Ier bie oes

Publisearre op 7 juni 2015

Achte hear Callens,

Sa no en dan oerkomt it je samar ynienen: smoarferlyfd wurde op in lietsje. Sa’n juwieltsje dat al jierrenlang earne yn in fitrine lei te pronkjen, mar do wiest der mei dyn suffe holle hieltyd oan foarbyrûn, oant immen it dy oantsjutte. My oerkaam dat fan’t maitiid, doe’t ik samar ynienen yn de kunde kaam mei it prachtige ferske ‘Ier bie oes‘. Hjir by ús. Fan in Westflaamske band, mei de wûnderlike namme ‘Het Zesde Metaal’. In werklik pracht fan in nûmer, mei in apokalyptyske tekst dy’t de romantyk ferslynt as in foks in skriezepykje.

Jo sille it lietsje grif kenne, want jo binne Flaming. En ja, de Ljouwerter Krante skreau it fannewike al: der giet in Flaamske Strûzer troch ús provinsje. Mei de komst fan Lieven Bertels en Tim Vermeulen yn de KH-stâl en jo entree yn it Fries Museum ha wy yn koarte tiid de takomst fan ús materiële en immateriële kultuer foar in flink part yn jim hannen lein. Dat is nuver.

 

Oan de iene kant stean de pompeblêd-fetisjisten. Sy bewijrikje kritykleas alles dêr’t de geur fan skûtsjes, iepenloftspullen of Piter Wilkens oan hinget. Dêr rjochttsjinoer stean de lju dy’t alles wat hjir betocht en makke wurdt per definysje konservatyf en achterlik fine, domwei omdat it út Fryslân komt en dus noait wat wêze kin.

 

Kultuer yn Fryslân, dat is trouwens alhiel wat nuvers. Ik sil jo eefkes koart byprate. Wy hawwe hjir rûchwei twa kategorieën leafhawwers. Oan de iene kant stean de pompeblêd-fetisjisten. Sy bewijrikje kritykleas alles dêr’t de geur fan skûtsjes, iepenloftspullen of Piter Wilkens oan hinget. Dêr rjochttsjinoer stean de lju dy’t alles wat hjir betocht en makke wurdt per definysje konservatyf en achterlik fine, domwei omdat it út Fryslân komt en dus noait wat wêze kin.

It moaie fan jo foargonger wie dat sy dy twa wrâlden knap mei elkoar wist te ferbinen. Dat is nochal unyk, en dus in grutte prestaasje. En de foargongers fan Bertels, dy’t it KH-bidbook skreaunen en de boaiem leinen foar Ljouwert 2018, wisten al krekt like knap ús erfguod te ferflechtsjen mei de takomst. En sa waarden de Blokhúspoarte en it Saailân ynienen de twa tsjillen ûnder ús kulturele fyts op wei nei moarn.

No komme jo út it lân fan de hurdfyters, dus as der ien minskesoart is dy’t wit hoe’t je op twa tsjillen foarút komme kinne, binne jim dat. Mar dat is in flauwe ferliking. It geheim sit fansels yn jim beskiedenheid. Yn jim oanwenst om jim ynearsten de mindere te fielen, en dêrútwei te sykjen nei jim plakje yn de wrâld. Gjin hege tuorren opsykje om fanôf te blazen, mar fanút de fette klaai om jin hinne sjen en kalm beoardiele wat der ta docht yn it libben. Dêrom is de Flaamske literatuer sa prachtich, dêrom komt der safolle moaie muzyk út jim lân, dêrom hinget der op dit stuit yn jo en ús museum in moaie tentoanstelling fan in Flaamske fotograaf. It hat allegear de sfear fan sâlte wyn en in wetterich sintsje. En dat jout de moaiste kleuren.

Dêr herkenne wy ús yn. Mar op de iene of oare manier binne jim der yn Flaanderen better as ús yn slagge om mei dy siel yn jim bealch de boer op te gean, de wrâld yn. It lukt jim om oare minsken mei te nimmen yn jim romantyk, yn jim leafde foar in libben yn de perifery. Miskien komt dat omdat jim taal krekt wat begrypliker is foar Hollanners as uzes, miskien omdat jim streek krekt wat grutter is as uzes, miskien omdat jim hâlding krekt wat iepener of ûnôfhinkliker is as uzes – ik wit it net. Mar wy kinne fan jim lere.

Ja, it is nuver om ús lot sa yn hannen te lizzen fan in pear bûtenlanners. Mar as der ien folkje is dat we dat wol tafertrouwe, binne jim dat. Hjir by ús. Ier bie oes.

 

Bart Kingma

 

De kollum fan Bart Kingma is ek werom te lústerjen fia de webside fan Buro de Vries op OmropFryslan.nl.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]