Hillich! Hillich! Hillich! Hillich! Hillich! Hillich!

Publisearre op 10 april 2020

ARJAN HUT – 

Yn de film ‘Midnight in Paris’ fantasearret senarioskriuwer Gil oer it libben yn de jierren 1920, dy’t romantysker en spannender binne as it no. As er troch in wûnder op in nacht  yn syn favorite tiidrek werklik oanskowe kin by Hemmingway en Picasso, fernimt er dat mankelikens fan alle tiden is. Picasso en Hemmingway mimerje oer de jierren 1880! Noflik mimerje en fantasearje oer eardere tiden is fansels neat mis mei, mar men moat der dochs net yn stekken bliuwe. Dat giet ek foar dichters op … de poète maudit úthingje … of beatdichterke boartsje … it libben is tsjintwurdich spannend genôch!

 

‘… en wa’t de orizjinelen loslit, dy hat oan ‘Eigentrieds’ in meinimmende bondel. In nije taal, in nij libben.’

 

Lubbert Jan de Vries presintearre earder fan’t jier ‘Eigentrieds’, in bondel fan 150 siden mei in oersjoch fan Amerikaanske Outlaw – en Beatpoëzij. De titel sit wat fan eigenwiis èn eigentiidsk yn. It gefaar by sa’n oersjoch soe wêze kinne dat de nostalgy jin om de earen klapt. De Vries wit dat te omsilen troch in seleksje fan dichters en gedichten te meitsjen dy’t dan wol begjint by de goeie âlde Walt Whitman (earder ek ferfryske troch Tsjêbbe Hettinga), mar trochgiet nei it no, mei dichters as Jenny Xie en Paul Tran. Fan alle skriuwers stiet achteryn in koarte biografy mei in bibliografy. Fan Tran, berne yn 1992, stiet der inkeld in webside. Tekens fan de tiid. Dochs binne de nammen allegear op ien as oare wize werom te fieren nei Whitman, al as net fia dy oare stamheit fan de Amerikaanske poetyske frijheid, Allen Ginsberg.

De gedichten binne oerset út it Ingelsk. Utsoarte net de dreechste taal foar Friezen, en in soad fan ús sille de fersen yn de orizjinele taal ek aardich begripe kinne. Miskien noch wol better as yn it Frysk? Ingelsk is yn alle gefallen sa dominant oanwêzich yn it publike libben, dat jins eigen taal somtiden útwrydsker klinkt, en sa komt it faaks dat de teksten fan Whitmen of Ginsberg, mar ek Jim Morrison en Patti Smith (guon fan de bekendere nammen) apartich binne yn it Frysk. ‘Liet fan it iepen paad’? Sis mar ‘Song of the open road’! Dochs went it Frysk, al nei in side as wat, en wa’t de orizjinelen loslit, dy hat oan ‘Eigentrieds’ in meinimmende bondel. In nije taal, in nij libben.

De Vries skriuwt mei in Wâldfryske tongfal, ‘dû’ en ‘rûmte’, en is eigenwiis as de stereotype Wâldpyk yn syn oanpak. ‘Liet fan it iepen paad’ lêst as in trein, it komt ta libben, de tekst sjit ûnder dyn eagen troch, wylst yn dyn holle in hiel nij bestean ferskynd. Net alle dielen (it is in mânsk epos) binne folslein oerset, hjir en dêr stiet in gearfetting. Ek letter yn de bondel wurde gedichten ‘redigearre’, troch stikken gear te fetsjen of yn te koartsjen. Net al te faak fansels.

