Iepenloftspul Wergea: Sywart, de soap

EELCO VENEMA – 

Yn in lytst Frysk terpdoarpke, fan it soart dat wy sa goed kenne, wennet in jongkeardel mei de namme Sywart. Alles om him hinne liket o-sa gewoan, mar de minsken, de huzen, de winkels en it tsjerkje binne allegear nep. Sywart is it middelpunt fan in grutte real-life soap. De ‘Truman show’, in film mei Jim Carrey yn de haadrol, is nei it Fryske plattelân lutsen.

Yndertiid – we prate oer ein jierren njoggentich – kaam it fenomeen real-life soaps opsetten. Big Brother makke fan John de Mol in ryk man, want oer de hiele wrâld waard syn konsept mega-populêr. It wie de ynspiraasje om dizze film te meitsjen. En it reslutaat mocht der seker wêze.

Op it hichtepunt fan it genre, wie der op elk tv-net wol in soarte fan real-life-soap te sjen. Ozzy Osbourne, de Volendamse haringsoap en it ferskrikkelik banale Gouden Kooi, om mar in pear te neamen. De stoarm duorre in pear jier foar’t it idee útmolken wie en de minsken harren ynteresse ferlearnen.

Mar Big Brother is werom, and watching, yn Wergea, dêr’t Theo Smedes de rezjy hat oer de mediashow rûnom de earme Sywart. En it skynt dat foar in tal kear publyk talitten wurdt om dielgenoat te wurden fan Sywart’s libben yn dat lytse skattige terpdoarpke.

 

Sywart, de soap is te sjen yn Wergea op 12, 14, 15, 18, 20 en 21 juny. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.