Iepen dei Tresoar

mmbase-imageTresoar bestiet yn 2012 tsien jier. Troch it  jier hinne hawwe der ferskate grutte en lytse aktiviteiten west om it jubileum te fieren. Ofsluter fan it jier is in iepen dei. Tresoar wol dan graach oan elk sjen litte wat Tresoar is, wat Tresoar docht en wat Tresoar hat.

Meiwurkers fan Tresoar fertelle yn koarte lêzings oer in ûnderwerp dêr’t sy in protte fan witte. Oaren bringe de besikers troch de kelders fan Tresoar, dêr’t ûnderweis nijsgjirrige treffens binne. It is ek mooglik om sa mar ris in kantoar binnen te stappen en de meiwurker dy’t dêr wurket te freegjen wat hy/sy docht.

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.