Ut en troch wurde gedichten nei in Fryskere sitewaasje oerset, yn ‘De Fingers fan Patti Smith’ (Steve Dalachinski, 2002) rint in Janny (‘Jane’) foarby, dy’t nei Tiede (‘Ted’) freget. Lang net alles wurdt sa omtaald, fan ‘Howl’ (1955) bygelyks hat De Vries de titel sels yn de oarspronklike taal litten. It wie mei dizze tekst dat it oersettersaventoer begûn foar de gearstaller, en de wurdwetterfal fan de ferneamde beatdichter mei syn klassike iepeningssin ‘Ik seach de knapste koppen fan myn generaasje ferwoaste’. In wurk dat útsoarte op in poadium thúsheart, lûdop klinke moat. ‘Hillich! Hillich! Hillich! Hillich! Hillich! Hillich! (etc)’ Mei de beatdichters mjuksten Amerikaanske muzyk (jazz & rock & roll) en literatuer har wat langer wat mear trochinoar hinne. Fierderop yn de bondel treffe we Morrison en Smith, bekender as sjonger en muzikant, mei har teksten, diskear sûnder muzyk. Dan ûntbrekt der dochs wat, benammen Morrison (hy waard ek mar 27) falt op papier en yn it Frysk ôf. De hagedissekening hie noch in (iepen) paad te gean sis mar, dochs wiist er mei ‘In man harket blêden’ (1971) as in soarte fan stamâldste op de rook fan begjinnende stilstân.

In man harket blêden
by inoar op syn hiem, op in bult,
& hinget op syn harke & stekt
folslein de brân deryn.
De rook follet it wâld
bern bliuwe stean & de lucht dy’t
harren oandacht lûkt, sil oer in tal
jierren nostalgy wêze.
 
Tsja, eartiids wie alles better. Hjoeddei soe men net mear blêden brâne kinne yn it wâld fanwege de ynferno’s dy’t it yn ús hite simmers feroarsaakje kin. En bûten wêze, och brek my de bek net iepen. Gelokkich mei men yn poëzij noch frij reizgje. ‘Swilet’ hie yn de earste rigel trouwens moaier west as ‘harke’, fyn ik.

Opfallend is it grut ferskaat oan stilen dat foarbykomt. Fan de ferwachte wurdstreamen fol herhelling en útroptekens (Ginsberg) oant lytse, dreamlogyske miniatueren (Jack Spicer), fan proaza-achtige passaazjes (Paul Tran) oant abstrakte eksperiminten (Peter Gizzi). Der wurdt net allinne spontaan dien, of brutsen mei it ferline, of ôfstân nommen fan de kliber. Guon teksten sitte jierren fan tinken, skrassen en besykjen yn. Respekt foar eardere generaasjes komt by meardere dichters werom, en ek De Vries sels fertelt yn syn foaropwurd oer syn heit en it trochjaan fan de leafde foar taal en lêzen en tinken. In soad fan de poetyske bûtensteanders wisten mekoar dochs te finen, te begripen. Sy foarmen nije, kreative mienskippen. Oer ferrassend sprutsen, ‘Houlik’ (1960), fan Gregory Corso, mei wat fantasy en in kleurich piltsje, hie Annie MG Schmidt dit ek skriuwe kind. Mei Jennie Xie (berne yn Sina) en Paul Tran (bern fan Fjetnameeske flechtlingen) krûpe we út de jazzkelders en plakkerich hite binnenstêden wei, sy soargje foar farske yngrediïnten yn de âlde ‘melting pot’. Ik ha derfan genoaten om wurk fan ûnder oaren Spicer, Reed en Xie te ûntdekken.

Dizze bondel is minder geskikt foar puristen, kommaneukers en fêste-foarmprigelders. Fansels steane der skitterjende rigels yn, mar moaiskriuwerij liket hjir nearne it doel. Somtiden skeukt it tsjin ‘spoken word’ oan, mar de teksten bliuwe solide, kinne it papier ‘oan’. ‘Eigentrieds’ is in aventoer foar lêzers, foaral, mar net inkeld, dejingen dy’t nijsgjirrich binne nei de frije, iepen poëzij fan de oare kant fan de grutte oseaan. De Vries hat in boeiende seleksje makke, dy yn de geast fan de ûnhillige foarbylden oerset. Yn Jelle Post trof er dêrby in foarmjouwer dy’t it hielendal begrepen hat: de bondel sjocht der fantastysk út, leit lekker yn de hân en nûget út ta it meitsjen fan oantekenings, finkjes, slanters en wat al net mear.

 

Eigentrieds, Amerikaanske Outlaw- en Beatpoëzij, Lubbert Jan De Vries, útjouwerij Hispel

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels