Kor Onclin, Blauwe regenboom
fotografy: Kor Onclin, Blauwe regenboom

(II) Ferwûndering en ferûntrêsting – Edwin de Groot dichtet by Kor Onclin

Fan 6 maart oant 5 maaie is de tentoanstelling ‘Verwondering en Verontrusting’ yn Obe oan it Aldehoustertsjerhôf yn Ljouwert. Kinst der in seleksje út it wurk fan de Ljouwerter byldzjend keunstner Kor Onclin (1918-2003) besjen.

Ferskate dichters fan RIXT giene yn op de útnûging om poëzy by wurk fan Onclin te skriuwen. Dy gedichten waarden foardroegen op in literêre jûn op freed 1 april yn Obe. De kommende tiid publisearje wy de gedichten mei foto’s fan de skilderijen dêr’t se by skreaun binne.

Hjoed it gedicht ‘By in blauwereinbeam en in reinbôge’, dat Edwin de Groot skreau by it wurk ‘Blauwe regenboom’.
De gearstallers fan de tentoanstelling hawwe it gedicht opnommen yn de tentoanstelling.

Klik op de ôfbylding om it gedicht te lêzen.

Edwin de Groot - Onclingedicht kopie

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.