocht, de jongste edysje oant no ta wie fan Nyk de Vries: Per ongeluk reed ik naar het zuiden. Miskien moatte ús provinsjale amtners oan de Tweebaksmarkt ek efkes sa’n boekje opfreegje? Er gaat niets boven Groningen en dit is it adres om it moaie bondeltsje te bestellen: www.philipelchers.nl.

Sjoch ek: http://coenpeppelenbos.blogspot.nl

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.