‘Ik bin gewoan sljocht op bijen!’

Publisearre op 14 februari 2020

HOUKJE RYPSTRA – 

Ambassadeur fan De Kruidhof yn Bûtenpost, koördinator behear by Natuurmonumenten op Skiermuontseach (‘sis mar boskwachter’), projektdirekteur B-Rapsody, trouamtner en brânwacht… dat allegear soe Jan Willem Zwart op syn kaartsje sette kinne. In drok beset man mei in passy foar bioferskaat yn al syn fasetten. Mar wat driuwt him dêryn?

Hortus De Kruidhof, of better sein De Tún fan Fryslân, is in moai stikje âlder as Jan Willem Zwart. Yn de jierren tritich is De Kruidhof ûntstien as in soarte fan proeftún om de earme Wâldsjers yn krisistiid te learen hoe’t se harren eigen iten ferbouwe koene. It ûntjoech him stadichoan rjochting in krûdetún, dy’t sa’n kwaliteit levere, dat de universiteit fan Grins in goeie ôfnimmer waard. Mar altyd bleau it in stee dêr’t minsken dy’t wat help nedich hawwe om oan it wurk te kommen, in plakje fine.

 

Ik koe ek wol janke doe’t ik begjin dit jier op it strân fan Skier stie en seach wat de ramp mei de MSC Zoe dien hie …

 

Wurkleazensprojekten
Yn de jierren santich naam de gemeente Achtkarspelen it gehiel oer, benammen ek om hjir reyntegraasjetrajekten plakfine te litten. ‘Je kinne oan de tún moai sjen dat it net op ’e tekentafel ûntstien is, mar fanút wurkleazensprojekten en dat makket it bytiden ek hiel ferrassend’, jout Jan Willem Zwart oan. ‘Sa binne oeral hagen oanlein en is der op in stuit in kas kommen om minsken ek yn it winterskoft oan wurk te helpen. Of de ferhege bakken, sadat ek minsken mei in beheining dermei omgean kinne. En we binne noch altyd wiis mei de minsken dy’t by ús komme yn it ramt fan in taakstraf: dêr sitte faak tige handige lju by en dat past ús wol.’

Jan Willem Zwart waard yn 2006 frege om nije doelgroepen foar De Kruidhof te finen en tegearre mei Karin Hoogterp slagge dat foar wûnder: ‘We rekken echt yn in flow en seagen hjir hieltyd mear húshâldingen mei bern del kommen. Minsken dy’t bewust libje en dat ek oan de bern oerdrage wolle: hiel moai om te sjen!’ Der ûntstie in bysûnder plak, net allinnich troch de unike tún en kolleksje, mar ek troch de sterke Frysktalige ynslach. ‘Sa steane de nammen fan de planten der ek yn it Frysk by. En we krigen romte om wat mei typysk Wâldske saken lykas duvelbanners en wûnderdokters te dwaan: in eksposysje en workshops oer natuerlike genêsmiddels bygelyks’, fertelt Zwart. It Iistidemuseum kaam derby ûnder itselde dak en beide musea sykje no nei mear ferbining mei elkoar, om in folslein deiprogramma en mooglik sels jierprogramma te bieden.

 

Bioferskaat en bijen
Yn it proses rjochting Kulturele Haadstêd 2018 kaam de klam mear te lizzen op bioferskaat en bijen. Dat begûn mei in fyzje op de takomst fan De Kruidhof, dy’t yn opdracht fan Achtkarspelen makke waard yn 2013: rjochtsje op in breder publyk, sûn iten, en der moast nijbou komme. Ek kaam it advys ta it ferselsstannigjen op it aljemint, mar dat trajekt stiet op it stuit op in leech pitsje. Doel is no om De Kruidhof by de gemeente te hâlden, mar wol yn gearwurking mei de Maatschappelijke Onderneming Achtkarspelen (MOA), dêr’t minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk begelaat wurde.

‘It meast bysûndere advys wie doedestiids wol dat we ynsette moasten op it behâld fan de bij en mei in projektplan oangeande “Silence of the Bees” yn it bidbook foar Kulturele Haadstêd komme moasten’, seit Zwart. ‘Mar der wie gjin plan en al hielendal gjin jild.’ Hoewol’t Zwart al langer in natuerminske is, waard hy – mei in hiele protte oaren – pas echt ûngerêst oer de soarchlike tastân fan de bijen troch in Dútsk ûndersyk dat oantoande dat yn Noard-Dútslân en Nederlân 70 prosint minder ynsekten wiene as earder. ‘En dat wylst bijen wichtich binne foar alle libben: heech tiid dus foar bewustwurding oangeande it belang fan bioferskaat en bijen!’

Der kaam in plan ‘Silence of the Bees’, dat mei Kening fan ’e Greide en fiskmigraasje it biodiversiteitsdiel fan Kulturele Haadstêd foarmje soe. Ta grutte frustraasje fan Jan Willem Zwart waard der lykwols yn 2016 troch doetiidsk direkteur Lieven Bertels fanút Kulturele Haadstêd in hurde streek troch it plan set. Obsternaat: ‘De man sei: “Bijen krijgen al genoeg aandacht.” Ik wie dûm!’

