Ik stean jo goemoarn te sizzen

BOUKE SLOFSTRA –

‘Ik wurkje noch eefkes troch, mar aanst sille wy te reedriden.’ Dy sin is geef Afûk-frysk. Yn ‘e sprektaal wurdt dat al gau: ‘ik bliuw noch eefkes wurkje(n), mar aanst geane wy reedride(n)’. Dy sin is oerset Hollânsk. Je kinne yn geef Frysk ommers wol ‘sitten bliuwe’, mar net ‘wurkje(n) bliuwe’. It feit dat sokke ynslûpsels har plak yn ‘e Fryske sprektaal fûn ha, hoeft jin net te fernuverjen, want je kinne op dy wize mei in bytsje wurden (gaan te, blijven te) in soad sizze oer it tiidsferrin fan ien en oar. Yn it Hollânsk ha dy wurdkombinaasjes ommers har letterlike betsjutting (fan ‘earne hinne gean’ en ‘op in plak bliuwe’) ferlern, dat se binne suvere aspektuële helptiidwurden wurden (sa’t dat sa moai hjit).

‘Wy sitte te iten’ en ‘wy steane te praten’ is wol geef en gewoan Frysk. It iennichste betingst is dan wol dat wy by dy gelegenheid sittend ite en steand prate, krekt sa’t wy ek letterlik op itselde plak ‘bliuwe’ as wy ‘sitten bliuwe’. Wat my lêstendeis opfoel, is dat dy gefallen fan sitte te en stean te yn it Frysk net allinnich hiel gewoan binne, mar ek hiel âld. En dat hat konsekwinsjes dy’t je net fermoedzje soene.

Yn 1777 wurdt Feike Hiddes van der Ploeg syn toanielstik Mayke Jakkeles printe. De haadpersoan wol graach de yntocht fan Prins Willem de Fyfte yn Ljouwert belibje. Se komt op har paad in reizgjende Joad tsjin. Hik stae je goeje Margen te zeggen, jonge Vrauw! Sa begjint de Joad in petear, dêr’t er besiket om Mayke op ‘e tok te hâlden en saken mei har te dwaan. De Joad praat in stereotyp taaltsje sa’t Joaden dat doedestiids yn toanielstikken diene (mar yn werklikheid net, of justjes oars). Hy seit bygelyks hik eb as er ik heb bedoeld, en margen yn pleats fan morgen. Oer dat sabeare Joadske praat yn Hollânske en Fryske toanielstikken is al in soad skreaun.

Dit oerstallige ‘staan te’ is ek sa’n skaaimerk fan sabeare Joadsk Nederlânsk. Dat it oerstallich brûkt wurdt, hat fansels in humoristyske bedoeling (ik kom dêr aansten op werom). It nuveraardige fan dit ‘staan te’ is lykwols dat it net in dúdlik Joadsk komôf hat. Nei alle gedachten is it ek net spesifyk Joadsk, mar mear yn it algemien Amsterdammer sprektaal. Sabeare Joadsk is ommers yn it foarste plak sabeare ‘Jodenhoeks’.

By it skriuwen fan myn stik oer ‘fiktyf Joadsk etnolekt’ hie ik my ôffrege at de Fryske lêzer de grap by Van der Ploeg wol begripe soe. Ik frege my sels ôf at Van der Ploeg mei opset sin deselde grap makke hie dy’t ik der yn lies. Dat wie wat ûnnoazel fan my. De Taaldatabank fan de Fryske Akademy jout foarbylden by de rûs fan stean te en sitte te foar 1800.[5] Yn 1609 komme wy bygelyks yn de klucht Wouter en Tsjalle al ‘in stik iten’ tsjin, en ‘dêr siet ik op te biten’. En yn itselde stik stiet ek: ‘hja sieten dêr te smoken’.  Yn in ferske út 1777 wurdt sein dat mannichien himsels yn ‘e wei stiet omdat er hieltyd ‘sit te protten (kleien)’. Dat ferske is by gelegenheid fan de yntocht fan Prins Willem de Fyfte yn Ljouwert skreaun. Dat is krekt deselde yntocht dêr’t Mayke Jakkeles hinne soe!

De kombinaasje stean te is like âld en algemien as sitte te. Yn 1701 fine wy dat al yn de klucht Waatze Gribberts Brulloft. Hy hat der syn nocht fan om ‘der langir to stæn to gapjen’. En yn de fyfte psalm fan Jan Althuysen (1755) stiet: har tonge flaaiket om moai te skinen, mar stiet te slinen. En sa binne der noch folle mear foarbylden yn de Taaldatabank.

Dizze foarbylden út de Taaldatabank bewize twa dingen. Yn it foarste plak blykt dat ‘stean te’ op himsels hielendal net spesifyk Joadsk te wêzen, sa’t de gelearden al tochten. It is yn de achttjinde iuw al net iens spesifyk Amsterdamsk (mear) en it is blykber (ek) yn Fryslân húsriem wurden.

It twadde punt is de grap. It is net spesifyk Joadsk om te sizzen fan ‘ik sta te’, mar it is wol spesifyk sabeare Jodsk om dat op in oerstallige wize te dwaan. ‘Ik stean jo goemoarn te sizzen’ is nuver. As immen in oar goemoarn tawinsket, dan docht er wat er seit. De útspraak (dat wol sizze: ‘goemoarn’) en de hanneling (dat wol sizze: it groetsjen) binne ien en itselde ding. Yn sa’n gefal is ‘ik winskje jo goemoarn’ in grammatikale sin, mar ‘ik stean jo goemoarn te sizzen’ hielendal net.[9] Je kinne net ‘dwaande wêze’ mei wat je no krekt yn in eachwink dogge troch it te sizzen. Van der Ploeg moat dy grap sa bedoeld ha en de Fryske lêzer fan 1777 moat de grap begrepen ha.

It is fansels altyd better om in grap net út te lizzen, mar yn dit gefal koe ik net oars.

Bouke Slofstra studearre taalwittenskip en Latyn & Gryks; hat by de Fryske Akademy wurke en it ien en oar oer Fryske taalwittenskip, literatuer en Halbertsma publisearre.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.