(III) Ferwûndering en ferûntrêsting – Griet Westra dichtet by Kor Onclin
Publisearre op 8 april 2022
Fan 6 maart oant 5 maaie is de tentoanstelling ‘Verwondering en Verontrusting’ yn Obe oan it Aldehoustertsjerhôf yn Ljouwert. Kinst der in seleksje út it wurk fan de Ljouwerter byldzjend keunstner Kor Onclin (1918-2003) besjen.
Ferskate dichters fan RIXT giene yn op de útnûging om poëzy by wurk fan Onclin te skriuwen. Dy gedichten waarden foardroegen op in literêre jûn op freed 1 april yn Obe. De kommende tiid publisearje wy de gedichten mei foto’s fan de skilderijen dêr’t se by skreaun binne.
Hjoed in haiku yn trije talen fan Griet Westra. De gearstallers fan de tentoanstelling hawwe it gedicht opnommen yn de tentoanstelling.
FIELST DY SÛNDER SIEL
SA BLAU, DYN WRÂLD SA READ RAU
DO RINST DWERS TROCH MY
EEN GAT IN JE ZIEL
ZO BLAUW, JE WERELD ROODRAUW
JIJ GAAT DWARS DOOR MIJ
A HOLE IN YOUR SOUL
SO BLUE, YOU’RE WORLD’S REDDISH RAW
YOU WALK RIGHT THROUGH ME
© Griet Westra #multilingual #haikus
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Byldzjende keunst,Essay
YME KUIPER - ‘Een portret kan groot zijn, grooter dan de oneindige lucht, grooter dan de heerlijkste buitendag, het portret toch kan het leven, de [...]
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Byldzjende keunst,kultuerbelied,Ynterview
GRYT VAN DUINEN - Yn 1997 makke Oeds Westerhof (37) as direkteur fan Keunstwurk syn entree yn de Fryske kultuer. Foar fiif jier woe er [...]