Hynder en wein by de útfeart fan Gerrit Breteler
fotografy: Hynder en wein by de útfeart fan Gerrit Breteler

In memoriam: Gerrit Breteler

HYLKE TROMP –

FOAROF

Doe’t de redaksje fan De Moanne my frege om in In Memoriam foar Gerrit Breteler, wiene wy noch op fakânsje. Ik woe net wegerje en yn de hektyk fan it regeljen fan in betider weromreis sei ik ta dat se de taspraak dy’t ik foar it ôfskie skriuwe soe, wol publisearje mochten. Efternei besjoen is dy te persoanlik wurden en te iensidich om rjocht te dwaan oan de betsjutting dy’t Gerrit Breteler foar Fryslân hie. Dêrom lit ik myn bydrage foarôfgean troch in ympresje fan Gerrit syn begraffenis. 

 

IN WITE DO

Woansdei 23 maaie lette de klok oer Nes. By de teatertsjerke stie dy middeis in lange rige folk om ôfskie te nimmen fan Gerrit Breteler. Ut in by de yngong opstelde lûdsprekker klonk sêft muzyk fan Breteler, dy’t spile waard troch in blaasensemble.

Gerrit Breteler wie ferstoarn op Himelfeartsdei. Dochs noch ûnferwachte. Hy wie 68 jier. 

Yn de skimerige teaterromte stie de famylje opsteld om de bliken fan meilibjen yn ûntfangst te nimmen. Op it toaniel stie in swarte kiste mei Gerrit syn fioele derop. In lytse brassband siet fansiden ynmoedich te spyljen. 

Doe’t alle besikers in plak fûn hiene yn de mear as folle romte, waard de middei iepene.

De dochter fan Gerrit en Anke, Anne-Goaitske, fertelde dat se nei it ferstjerren fan har heit hyltyd wite dowen om it hûs hinne sjoen hie. Neikommelingen, tocht se, fan de dowen dy’t se as famke fan tolve loslitten hie yn ‘Oer de seedyk’, in stik fan har heit, dat oan it Waad by Moddergat spile waard.

Doe song de broer fan Anne-Goaitske, Hylke, de oanwêzigen de triennen yn de eagen mei it liet dat Gerrit skreaun hat nei oanlieding fan it ferstjerren fan syn eigen heit, en dat op withoefollle begraffenissen te hearren west hat: ‘Op een dag’. 

Schilder Gerrit Breteler werkt aan zijn derde portret van Gerard Reve, foto: Marcel van Kammen

De beskieden rige fan noege sprekkers waard iepene troch Herman Finkers. Yn in fleurige foardracht helle er oantinkens op oan Gerrit. Der waard in protte lake. Hy hold de oanwêzigen foar dat God nei alle gedachten sa min te sprekken wie oer it byld dat der hjoed-de-dei fan him sketst wurdt, dat er op Himelfeartsdei tocht hie dat it tiid waard en helje in knappe portretskilder nei boppen. En dat moast Gerrit Breteler wêze, dy hie ommers in portret fan Reve makke dat mear op Gerard Reve like as de man sels.

Dêrnei droech Gerrit Haaksma, dy’t tegearre mei Anke Bijlsma hûnderten kearen kafees en doarpshuzen rûnom yn Fryslân platspile hat yn stikken fan Gerrit Breteler, in stikmannich fragminten út ‘Katarsis’ foar dy’t tekenjend wiene foar de krityk dy’t de skriuwer hie op de koartsichtigens fan minsken dy’t der wis fan wiene dat der gjin Skepper bestean koe. Neidat ik it ‘In Memoriam’ útsprutsen hie dat hjir ûnder stiet, gong Geert Mak nuansearre yn op it rike keunstnerskip fan Breteler. Mak sei dat Gerrit gauris teloarsteld west hie oer de offisjele krityk op syn wurk. Dan hie Mak him wiisd op it súkses dat er han hie mei syn foarstellings en him it stille applaus yn it sin brocht, dat opklonk út de ûnwierskynlik hege besikersoantallen. 

Nei’t Anke, flankearre troch har beide bern, ferteld hie oer de lêste oeren fan Gerrit syn libben en de gasten betanke foar harren kommen, waard de oanwêzigen frege Gerrit te earen mei in alderlêst applaus. Doe waard Gerrit útdroegen ûnder de aria Erbarme dich út Bach syn Matthäus Passion.

Bûten skoden de dragers de swarte kiste op in ienfâldige houten boerekarre, dy’t troch in swart hynder nei it hôf riden waard. 

De sinne skynde, de lange rige besikers rûn swijend efter de karre oan. 

De klok liede wer. 

Op in râne fan de tsjerketoer siet in wite do, dy’t it barren fan minút ta minút folge. 

– – – – – – – – – – – –

TASPRAAK

Leave minsken,

Myn ferstoarne broer wie berne op 27 augustus. Hy wie grifformeard opbrocht. Ik wie roomsk. Mar dat hie likegoed oarsom wêze kind, want wy hiene beide oan de iene kant leafde foar it mystearje fan it libben en oan de oare kant dielden wy it besef fan de erflike sûndigens fan it minskdom. As er in soan krigen hie, dan hie dy Hylke hite moatten, want dat wie yn ús famylje de gewoante. Mar doe’t er stoar, hie er gjin bern.

Gerrit wol. 

Ik learde him kennen, doe’t er song op in túnfeest fan Baukje Wytsma. Ik wit net mear hoefolle jier ferlyn, mar it wie op 27 augustus. Dy moarns hie ik mei ús mem blommen brocht op it grêf fan myn broer. Doe’t Gerrit op in stuit sei dat er net wiis like dat er op syn jierdei it iene drôve liet nei it oare siet te sjongen, moást ik nei ôfrin mei him prate.

Letter seach ik dat er oan sy kaaibosk in nijsgjirrich lyts dinkje hie. In miniatuer bakootsje. Ik frege hoe’t er oan dat dinkje kommen wie. Dat wist er net mear, sei er. Doe liet ik him myn kaaibosk sjen. Dêr hong presys sa’n dinkje oan. Ik wist noch wol hoe’t ik dêr oan kommen wie: it hie fan myn broer west. Ik hie it fan syn kaaibosk helle en oan minent bewarre as oantinken.

Gerrit wie der de man net nei om sa’n tafallichheid te litten foar wat it wie. Ik likemin.

Mar hoe’t wy dêr fierder mei oan moasten, wisten wy ek net rjocht. Om’t wy beiden holden fan it wurk fan Gerard Reve, begûnen wy inoarren lange brieven te skriuwen. En dêr setten wy dan ûnder dat alles yn leafde bedoeld wie.

Ik wit noch dat Gerrit yn ien fan syn brieven fertelde dat alle moarnen as er syn kuier makke, op krekt itselde plakje by de dyk in lyts knyntsje op him siet te wachtsjen. Dy oanhinklikens die him wat. Dat fûn er ‘ontroerend’. It hie in pear dagen duorre, skreau Gerrit, ear’t er troch hie dat it knyntsje dea wie.

Doe’t Gerrit en ik mei Jan Dykstra en Oeds Bouwsma de band ‘Neier ta Jo’ foarmen, – de namme wie de ferfrysking fan in boektitel fan Reve, – kaam in ein oan ús briefkjen. Ik begûn lietteksten foar Gerrit te skriuwen. En sa ûntstie ‘It wrâldliet foar alle minsken en foar alle tiden’, in Fryske beriming fan Reve syn gedicht ‘IN UW HANDEN’. Gerrit hat it útbrocht op syn album ‘Lit ús dêrom drinke’. Mar net op de wize ‘Uren, dagen, maanden, jaren’, dêr’t ik it op makke hie. Fan myn ferlet fan iroany woe er neat witte. Hy koe skerp wêze en hy hie in oansteklik gefoel foar humor, mar in liet moast ‘ontroerend’ wêze. Gerrit fûn dat er op syn bêst wie, as er de minsken de triennen yn de eagen sjonge koe.

Yn dat earste liet foar Gerrit sit de rigel: ‘Sa’t er libbe, soe er stjerre’. Treffender kin Gerrit syn ein net karakterisearre wurde. Al hie elts it him noch sa op it hert bûn dat er tenei ‘tuike-tuike’ moast, dat wie syn aard net: Gerrit wie in keunstner dy’t folút libje moast, mei hert en siel. Dy’t him sjongen heard hat, wit hoe wier dat is. 

En oer de krêft fan syn skilderkeunst is gâns mear te sizzen as dat ik hjir dwaan kin. 

Gerrit liet syn wrâld sjen yn it ljocht fan in oare tiid. In tiid dat de Wierheid noch net leafdeleas fêstlein waard yn ûnbegryplike rigen fan nullen en ienen. Wittenskip moast neffens Gerrit de Wierheid oan it ljocht bringe en it paad nei Wiisheid wize. En oars wie it him neat mei neat.

Doe’t wy hearden fan Gerrit syn ferstjerren, wiene wy op Kreta. It wie Himelfeartsdei en dy nachts hat de ierde, suver krekt ûnder it plak dêr’t wy ús ferbliuw hiene, in pear kear ferheftich trille. Ik wol net leauwe dat sa’n tafallichheid in djippere betsjutting hat, mar ik fertel it derby om’t Gerrit it moai fûn hie. En om’t it paste by it berjocht. It kaam oan as in klap.

Sûnt wy yn novimber fernamen dat Gerrit slim siik wie, hiene Gerrit en ik meast alle dagen kontakt han. Doe’t er letter wer wat oansterke, woene wy tegearre oan it wurk. Ik makke wer lietteksten foar him. Op Kreta soe ik Leonard Cohen syn Anthem ferfryskje. Benammen om de rigel: There is a crack in everything. That’s how the light gets in.

Mar op slach hoegde dat net mear. Gerrit is fuort. Sa woe er dat wy it fiele soene. Us bysûndere freon soe net dea wêze, mar ‘fuort’.

En dochs wit ik dat er bliuwt. Hy sil der altyd wêze. Net as it lytse knyntsje op syn fêste plakje by de dyk, mar alle kearen dat ik de wrâld skylk sjoch yn it ljocht fan myn wonderlike broer: ‘ontroerd’ en yn leafde.

Comments
7 reaksjes oan “In memoriam: Gerrit Breteler”
  1. Anita Mulder schreef:

    Wat een prachtig in memoriam. Ontroerend mooi.

  2. Jeroen Deen schreef:

    Hiel moai. Dit rekket. Tank.

  3. Yne de Groot schreef:

    Hjir krij ik de triennen fan yn’e eagen. Wat prachtich skreaun. We ha sa genoaten fan syn moaie stikken en it spyljen fan Anke en Gerrit. Spytich dat we no sa’n talentvol minske misse moatte. Sterkte foar jim allegear.

  4. Griet schreef:

    Wat in pracht fan in nei tinken oan Gerrit.

    Triennen yn’e eagen bûsdoek al yn e oanslach

    Rest seft jong.

  5. Koba Makkinga schreef:

    Tige tank foar dizze prachtige In Nei Tinken. Triennen yn myn eagen. Ik sil him tige misse!

  6. Renske schreef:

    Wat prachtig skriuwn en in gemis foar us Friezen en Fryslân ♥️

  7. Catharina Brandsma-Zijnstra schreef:

    Wat een bijzonder mooi afscheid van een héél bijzonder mens
    Het moet voor alle nabestaanden een grote klap zijn geweest. Het vreemde was dat ik zelf er pas veel later van hoorde, ook door eigen ziekte e.d.
    Was een groot bewonderaarster van Gerrit Breteler.
    Denk aan zijn nabestaanden en wens hen sterkte.
    Het gemis blijft. Ik draai zijn muziek. Geniet ervan. Heb meteen maar 2 besteld en mijn schoonzusje 1 gegeven.
    Het is de generatie die alles streemed of zo, maar ik weet hoe het is als je alleen achter blijft en je man zelfstandige was dus geen uitkering. Dat is best zwaar.
    Liefs
    Catharina als

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.