 

Trochstart
Aldergelokst waard der trochsetten en kaam Jan Willem van Kruyssen yn byld. In ûnôfhinklik adviseur dy’t der mei foar soarge dat it projekt wer oppakt wurde koe. Mei jild fan de Eems Dollard Regio, wêrtroch’t yn alle gefallen oant 2021 fierder wurke wurde kin yn it ynterregionale projekt B-RAP(sody). Dat bart no yn ’e mande mei Hegeskoalle Van Hall Larenstein, de botanyske tún yn Oldenburg, Ökowerk Emden en Bourtanger Moor. Zwart is wiis mei de romte dy’t der no kommen is om de bewustwurding oangeande it belang fan bijen troch te setten: ‘Mar eins binne we dat al wat foarby, it giet der no om de ferwûndering oer te bringen oer it hâlden en dragen fan in koloanje bijen en wat minsken sels dwaan kinne om bijen de romte te jaan.’

Benammen it ôfsluten fan saneamde ‘Bijenpacts’ wurket goed: yntusken ha tsientallen bedriuwen en organisaasjes har dêroan ferbûn. Se meitsje ôfspraken oer de wize wêrop’t yn it belied en de bedriuwsfiering rekken hâlden wurde sil mei bioferskaat en bijen. Jan Willem Zwart is entûsjast oer wat er ûntstean sjocht: ‘Bygelyks Omrin is hiel goed dwaande, ik soe harren in foarbyld foar in protte oaren neame wolle. Sa is op harren bedriuwsterreinen romte foar flinter- en bijetunen, binne der ynsektehotels, flinterhopovers en faunapassaazjes.’

 

Feroaring
‘We wolle feroaring en der is ek echt in feroaring geande. Hjir yn Bûtenpost bygelyks binne ferskate buerten yn aksje kaam om it bioferskaat te fergrutsjen troch fleurige blommemingsels te siedzjen. Gemeenten soargje foar kleurige bermen mei in protte ferskillende blommen, al is it betiden noch wol wat sykjen nei streekeigen planten.’ De kennis dêroer moat noch grutter en dêrfoar is immen lykas Arjen Strijkstra, dy’t as kennismakeler fanút Van Hall Larenstein dêrmei dwaande is, tige belangryk.

En de ‘Bijenpacts’ binne wat Zwart oanbelanget in gouden set: ‘Want dêrmei wurdt it fêstlein yn belied. Wat ik ek fantastysk fyn, is dat de provinsje in 1%-regeling by alle projekten ha wol foar ynvestearringen yn biodiversiteit. En de inisjativen fanút de boerekollektiven lykas Waadrâne, ja, ik sjoch echt in protte moaie dingen ûntstean.’

 

Bubbel?
Fansels: net elkenien is derfan oertsjûge dat it oars moat en Zwart sjocht dat mar al te goed: ‘Ik realisearje my foaral dat ik wat yn in bubbel sit as ik by de brânwacht bin. By in protte minsken is noch net folle besef fan duorsumens en wat je sels dwaan kinne. Ik fyn it lykwols in útdaging om dy groep ek mei te krijen.’

Wat driuwt Jan Willem Zwart om mei safolle passy op te kommen foar natuer en miljeu? Hy moat efkes neitinke: ‘Tsja, ik bin gewoan sljocht op bijen, bin al hiel lang bijehâlder. Op in simmerjûn kin ik skoften njonken de bijekasten sitte en sjen hoe’t it spul omfljocht. Dat jout my safolle foldwaning.’ De echte wake-up call kaam lykwols yn 2017, doe’t de ferneamde Britske heechlearaar Dave Goulson in lêzing joech yn De Kruidhof. ‘It belang fan it behâld fan wylde bijen en de faasje wêrmei’t it de ferkearde kant útgiet, dat kaam doe wol hurd binnen’, jout Zwart oan. ‘Mar ik koe ek wol janke doe’t ik begjin dit jier op it strân fan Skier stie en seach wat de ramp mei de MSC Zoe dien hie… Dêrnei besocht ik ek myn persoanlike libben oan te passen: der is sûnt dy tiid bygelyks gjin sjippefleske mear ynkommen.’

‘Fansels doch ik it ek foar de folgjende generaasje, al tink ik wolris: mar wa bin ik dan? Wat ik dwaan kin, is myn ynfloed brûke om minsken de wûndere wrâld fan de bijen sjen te litten.’

 

Green Capital 2025
Hoewol’t der alle reden is foar soarch, wol Jan Willem Zwart net negatyf wêze oer de takomst. ‘Der is yn in relatyf koart skoftke tiid in protte bard en saken binne fûneminteel feroare yn it tinken fan minsken. Ik sjoch de boargerinisjativen, de boerekollektiven en de oerheden dy’t har ynsette. It giet faak oer bioferskaat en it belang fan de bijen, sawol de folken as de solitêre bijen.’

Koartlyn krige ‘Beespoke’, it ferfolch op ‘Silence of the Bees’, 4,1 miljoen oan Europeeske subsydzje. Oerheden, ûnderwiis, lânbou en de griensektor yn Nederlân, België, Dútslân, Denemarken, Sweden en Ingelân wurkje dêryn gear om it belang fan wylde ynsekten foar it bestowen fan it gewaaks dúdlik te meitsjen. Yn Nederlân sil sjoen wurde nei pompoen, koalsied en spinaazje. Benammen foar edukaasje is dat fiifjierrige projekt fan grut belang.

Yn de krekt ferskynde ferfolchplannen op Kulturele Haadstêd rjochting 2028 is in foarnaam plak ynromme foar it stribjen om fan Ljouwert-Fryslân yn 2025 ‘Green Capital’ fan Europa te meitsjen. Jan Willem Zwart: ‘Sokke projekten bin ik fansels tige bliid mei, want dat past krekt yn wêr’t wy mei dwaande binne. Der lizze safolle kânsen en de feroaring yn tinken is wier ynsetten.’

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels